HIRDRYDERIJE

As heartsmis luwde wynen blaeze,

Ind hachels omme gleazen raeze,

Den thinkt min oan dy blyde tiid,

Dy nei de wylde Octoberfleagen,

Mei speechljend iis de wylde weagen,

Bileit, oer mar ind flakte ind wiid.

Gean treurich den daer troch ’e fjilden,

Dy okkerdeis hjar scat noch tilden,

Fen ’t griene gears, fen ’t rypjend siid;

’k Sjoch dear nou oare wille huwsjen,

As ’t waeijend gears ind ierensuwsjen,

Om jin yn ’t roun bij simmertiid.

Daer jinsen sjoch ik flaggen waeijen;

Daer twisken ’t sweefjen, it ramaaijen,

Fen ’n yneleaze minscesé;

Luwd spyljen hear ik daer de hoarnen,

Daer steane Friezen jimme soanen,

Ta ’n Frysce earewedstriid ré.

Ja daer is nocht, ja daer is wille,

Foar wha syn libbenslot ken tille,

Ja daer is nocht ind wille op ’t iis;

Blieu Friesen, daer de hirdste ryders;

Blieu Friesen, Friesen wirdich; wyders,

Gjin inkle winter sonder iis.

Frysce wâldblomkes · 第 40 / 58 题