IEN MOARN YN MAYEMOARNE

Boerkerije, boerkerije,

Is de rom van Fryslâns groun;

Bij dat libben ha de frije

Friezen, har sa beast bifoun.

Ier fen ’t bead; hast foar de dage,

As Natuer noch swiitsjes slept,

As oars noch gjin ien him rept,

Dan de melkebisten jage

Uet de swiete nachtreast wei,

Saechtsjes nei de jister mei.

Ind den gjit it op ien struwsjen,

Fen ’e boom to d’ amersrân;

’k Hear de dikke speten bruwsjen:

’t Sulwer uet it Frysce lân.

Wylst min hjir ind daer ien tsjerne,

Horich uet ’e omtrek wei,

As de wekker fen ’e dei,

Fierou bonsjen heare kenne:

Dat ’e groun dear hast fen dreunt,

Ind it byntwirk er fen kreunt.

Heecher, heecher, komt ’e sinne;

Ind by ’t sjongen fen ’e ljurk,

Tsjocht nou nei de bouw ind finne,

Ieder man mei flijt oan ’t wirk.

De iene ploeget, d’ oare eidet,

Yn it molle droeche lân,

Wirdt ’t sied struit troch sjidders hân;

Oaren gean to kei forweidsen,

As ja ierdsje oppe acht

Fen d’ oanfoerde modderfracht.

Ind uet fiere, fiere fjirte,

Klinkt it troch ’e stille moarn,

’n Oarlochskreet tsjin tuech ind kjitte

Luwd ind scel de wjusterhoarn.

Dy de hiele wyde heide—

Nei de jonge flaexen ta,

Dy al laest fen fyter ha—

’n Wjusterleecher scil geleide:

Legertje fen greater nut,

Dan it mei it greate wirdt.

Frysce wâldblomkes · 第 12 / 58 题