SIMMERMOARN

Moai hearlyk moai, sa hearlyk klear,

Sa rijn ind ljacht as ea myn eagen,

De greate scepping om my saegen,

As disse kear—

Is ’t om my, boppe mjitte,

Neiby, ind ynne fjirte.

De suedewyn sa lij, sa lau;

De loft sa djip, sa wondre blau,

Ind ’t rom foarsciit, fier om my hinne,

Sa onbegrinsd hast, klear ind frij,

Ien inkle beam dear; neijer by,

Ien lân fol blommen; troch ’e sinne,

Mei gouden ljacht biscynd.

Wylst honderdstimmich sjonge,

Mei unfoarmoeide tonge,

Ien koar fen fuwchels; ’t tynt,

Fier ou wei; ind whear tichte,

Uet grouneleaze lichte,

As holpyp uet ien oargel op,

Ind bruwst sa nei omheechens,

Ta d’ alderheechste top,

As tonchert djip omleechens,

Yn swiere bassen wei,

As ropt mei saeft geklei,

Yn weake molaccoorden,

Ien trek nei fremde oarden,

Ien stil forlanchjen foar,

As luwkt mei frije wjokken,

De geesten onforscrokken,

Nei ’t salich koar.

Frysce wâldblomkes · 第 37 / 58 题