OM MAEIJE

As by maitiid ynne petten,

Whear de wylgen bloeye, dy

Oan it ierdryk sisze wolle:

Sjoch de maitiid bringe wy!

Dan whear fier fen huws, nei ’t onlân,

Dan whear hinne, whear it paed

Hjir oer sompen, dear oer stringen,

As oer bjintepoallen laedt!

Whear gjin minscen komme as gjinne,

Dy dear neat fen wyte, dat

Dear ien weareld libbet, wirket,

Dy net wyte ho as what.

Ja daer groeit ind bloeit ien weareld;

Freamd ind great yn folle kraeft,

Net forknoeid troch kunst as mode,

Yn oarspronkelyke pracht.

’n Wonder is foarearst al d’ aonblik,

Fen dy romte, whear nin huws,

’t Rikjend scoartsjentje oanwiist, dat dear

Minscen wenje; ’t reidgebruws,

Dat yn bruene baeren slingert,

Om it marke liacht ind klear,

Ruwst foarwijdert ynne fjirte,

Weistjearrend ues soms yn ’t ear.

Hark, it lieuwerke ien lofsang,

Oan ’e scepper! ues ’t wolkom!

Sjongt it blydscip oer ’e mieden.

Dat is d’ earste buwterblom

Dy ik sjog, ja rjochte namme,

Moaije namme, dichterlyk,

Giel fen goud ind giel fen buwter.

Moaiste yn it blommenryk

Fen ’t dy unbikind dear bloeije,

Yn ’e fjilden by eltsjar.

Gouden pronket nou de finne.

Grien fen ’t gears ind ’t goud fen hjar.

Sjoch de bonte doffert toemelt,

Oer ’e wjok sa bliid sa luwd,

Whylst it lytse bleeke douke,

Op’e groppe kant it broed,

Yn it moaije aerdich neastje—

Hiel natuur sa soarchsom hoedt.

Sjoch it ljipke rint bihoedsam,

Sonder dat ’t de groun hast roedt,

Ynne foerche lâns, dan duwkt se,

Hjar yn ’t rinnen, sjocht dan wer,

’t Hear oer, as eak onré scoelet,

Tearre memmesoarg! Sie dear!

Four stiple aijen lizze,

Wjrachtsjes oppe ikkers kant,

Fjouer; ’t fol getal, lang siikjen,

Ind dochs foun, mar wol heth ’t spant.

Fjirder, djipper ynne mieden!

Mei de pols oer wyk ind sleat!

Greater wirdt de wyde romte,

Huws ind bjeammen wyke. Neat,

Sjocht min mear as greate romte,

Whear min ’t each eak keart as draeit.

My is ’t rom om ’t hert; mei wille,

Sjoch ik alles oan; it waeit

Libbensleastich oer ’e romte,

Troch ’e reiden, kruwd ind blom.

Hjir to reasten ind to droomen,

Yn dit hearlike ronom....

Ik flaaie my op ’t bead fen ruwchte,

Onder de âlde wylchen mar,

Whear de puwskes hunnichlekker,

Bykes noegje; ynne war

Binne hja; nou is ’t ien sjongen,

Hundertstimmich, tagelyk:

Ien akkoord ind tuwsen wyzen,

Maitydsblydscip: lofmusyk.

’t Yntje plast yn wyde wetters,

Om op ’t eilantsje ynne pet,

Nou to liszen, ’t tureluret,

Jinsen. Fjirder noch nei ’t set,

Yn it greate reidfjild ruwset,

Reidomp onder wetter wei,

Mei syn luwd, trochdrinchend, krachtich

Fier yn ’t roun. De mooije dei,

Bracht wher gasten. ’t Grieto Grieto!

Klinkt sa helder, luwd sa fier,

Nou foar ’t earst. Hoarnscrobbers siele,

Wiid yn flecht, mei luwd gegier,

Krosjend luwd om fremde aijen,

Bin se op strooptocht uet oer ’t fjild....

