Ik slach faek mei hillich beven,
’t Eech omheech, as stjear by stjear,
Uet it peilleas djip fen ’t luftrom,
Foarkomt, tot sy allegear
Ljachtstje, fonkelje ind groete,
Ues as boden fen oer ’t graef,
Daer w’ ues leawen iens whear moete.
O it luwkt my nei omheechens;
Ik fiel twusken hjir ind daer,
Ien gemienscip; hillich, sillich,
Is it my, sa faek, as ’k whear,
’t Eech omheech slach nei dy boden,
Fen ien sillich neimiels daer,
Fen bistean yn bettre oarden.
Wachtsje, wachtsje, ta dat uwre;
Fen dat bliid oanscouwjen slaecht,
Whear mei folle glâns oer ’t tsjuster,
Scynt it greate himelljacht,
Fen ’e werelden ind sinnen,
Whear de beaste Himelheit,
Ues syn hearlykheit laedt binnen.
Ljachtsje faek noch fiere stjerren,
Ho’n foarlangst ik soms eak ha,
Nei dat fiere bettre jinsen,
Glimlaetsje altiid my mar ta.
Lear to ljeuwen ind fortrouen
Op ’e greatste Wiisheit, Dy
Wit de tiid beast om ’t oanscouen.