Jou dy nei dyn wentsje,
Earrem heideberntsje,
Dat de lea heal bleat,
Yn ’e droeche sleat,
Drok om prikken syket:
Want my thinkt it lyket,
Dat it sniestoarm wirdt,
Hark! it waeit al hird,
Ind it wirdt sa tsjuster,
Dat min ’t rekket bjuster,
Dy net bot bikend,
’t Paed is nei syn went.
’n Donkre bank komt heecher,
Ind de sinne leecher,
Hark de wyn syn stim,
Dy uet ’t oast mei klim,
Luwder opstekt; ’t ruwsjen
Gjit nou oer yn bruwsjen,
Ierde ind loft binn’ ien.
’t Duorret nei ik mien,
Noch mar what minuten;
Hiel de loft is slueten.
Sykje ’t waerme huws;
Mar de lytste kluws,
Mar de lytste hutte,
Dy de kjeld kin scutte
Is ’n paleis foar wha
Oars gjin scuwle ha—
Ind mei fyne flokken,
Komt op oasterwjokken,
Stiltsjes sloepend wei,
’n Freeslyk sniegejei.
’t Bruwst jin om ’e earen,
Dat jin sjean ind hearen,
Mar yn iens forjit,
Ind mar net oaflit.—
Den is ’t noflyk binnen,
Dy mar blyde sinnen,
Ind ien rom gemoed,
Mei what warem bloed,
Heth yn hert ind ieren.—
Hear de sniejacht gieren,
Think oan jerremoed:
Ind doch de earme goed.