Whear dat ’k myn eagen draeij as kear,
Fetsje yn ien scilderij ik ’t gear,
De strjitwei dear, dy griene sinchel,
Sa breed ind rom, whearyn ’t geminchel,
Fen ljocht ind donker, griin ind goud,
Oafwikselt op it iekenhout.
Ik sjoch de Kootstermouneroeden,
Mei fikse gong yn ’t roun har spoeden,
Ind den ues hiele Twysel lâns,
Hjir plaetsen lytser; dear mear mâns;
Ind ken min d’ âlde tuwr ind tsjerke,
Daer boppe huws ind bjemmen merke;
Fier sjocht it hoarntsje fen ’e tuwr,
It boppelân ind mieden oer.
Dear sjoch ik eak de greate scuorre
Fen d’ âlderlyke pleats; de muorre,
Fen aftren yn ’e sinnescyn,
Sjocht it hiel fier de finnen yn.
’k Sioch d’ iekesinchel; ’n heeche ryge,
Sa heech as oars gjin, great, ind tyge,
Fier ou to sjean ind swier ind dik,
Forscate d’ronder, whear ien stik,
Oafkoe, dat ’t noch ien beam koe hjitte,
Mei breede koppen, boppe mjitte;
Ien sé fen grien by simmertiid,
Whear fuwchelfolk it maitydsliit,
Lyt klinkje troch ’e omtrek hinne;
It wier gjin inkeld pear allinne,
Dat ness’le dear ind aijen lei,
Mar eltsje fuwchelsoart binei.
Yn slinchertokken, dy fen reasten
Net wisten, sieten d’ eksterneasten;
Ind bouden houdouen hjar neast,
Op d’ âlde stamme yn twychjes feast;
Faek kaem dear eak pear âldruwken,
To ness’len ynne breede tuwken;
Scelfinken songen maitiids dear,
Ind de oare sjongers allegear,
Dear neast yn jonge elzebjeammen,
Dear by lâns hearde min de stemmen,
Fen houtekster ind fen patriis,
Elts op syn eigen trant ind wys.
Daer tige ynne smoute ind droechte,
Oen ’e graeftskant, foarscuwle yn roechte,
Yn ongestoarde frede ind reast,
Hie it patriiske eak har neast.
Op de els mei kamperfoolje omflochten,
Whear jonges ’t aerdich neast net sochten,
Wier it houteksterneast ind broed,
Uetprakkeseare; ’t plak hiel goed,
Mar Heit dy kaem, ind Heit dy huwchde,
Gjin klieuwen dear, allinn’ hy buwchde,
De slappe beam what nei him ta,
Ind mei ien hie hy d’ aijen sa.
Daer sweefde ’t gielgousneast fen wolle,
Jin alle simmers oer ’e holle;
Wier ’t bledguod fen ’e bjemmen earst,
Den foun min ’t seldsom neasje meast.
Ien haske lei mei d’ eagen iepen,
By de reedsmourre ris to sliepen,
Fen what branettels yn it scaed,
Op healwei tuscen reed ind paed;
Dy siet sa reastich daer allinne;
De hinnen stienen daer omhinne,
En ’t wie as hâlden hja dou rie,
What foar ien wonderding dat wie.
Heit roap de hinnen daer fen dinne,
Oars mocht it bruentsje hinnerinne,
Ind ’n jager makke ’t dernei kjel,
Ind lei it dea yn ’t leecher del.—
Daer wier ’t by simmerdei sa scaedich;
Daer reastte it noflyk, kuire ’t aerdich,
Binammen oppe tichte reed—
Ien hearlyk paed, sa moai, sa breed,
Ticht twiscen elzewâl ind haechen—
Ja hearlyk wier ’t, nei simmerdaegen,
As nei ien lije waerme dei,
It wyntsje him to sliepen lei,
Ind boppe ien bytsje lei to sygen,
Yn d’ alderheechste griene twygen,
Mei ’n asemtochtsje, saecht ind soel,
Wylst ’t moanljacht troch ’e bledden foel.—
Fol klear ind helder wetter rinne,
Daer wîde ind djippe grachten hinne,
Oan trije kanten fen it huws;
Daar mincht de wyn syn saeft gebruws,
Him yn it saefte wetterfluestrjen;
Daernei stie ik sa faek to luestrjen;
Ind ijntsjes boartten ’n koarren nei,
As duwkten onder wetter wei.—
Foar huws stien’ trije lynebjeammen,
Dy minchelen hjar luwde stemmen,
Yn al it luwde wyngebruws,
Fen d’ oare bjemmen, om it huws.
Daer stienen heeche wylchen achter
It huws, ind esken, elk as wachter.—
Yn tyden as er wetter foel,
Ind heecher tynde yn sleat ind poel,
Den slepte min by ’t luwd gekletter,
Fen ’t troch ’e pompen stroomend wetter,
Dat fen ’e boppelânnen oaf,
De rinwâl del kaem, ind om ’t hoaf,
Syn wei nei de Sânsleat ta sochte,
Dy ’t yn de greate fearten brochte.—
Daer gong it libben saeft syn gong,
Daer wenne ik ind wier daer jong.