WHEAR IK FEN HÂLD

Whear ik fen hâld!

Fen lân ind sea ind wetter,

Ho wider mar ho better;

Fen bosc ind wâld.

Fen ’t rom gesicht,

Dat rikt oer grins ind mjitte,

Dat ’k sjoch yn wyde fjirte,

Ind by my ticht.

Fen ’t djippe blou,

Dat ’k troch ien wolkengloppe,

Sa fier, sa heech dear boppe,

Sa graech oanscou.

Eak kleur ind foarm,

Fen al dy tuwsen wolken,

Dy drieuwe uwt himels kolken,

Troch koeltsje ind stoarm.

Dy al de pracht,

Fen ’t gloeijend jounljacht drage,

Ind dy de blyde dage,

Tooit mei hjar ljacht.

Whear ik fen hâld!

Fen wyte haech ind kriiken;

Fen foarsce stammiche iiken,

Sa griis, sa âld.

Fen ’t hearlyk liit,

Fen nachtigalen tongen,

Dy ’k hear yn ’t boskje sjongen,

Fen doue wiit.

Fen kleur ind liacht,

Op bjemmen, huwsen, lânnen,

Fen ’t waeijen troch ’e stannen,

Yn middeisljacht.

Fen ’n waerme dei,

Dy yn Septembermoarne,

Oan struwk, oer haech ind toarne,

De spinreach lei.

Fen ’t noarderljacht,

Dat as ’t oer de ierde donkert,

Yn tuwsen kleuren flonkert,

Hjir foars, dear saecht.

Fen as ’k jouns let;

De ljachte stjerrebollen,

Yn myllioenen tollen,

Nei ’n iiw’che wet,

Troch heecher hân—

Sjoch scitterjen ind blinken,

Dat laedt ta djipper tinken,

Nei ’t beaste lân.

Frysce wâldblomkes · 第 32 / 58 题