SNIJNNEIMIDDEI

Stil is ’t om huws ind hiem yn ’t roun;

Om hiel de buwrehuwzing hinne,

Gjin foetstap op d’ oanklouwe groun;

De saefte aftermiddeisinne,

Bescynt ’e kouemuorre klear,

Ind op ien ryge stean de wynen,

(Boekberjes opwipt,) mei ien pear

Ierdkarren, ek sa, om it rijnen;

Ind allegearre oankant, yn ’t scaed,

Foar it foardruijen, onder d’ esken.

De hinnen molje yn it paed;

De ijnen sliepe ynne reasken,

Dear oppe damme baggelpoel.

It is op ’t hiele hiem sa fredich,

Forstomd is ’t dagelyks gewoel,

Sa tige stil, sa fremd sa ledich;

Gjin folk rint haestich oan ind oaf;

Gjin after- as scoedoor stjit iepen,

Ind yn it lange gears fen ’t hoaf,

Dear lisze jonge ind feint to slipen.

De swartemerje ind d’ âlde bles—

De beaste brune ind d’ âld dikke,

Dy binne sead, fen ’t klaawrich gears,

Ind steane sljipprich oer de hikke.

’t Is alles reast, elk docht him goed;

Toalf melkebisten ynne finne,

Lisz’ yn ien trop, min heart gjin luwd,

Fier ou as neiby, om jin hinne,

As ’n houdou, dy yn ’t boscje koert,

As ’n scelfink, dy mei flugche wjokken,

Dan hjir, dan dear, sjongt ticht by ’t neast;

As ’t noardewyntsje yn d’ ieketokken:

’t Gehiel ien snijnneimiddeisreast.

Frysce wâldblomkes · 第 30 / 58 题