FRYSLAN

Ja Fryslân, lân fen alde namme,

Ien leaste tokke op de alde stamme,

Fen de alde foarse iekebeam!

De Schelde in Eider wier dyn seam:

Dat al ien folk fen frye Friezen

Ind machtich, great ind moedich, ryk!

Fen fryens haldend, tagelyk.

Whear is dyn wearga ea to fynen?

Gean sykjen nei de fiouwer wynen,

Dyn wearga fyn ik nearchens net.

What mennich lân oan beastens heth:

Ik fiel my feastboun oan myn Fryslân,

Mei onforbreakb’re feaste bân:

Whant Fryslân is myn Heitelân.

Ja Fryslân ha ik altyd pryze;

Ik scoe de fremdling dear op wyze,

Op al it moaye fen dy groun.

Ik leadde him dat hiel yn ’t roun!

Ik sei: hjir is de frijens berne,

Hjir wier hy mei de Fryzen ien:

Hy siet har djip yn mark ind biin.

Frysce wâldblomkes · 第 15 / 58 题