Ind yn ienen sjit de doffert,

Op mei fuwle wjokslach. ’t Jilt,

’t Achterfolchjen ’t roofdier. Boppe,

Grondeleaze petten woelt,

’t Luwd fen blauwe stinsen; kobben

Wjokkelje dat it krioelt,

Troch inoar ind fleane razen,

Op ues ta ind pikke, whant,

Der ha hja hjar neast ind aijen,

Op ielstikels oan ’e kant,

Fen ’e djippe kleare petten;

De aijen lisze klear ind bleat,

Twa ind trije, hast yn ’t wetter,

Mar troch ’n inkeld snyltsje keart

Neast my ynne alde stommels,

Fen ’t fen maitiid sniene reit,

Sjongt de reidmosk bliid ind fleurich,

Dy magouens de aijen leit.

Hoarntsjes steane ien hiele keppel,

Oane heeche wetterskant,

Yn forscate kleur to pronkjen,

Ieder op syn eigen trant.

It is ien libjen, wirkjen, sjongen,

Ind it moaije maitiidswaer,

Leit glimlaitsjend oer ’e mieden,

Leit op blom, op gears ind baer.—

Oan it liachte, kleare luftrom

Broeit ien simmerwolkje op;

Soms is ’t deastil, soms whear siecht it,

’t Wyntje molket; ’t seil yn top,

Drieuwt hiel stadich ’t scip der hinne.

Horich is ’t oer ’t wyde fjild,

Whear as dounsen sulw’ren wolkjes,

Yn ’t forsciet ’t freamsoartich tilt.

Rog- ind wettermounen stanne,

For de folle seiels klear.

Ha de wyn dan foar, dan after,

Draeije soms ien inkle kear.—

Ynne petten ruwst it luwder:

’t Bruwst ind ruwst troch mansheech reit,

Neijer komt it, ’t ruwst, it gieselt

Snielen, reiden, alles leit,

Plat ind troch inoar, yn ienen,

’t Raest de stille mieden oer....

Whear forby is ’t, sa as ’t kaem wier;

Stillens wher for luwd rumoer.

Inkle gearkes, snieltsjes, heakes

Drieuwe yn ’t luftrom heech ind fier;

Boppe ’t plak, whear ’t nys sa woelde

Oars der fen niks mear, nin sier.

’t Wier de mooiwaerssimmertwirre.

Middei is ’t nou, fier ou slaecht

’t Toolfe kearen ynne fjirte,

Ind it folle middeisljacht,

Leit to glinstrjen op ’e pannen

Fen ’e gewel, fen ien huws

Oenne kymen, dear leit healljacht,

Oer ’e wylgen fen ’e kooi;

Ljacht ind scaed ind minder donker,

Wikselje ou, sa ljocht sa mooi

Komt it miedhuwske der jinsen,

Tsjin de donkre aftergroun

Helder uet. Ien inkle ljachtstrael

Gjit ’e heele mieden roun,

Dy yn ’t donker lei; it poeltsje

Lyket nou op baerjend goud,

Reast der oppe jaskers roede,

Scynt daer op it wylgenhout.—

Fier fen ’t woelen fen ’e wereld,

Ha ’k hjir edel, rein genot,

Mei my sels, whear to my sels kaem,

Fiel ’k my neijer oan myn God.

’t Praet fen Him yn alle taelen,

Dat al ’t scepsel it forstjit,

Al dat libben al dy blydscip,

Fen al ’t scepsel, ho ’t eak hjit,

’k Fiel it antwird yn myn binnenst,

’k Sisz it alles, alles nei,

’k Fiel it hjir sa fol to better,

’k Fiel it hjir mei alles mei,

’t Moannet my oan ’n oare maitiid,

Whear fen hjir ien blinkje glimt,

Mar ien fluestrjend luwd fen jinsen,

Dat ta lof ind earbiid stimt.

Frysce wâldblomkes · 第 26 / 58 题