Dat neam ik nocht ind wille,
Dat jin doch nooit fortret,
Dat echte, wiere, stille
Genoegens foar jin heth.
Natuergenot! myn sinnen,
Binn’ opgelost yn dat!
Gean ik dy wereld binnen
’k Forheuch my yn myn lot.
Ik sjoch mei stille blydens,
It boscich lânscap oer;
Myn eech gjit oer de wydens,
Fen ’t fjild fen toer ta toer.
Ik sjoch it spultsje yn ’t tropke
Grien bleadguod, spjir ind flear,
Wherr ’t oelboerdhoantsje ’t kopke,
Boppe uetstekt, hast net mear.
Ik sjoch de heeche flappe,
Whear ’t weaste sintsje op scynt,
Dat oppe mounekappe,
Dearneast eak ’n reastpunt fynt.
’k Sjoch ’n beamparty, heech troppich.
It hiele sued yn ’t roun
De loft gleaun-tongerkoppich,
Mei blou-swarte achtergroun.
’k Hear tuwsen stimmen klinken,
Fen libben yn ’t ronom;
’k Sjoch tuwsen fingers winken,
Ta ’s Heechstens lof ind rom.
’k Forjit ind tiid ind uwre;
Mei ’t jounklokje eak sa luwd,
Har stimke my ta stjuure,
Ta leaste oafscheidsgroet.
De wylchen stean to waeyen,
Saeft omme miidhuwstuen;
De mounen saeft to draeyen,
Mei seiels, wyt ind bruen.
’k Scoe yn ’t readpannich hueske,
Dat yn it grien har duwkt,
Whear griin ind blommestrueske,
Sa kroederich swiet ruwkt;
Whear kamperfoolje stringelt,
Om koets ind bjirk ind iik,
Ind blossemwyt har mingelt,
Mei aepel, par ind kriik.
Whear oen ’e kant fen ’t noarden,
It tsjokke onderhout,
Om hiel it hiem har boarden,
Ien tichte mantel bouwt.
Whear de appelbeam har tokken,
Gjin kroeplebeam mar ien,
Sa as alear, it sokken,
Hast allegaerre wiern,
Fier oer de romte utspraedt,
Sa’n beaste bellefleur,
Noch nei dy âlden uetscaedt,
Swiit-suwr ind fol fen geur.
Whear hazzenuet ind proemen,
Oerfloedich groeije yn ’t wild,
Swierstammich, alde kroemen,
Yn ’t hoaf; sa smout ind myld,
Dear scoe ik wenje wolle,
Myn hiele libben lang;
Dear toefde ik lang ind folle,
By maitiids-fuwchelsang,
Op d’ âlde deade stobbe,
Struwellen dearom ta,
Whear wyntsjes oer de dobbe
Uet ’t sued frij tagong ha;
Dear scoe ’k op reste wolle,
Forgetten fen ’e wrâld,
Gjin soarchen ynne holle,
Ind stadich wei sa âld.