IT LJURKJE

Aerdich ljurkje,

Mei dyn kroantsje,

Op it kopke,

Sisz, wher wierste,

Do de sniestoarm,

Oer ’e mieden,

Soese ind jage;

Ind do ’t oergong,

In de loft wer,

Klear ind iepen,

Mar eak gleasich,

Fen ’e froast wier,

Dat fen ’t friezen

’t Knapte ind kreake—

Sisz whear wierst do,

Lyts leaf bearn?

’k Hie dy sjonger,

Fen ’e maitiid,

Net whear murken,

Sont as ’t bretste,

Op dyn aikes,

Ynne finne,

Onder ’t tropke,

Deade ruwchte;

’k Seach host’ de eachjes,

Smeekend opsloechst,

Doste seachste,

Datst ontdekst wierst

Nei my hinne;

’k Koe ’t net uetstean—

Ind meilijen,

Woarde wekker,

Yn myn hert.

’k Sparre ’t neastje,

’k Sparre de aikes;

’k Sparre ’t ljurkje.

Mar myn leave!

Sisz my nou dochs,

Whear ha’sth al die

Lange tiiden,

Lange nachten,

Slept ind scoele?—

Ind do ’t foelste,

Fen it onwaer,

Ind fen ’t friezen,

Einlinchs oer wier,

Hearde ik iendris,

Ien Maertmoanne,

Op ien moarntiid—

Noch wier ’t rou waer,

Tiche buijich,

Uet it Noarden,

Soms noch sniewyt—

Mar eak sinne,

Myld ind freunlyk—

Hearde ik ’t liit

Fen myn ljurkes,

Dy ik de oare,

Simmers, moochlyk,

Noch yn de aikes,

Mei it alde

Ljurkje, foun hie—

Ind hja songen,

My de freuchde

Yn myn hert.

Whent de stimminch,

Dy min yn jins

Eigen binnenst,

Omdraacht, jouwt eak

Wearklank oan de

Toanen fen de

Greate scepping.

Hjir is ’t blydscip,

Dy de ljurkjes,

My yn ’t foarjier,

Yn hjar onsculd,

As de earste,

Ta de eare,

Fen de greate

Wiize Scepper,

Ta song ha.

Frysce wâldblomkes · 第 33 / 58 题