OAN HALBERTSMA’S

O greate broarren Halbertsma’s,

Wol broarren uwt ien stik!

De tael sa machtich, ’t hert sa baes,

Fier boppe elts berik!

O ljue fen greate adeldom,

Whaens adel wier forstjinst!

Ja keunings op it letterfjild,

As dichters net it minst.

Ja helden wiern’ se op dat gebiid,

Mei ’t scerpe penneswird

Foar warheit, rjucht forliuchting, ind

Ta beast foar elts ind nut.

Ta whear ’e Lauers, Eostergea,

Oan ’e yn fen ’t Fryscelân,

Ta whear ’e Noardsé noard ind oast,

Bruwst om it Frysce strân,

Ta whear ’e Kuender suedlyk oan,

Him ynne sé forliest;

Ta whear fier yn ’t sued-oasten del,

Ind hichte ind sânduen ryst—

Ta daer klonk luwd har mannetael,

Yn telseltje ind rym;

Yn leaflyk byld, yn seafte toan,

Mar fjuwr scerp as ien flym,

As ’t pas joech eak as finnich wird,

Tsjin wha ’t eak jimmer wier;

Daer waerre net ien doekje om woun,

Mar sei whear it op stie.—

Whear hja yn dichterlyke tael,

Ues liide oan har hân,

Yn ’t boatsje, oer de oafgelegen mar,

Nei ’t iensom wetterlân—

Daer whear it gjit, oer mar ind poel,

Yn ’t scipke fluch ind licht,

Dear troch it romme breede fjild,

Mei ’t wyde fiergesicht,—

Dear lizze w’ oan by d’ efterdoar,

Fen ’t âlde boerehues,

Ind wirde ontfongen fen ’e ljue,

Ind komme dear as thues.

Daer hearre w’ uet forgetten tiid,

Fen stoarjes, ienris bard,

Soms fol fen nocht ind wille, soms,

Eak fol fen leed ind smert.

Daer binn’ w’ ien kriistiid by de boer,

Ind op Sint Steffensdei;

Ind fiere ’t greate, ’t hillich feest,

Daer op ’e Wieren mei.

As bringe wy Mary to hoaf,

Fordronken ynne mar,

Ind scrieme ien stille triin fen rouw,

Mei d’ oaren eak om hjar.

Dy Liekeblommen wylje net,

Dy Liekeblommen stjerre net,

Sa lang ien Frysce tonge net,

Syn memmetael forgetten heth.

Ja greate Friezen, op ind uwt!

Ja greate hollen, fol forstân;

Ja djippe thinkers; echte bern,

Fen ’t ues sa djoerre Frysce lân.

Frysce wâldblomkes · 第 28 / 58 题