As alear it bern sa tsjirme,
Ind min alles der oan die;
Dokters ind prefesters helle,
Alle middels oanwend hie,
Alles, alles hie bitocht,
Alles, alles omme nocht,
Alle riid jin joun ta beste,
Ind min hopeleas ta leaste!
Sisz, whear mei de kwael doch sitte?
Whear mei de oarsaek weaze er fen?
Whear mat min de kwael doch sykje?
Whaer ien uetkomst fyne den?
Is it oars eak what misscien,
Dat it hert soks heth oandien?
’k Miende dat ik fluestrjen hearde,
Dat it wirk is fen ’e kweade.
What jou sidze, what jou sidze!
’t Kin net miste, dear sit it!
Dear is net mear mei to dwaen nou,
Goed, ja goed, dat ik dat wit.
’t Keaszen los, wy scil ris sjean....
Och dat earme, earme bern!
’k Doar myn eagen net bitroue!
Scoe min dear net fen bisoue?
Kraens hy kraens, ien hiele wronge,
Dat kom net yn ienen mar;
Daerta wier ien greate tsjoenter,
Mei har baes tige ynne war.
Wha is fen dat spul de man,
Wha is dear de dieder fen?
Heth ’t âldwiif dear fen ’e hoeke,
Eak misscien foar tsjoenster spoeke?
Daer, daer slaegche jou de spyker,
Oppe kop myn goede freun!
’k Ha sels sjoen ho d’ âlde hekse,
’t Berntsje lekker guod tatreuwn.
Ind nou sjoch ik, dei oan dei,
’n Swarte kater oer ’e wei,
Ylinchs troch ’e hachen kruwpen,
Ind troch doar ind feenster sluwpen.
Hja is yn ien kat foroare,
De alde hekse dy ik sei,
’n Echte dochter fen koarthakke!
Ind dat sjoent mar altiid wei.
Ind dear is gjin ried mear ta,
As dy boaze mat wy ha:
Dy mat boppe ’t fiur ind siide
Ind ta fyne jiske briide.
’k Die myn beast om him to fangen,
Mar dear is gjin thinken oan.
Sannen ien, dy is onkweatsber,
Dat ha ik foar goed bifoun.
Dus dear is gjin praet mear fen,
En dearom nei wyzer man!
Dy what djipper ynne dingen,
Fen dy soarte wit to dringen.
Dearom riid ik nei Feanwâlden!
Nei Sierdkoeper, dy wit mear,
(Hark ris, ’t moetske net forjitte!)
Dy wit thues, allyke klear,
As wy hjir, de hiele saek.
’t Is ien man, ien man omraek.
Dy scil jimme ’t foaroaf sisze.
Alles jimme ’t earst uetlisze.
Mar Sierdkoeper is wol wyzer,
Dy syn geest blonk as ien ljocht,
Oer it Oastergeasche tsjuster,
Whant baes Sierd hie undersocht
Ind hy wiste as ’t bern sa kriit,
Whear de leave stumper ’t siit.
As koe hy foaruet ek sisze,
Whear ’t mei ’t bern misscien koe lisze.
As moast hy eak earst ien moetske,
Fen de lytse poppe sjean,
Jit hy ried ind middel wiste,
Foar it lytse syke bern....
Whear ien dokter stom foar stjit,
Wist Sierdkoeper whaer it sit.
Wist fen bern mear as doctoren,
Fen har kwael as professoren.