REAST

As yn it stille iensom huws,

De heartswyn mei syn wyld gebruws,

Luwd omme âlde muorre spîlet;

De raemten yn it ald kosyn,

Luwd rammelje as de wylde wyn,

Soms luwder omme hoeke kîlet.

Den sjoch ik troch ’t birynde ruet,

De leege wyde lannen uet,

Whearoer de swaerte buijen jeije;

Den fiele wy ho dat jins hird,

Jin dagelyks mear wirdich wirdt,

Whearby wy ues den flaeye meije.

Dear fiele herten mei jins hert,

Yn wille ind nocht yn leed ind smert.

Wirdt swieter ’t swiit dear troch; ind ’t lijen,

Wirdt troch dielnimming saeft ind licht;

Dat makket greate wounen tigt.

Ind leart yn rouwe ind leed to swijen.

Sa’n thues sa min ’t leafst winscje scoe,

Sa’n thues sa min ’t leafst fyne woe,

Fynt min sawol yn slot as hutte,

De klinte mar fen sead ind hout:

As ’t heech paleis, fen moarmer bout.

De went sa wol fen lytse ind greate,

Heth foar eltsien ien fredich thues,

Dear hy foar libbens leed ind krues,

Ien feilich tafluchtsoard kin fyne.

Mar doch min fynt dy reast foarearst,

Yn lytse hueskes, faek ind meast,

Ho soms de scyn eak mei forblyne.

Frysce wâldblomkes · 第 25 / 58 题