Adam wier de earste boer,
Ind syn Eva ’t earst boerinne;
’t Wier do syker net sa’n toer,
Whant hja wierne boer allinne.
Kom er is ien plaets to hier,
Den wier ’t krijen net sa swier,
By gesloten brjifkes, waer
Nooit forhierd ien, minder kar,
Hie sadwaende de forhierder,
Want dear wier mar ’n inkle bierder.
Gjin condytsjes wierne stranch,
Alles sonder boete ind twanch;
Ind wier ’t tiid fen hier biteljen,
Seach min it nooit rjuchtens heljen.
Makkelk waerde min do boer:
Op it hiercontract gjin kosten,
Ind gjin duwbeltje as stuwr,
Op de mynde boelguodsposten.
Dear is ek noch mear dat scilt,
Ek gjin doar as finsterjild,
Brocht min nei ’t onfanchkantoor.
Ek fen omslach oars gjin spoar;
Om nijjier gjin doctersrekken;
By de poepen gjin fen lekken,
As fen lapkes, ta ien jurk;
Buwtendiin gjin fen it wirk;
Dat min liit op rekken scrieuwe,
Sa ’t wol gjit mei handwirksljieuwe.
Ja do wier ’t ien oare tiid:
Hie min sin oan fleis, min slachte,
As ’t jin mar de hals uetbiit,
Sonder oanjaen; min forwachte
Yn dy tyden gjin commiis,
Do wier ’t lân noch net sa wiis,
Om fen hiel de maetscappij,
Elke nywre hunnichby,
Nei to sjean, as ek to folle
Hy byien mocht bringe wolle;
Want hja wyte dat oerdaed,
Mear as krapte ind jearmoed scaedt.
Dus dat is ek goed, ja tige,
Dat min sokke oppassers kryge.