MINSCENGREATENS

Ik ear gjin adel, gjin fornamens;

Ik drieuw mei soks de spot.

Ik kin gjin hear, ik ear gjin hear—

Ik ear gjin hear, as God.

What scil dat buwchjen doch bistjutte,

De minscen foar eltsjoar!

Hja binn’ gelyk, gjin ondersceid,

Yn dit as dat, sciedt hjar.

Wy binne allegearre minscen;

Net heecher stjit de ien,

Yn wirklykheit, boppe oare lju:

Lykwol sa mennich ’t mien’.

Mar minsc to weazen, net to hjitten,—

Yn de allerbeaste sin—

Fen de echte stimpel weaze minsc—

Dy fynt min baere tin.

Dear ta heart streefjen, wirksam waezen

Ind handeljen nei plicht,

Mar onforwrikber nei it doel,

Al falt it fier fen licht.

Frysce wâldblomkes · 第 34 / 58 题