MAITIIDS

Jo wol is ’t mooi yn ’t onlân, whear,

Ien simmerkoeltsje bruwst troch ’t reit,

Dat droomerich to flustrjen leit,

Ind dan whear guwlt ind ruwset, dear,

Whear trijekant ind popel groeit,

Neast drybled, holpielk, tuwrebout—

Saeft as flewiel. Der twiscen bloeit,

By ’t iepen dopke yn wyt ind goud,

De swanneblom; yn ’t scaed fen ’t blead

Leit stil to bleakerjen yn scoel,

Fen ’t wylgenboskje by ien koel

Ongrounlyk wetter, wol biread,

Ta ’n scoat op ’n tige lekk’re buet,

De dikke dikke snoek; pounswier.

Sjoch, hark, dear jinsen, net hiel fier

Dear floddert oer it tichte ruet,

De markol, sjoch dear sit it neast,

Uet wetter opbout, ynne pet

Whear hja jier uet jier yn al breadt.

Dear op ’e alde dampeal reast

De jerrebarre; jister kaem,

Hy uet it fiere sueden oan,

Ind fleag de âlde fjilden roun,

Wilst yn besit hy ’t neast whear naem

Op ’t alde hiem, fen fleden jier.

Ind d’ oare op ’e scoarre naed

Mei lange treadden, dea bidaerd,

Oan ’t kuijern is. Fier ou, hiel fier,

Heart min him kleppr’jen; mannich ien

Stekt nou ’e holle op oer ’t fjild,

Neiscjirrich harkjend, want it jilt

Him sjean, die him noch net sjoen hien.

My is ’t de blyde tynge: ’t wier

Dat wer natuer mei jonge kracht,

Nei moarnen lange winternacht.

Hjar wille ind nocht whear kryge hie.

Frysce wâldblomkes · 第 23 / 58 题