De loft is warem, né is hjit;
It waergleas, dat by stoarm hast stjit,
Is yn de leatste tiid noch sakke.
Ind hiel de loft blieuwt blou in klear,
What wolkjes, licht mar as ien fear,
Tyne op, mar wolle net gearpakke.
Onreastich balt yn ’t lân
It fé; draeft ’t op ind del;
Steurt har oan hek noch bân:
De sinne baernt har hoed ind fel.
Och ’t is sa near;
Ind ’t wirdt noch slimmer, mear ind mear,
De sleatten druije uet,
Yn grounich wetter, onder ruet,
Leit snoek en bears nei rijn to smachtjen,
It is as barnt de groun;
Ind doch it is as stjit yn ’t roun,
Fol hoop op onwaer ’t al to wachtsjen.
Sjoch dear ’t lytse wolkje,
Whear kom it doch wei?
’t Wier dear, foar ’n ketierke
Ommers net wol? sei!
Flokkich binn’ de kanten,
Goudgiel is syn klean;
Wylst de hjitte sinne,
Blieuwt mar helder stean.
’t Wolkje wirdt onmerkber,
Yn it midden swart.
Wylst ’t nei alle kanten,
Dikker rânen hath.
’t Set him, niunkenlytsen,
Onophoudlyk uet,
Wylst it ta ien ligchem,
Langsam feast him sluet.
Sjoch! de buwtekanten,
Staepelje har op,
Heech ta wolkenbergen;
Oafroune is har kop
Op it iene plak hjir;
Ploemich, jinsen whear;
Freeslyk ontsachwekjend,
Boppe, ind den dear,
Swefelljacht de koppen
Scyne oer bosc ind lân,
Mei hjar rosse gleaunens,
’n Ljocht fen fiur ind brân.
Ind what mear nei ondren,
Gjit it gleaune giil
Stadich yn it swart oer:
Leecher swart alhiel.
Hiel de ljachte dei wirdt
Scymerjende nacht.
’t Woelt dear boppe, ’t wirket,
Freeselyke pracht!
Natuer leit yn gebed; de minsce,
Dy fielt onwillekeurich drang,
To heecher iets; is los fen ’t ierdsche,
Ind frij fen wrâldsce least ind twanch.
De wolken wirde bybelteksten,
Ind fotber foar ien uetlech mar:
Hja wirde Sinaï ind Horeb,
Ind heilichje as sa danich har.
Sa as iens Israël, foar ieuwen,
Oan Sinaï’s gebergte stie,
Ind ’t minsclyk eech ’t ontsagchelykste
What ea sjoen is, foar eechen hie:
Dear beeft, dear trillet noch yn ’t binnenst
Fen ’t minsclyk hert ien trilling nei,
As ’n wearklank fen dy iepenbarinch,
As ien getuechnis fen dy dei.
Dear gjit ien scok, fol fen ontzetting
Troch hiel Natuer; ien fiuwrstraal klieuwt,
Onthinkber foel hiel ’t wolkenswaerte,
Dy ’t flamjend yn ’e wolken scrieuwt:
„Hy dy my stjoert, dat is de Heare.”
Ind aanstonds klinkt ’t mei sterke klim,
Dat de ierde yn hjar binnenst scoddet,
De Almacht Gods mei luwde stim,
As ’t koar fen tuwsenen bazuenen.
Yn earbiid oplost is what leeft,
Gods stim sprekt nou mar mear allinne,
Wylst ’t scepsel, siddert, bidt ind beeft.
Ind whear op ny wirdt ’t loftrom iep’ne,
Mei tonge as fen fiuwr sprekt God;
Noch sterker, luwder as to foaren
Herhellet loft ind ierde dat,
It raast fen knetternjen ind bruwsjen,
Heech yn it loftrom boppe jin.
’t Fiuwr falt uet sangenbloue wolken,
Mei ’n tongerslach taglyk; min kin
Gjin tiid mear thinke tuscenbeiden;
’t Wirdt nacht! de stoarmwyn roest ind guwlt;
De bjemmen buwchje har ta ierde;
It wetter falt yn stroomen. ’t Woelt,
It mealt, it draeit yn ’t roun, kringfoarmich,
De wyn fljocht om; hy draeit net mear....
It rottelt boppe: hagelklompen,
Suwsje ynsklaps del ind kear op kear
Is ’t fiuwr ind whear fiuwr, boppe ues holle,
Ja sidderje o minscdom, frij.—
Nou fielt de minsce Gods neibijens,
Syn Almacht ind syn hearscappij.
Erkenn Syn greatheit, yn syn wirken;
Hy blieuwt des minscen beaste Heit.
Yn alles straelt syn heeche goedens,
Ho fremd de wei soms foar ues leit.
Hy heth ien fingerwink to dwaen mar,
Ind sjoch it onwaer nimt ien kear.—
Ind alles pryset nou mei blydens
De God fen leafde, God, de Hear!
Sjoch! dear blinkt ien sinnestrael,
Fieroaf ynne wyde fjirte:
Hiel Natuer keart whear to raest,
Kin de uetsteane eangst forjitte.