JAGERSLIJEN

What binn’ dy jagers greate sloawen!

Oer kluetrich boulân, hin ind wer,

To strampeljen, mei greate learzen,

Troch haechen hjir; troch toarnen daer;

Dat oer ’e hannen ind ’e holle,

It bloed yn greate kobbels dript,

Wylst hja fortiist noch yn struwellen,

It haeske uet it leger wipt,

Ind lang al buwten scoat die flugche,

De elzewâl al lâns roun is,

Hast uet gesicht, oer foarch’ ind sletten:

Sadat de lette scoat is mis.

What binn’ dy jachers greate lijers!

What honnebrea mei ijnnebloed,

Yn hazzeplom daer oen bidroegche,

Is kost foar rjuchte jachersmoed.

Ind dat oppluesje onder ’t jeijen,

Of wol delfollen achter ’t reit;

What tanich wetter uet ’e slodze,

Whearyn Apollo griempt ind peit.

Ind mei de holle hân uetdronken,

Dat is it lekkre jagersmiel.—

’t Is eak wol dat de jagers ’t treffe,

Wannear de keutelparren giel,

Fen d’ âlde heeche parbeam drippe,

De jagers dy fen boppen oaf,

Oer ’t hiem wer nei de strjitwei komme,

Dy nimme dan de wei troch ’t hoaf—

De keutelparren moatt’ ’t ontlije:

Ien Esaushonger hawwe hja;

Ien neildraei yn it spinhuws; ’t stoltje

Dear ou, ind dan is ’t: fret mar ta.

Ien twintich moaijen ynne weitasch,

By hazze ind patryzen yn.

Oars goede froede lju dy jagers,

Sa ruwch nou; oars sa froom ind fyn.

Ind den dat swetsen ind dat lychen:

Latyn ind flokken, raer ind luwd,

Foaroarsake troch ’t fake prieuwen,

Djip uet ’e romer sonder foet.

Dan komme sy ien boer to mjitte,

Mei ’n sek as puwde op ’e reach,

Ind freechje as dy ’t haske jinsen,

Eak ynne leatste dagen saech....

„Ja, seit hy, ’t is net lang forlyn noch,

Dat ’t haske yn it leger lei”;

Mar net dat hy him oppe reach heth....

Hja jinne nou dan by ’n oar wei,

De jagers stompe foart om ’t haske,

To siikjen, dat al lang op reis,

Nei ’t kroemhout is, dear ’t ploemich feltsje,

Oaf helle wirdt fen ’t lekk’re fleis.—

What binn’ dy jagers dochs al lijers!

What binn’ it greate stumpers eak!

Dan swalkje, bodje, lije, swiere,

Ind soms den noch ien oarmans gek.

Frysce wâldblomkes · 第 36 / 58 题