’k Mei graach ien scoarstien rikjen sjean,
Ind foar ’e doar de lytse bern,
Yn ’t waerme molle soan omwrotten.
As brochten hja de petten wei,
As hierne hja by simmerdei,
Gjin hoaszen sommers oan ’e fuotten.
Dat is de rjuchte berne-aert,
Dy sounens jouwt ind neare scaedt,
Dat fiksce feinten, fiksce fammen
Op kweket, mar nin modebern,
Foardronken, year ’t sy wetter sjean;
Mar minscen flink ind soun binammen.
Dat makket, sa as ’k dear oer think,
Ien slach fen minscen, sterk ind flink.
Nin minscen dy forlegen steane,
Ind dy foar wiif ind bern it brea—
Goed soun fen kopwirk, flink fen lea—
Mei eare altiid biscrippe kinne.
’k Kin min dy troetelpopkes sjean,
Die broeikastplantsjes dat fen bern,
Ontidich greate minscen makket:
Dy bidelje om jild ind kret,
Is sannen ien is ’t wier as net,
Foar altiid net ien flaaue stakkert?
Op sannen ien dear stjit nin kop,
Fol eare ind fol krigens op.
Dy kroatsje-lju kin ’k min fordrage.
Al jouwt hjar tonge ien bult geraes,
Al binn’ se oan ’t wird ien oar wol baes,
Licht scill’ sy oppe scealjes waege.