Ja dat! dat is fen sels:
Op Rolandseck ind Drachenfels,
Is ’t moai, is ’t owergewen moai,
Sa moai, dat hath gjin mjitt’ noch roai:
It lit him net bescrieuwe.
Ind weachet immen him dear oan,
To scilderjen dat hearlyk scoan:
’t Scil under wirklykheit fier blieuwe.
Ja wol, ja bergen bint!
Ind wha Natuer mar ’n bytsje mint,
Dy tsjoch dear hinne toefje dear
Ind gean whear foart ind kom dear whear
Om whear genot to smeitsjen;
Gean hiel it Sângebergte troch,
Op Oelberg, Löwenberg ind sjoch
Har kop de leech’re wolken reitsjen!
Dear boude hjar Natuer ien tuen;
Hja bouden er bergen yn, ind ’t puen
Fen Heisterbach, dat stjit noch pal
Foar stoarmen, yn it stille dal.
Ind den de Ryn nei ondren,
Ind Godesberg, dat pronket dear,
Ind Nonnenwerth, dear jinsen whear;
’t Gehiel ien tafereel fol wond’ren.