Whear is it doch as dear wol moaijer
As yn Natuer har wonderryk!
Whear is de kunst, ho eak foreed’le,
Yn fiere fjirt’ har mar gelyk?
Ik boech fol earbiid, graech myn knibbels,
Foar ’s Scepper’s noait folprezen wirk;
’k Sjoch d’ Almacht yn de sinne, yn ’t gearske;
’k Hear God yn tongerslaech, ind ljurk.
Ind as disse ierde net mear rollet,
As disse ues woonplaets net mear is.
As yn de nacht fen folchende ieuwen,
Dit plak fornytige is for wis.
As ’t plakje ierde, ’t niiich stofje,
Dear wy it al binei yn sjean,
Har oplost ta ien oare foarrem,
Whaeruet gjin minscelyk each har kin.
Dan scil de lof fen God nei swije:
Misscien klinkt heecher lofpasolm,
Uet ryner boarst fen heecher tonge,
De Heechste daer, dan ’n huldegolm.