Meenze Hindriks gong by jountiid,
Sawhat tsjin saun uwre foart;
Ind uws Karo wier wher mei roun,
Meenze droech ien doekfol guod.
Hearstwaer wier ’t, mei noardsce stouwers,
Ind eak tsjustre moarne wier ’t;
Ja sok tjuster waer, dat min niks,
Om gjin hinne undersciedt.
Sa gong hy de Twyz’ler lânnen,
Ind de iensomme Wedze uet;
Do ’t Wyldpaed, nei ’t Zweagerfean del,
Whearoan ’n stjustre loanne sluet.
Dy del moast hy, woe hy komme,
Whear hy joun noch hinne woe.—
Tjuster bleau ’t sa dat hy om him,
Sjean noch undersciede koe.
Karo hie nei honnemode,
Sa as ’t heart, foar ’n goede houn,
Uet ien stadich sueteldrafke,
Foar syn selscipsman uetroun.
Ind op iens keam hy sluchtstutsjend,
Stil whearom op Meenze ta,
Sloep do efter Meenze hinne;
Meenze tocht’ what mei hy ha.
Noch wist hy net what er scoele;
Bang weast hie hy nimmer noch,
Net foar spoekjen, net foar tsjoenen;
Mar nou pakte de eangst him doch.
’t Wier sa ienlyk om him hinne,
Al ien uwre hie hy gien,
Ind yn hiel die lange uwre,
Mette hy gjin inkle ien.
Daer kaem by dat Hantsjeloanne,
Eak mar etfen weastlyk lei,
Whear it eak al lang net plues wier,
Nei dat de âlde oerleewrinch sei.
Oars as oars wier ’t, sei him Karo;
Ind whearom gean dat koe net;
Stap foar stap foaruet arbeidsje?
Ho to dwaen, mar net biredt.
’r Farde ien wynfleach troch ’e tokken;
Spoekich raesde ’t, fier ind nei;
Noch ien stap twa ind dear seach er ’t,
Foar him boppe oer ’e wei,
Tsjin it tsjokke loftrom by him;
Fremd ind great, ind mâl ind wyt:
Wier hy fen it switten waermwoarn,
Nou waerd hy fen eangsten hyt,
Dat it swit him ronom uetbriik;
Ind hy raesde, luwd fen scrik,
Mei ien roue gil dy fierou,
Heard waerd, do op ’t eachenblik,
’t Freaslyk spoeksel libben krige,
Zweefde, gonch, wei wier ind kom,
Foarmleas; freeslyk to aanscouwjen,
Libjend; him beweechjend, stom....
Ind as gongen de eagen iepen
Him, wylst hy noch dyggre ind seach,
Seach hy sljochte Beits der boppe,
Dy dear har scjin himd oanteeach.