Knobbelyke iekestamme,
Dy gjin jerrems kinne omklamme—
Griis fen jieren, jong fen kracht,
Laitsjend om orkanen macht;
Dy fen brekken, noch biswyken
Wit, fen fallen, noch fen wyken,
Byld fen folle manlykheit,
Whearoer hondert jier him breidt!
Mooi bist as de simmersinne,
Oer dyn bledpartijen hinne
Ljachtet, ind it frisce griin,
Mingelt him mei goud ynien.
As sy ynne wyntsjes waeije,
As sy swaeije ind ramaije;
Eak by heartsdei, as dyn kruen,
Blinkt yn ’t bonte nijjiersbruen.
’t Bloed fljocht bruwsjend dy troch d’ ieren:
Folop toane ’t dy de spieren,
Ho dyn stamme, yn tokke ind blead,
Libbenskraecht ind foedsel heth.
Ja ik mei dy sa graech lije:
’k Sjoch yn dy de greate frije,
Dy foar stoarmen net forfeard,
Ues er opwiist, ind ues leart,
Pal to stean op ’s libbens baren,
Troch ’e klippen ind gefaren,
Dy wy mette underweis,
Op ’e greate libbensreis.