Dear sciedt him ’t wiite ind it droeche;
De wett’ren hjir en dear it lân;
So teuchelleas dy greate flakte,
Hie heeche Scepper Almachts hân,
Bigean mei minscelyke swakte,
Har feastlei net mei stranche bân.
Ind whear hja de oewer mei hjar golwen
Bespiilt, ho hearlyk is it dear,
As saeft hja op it strân har brekke,
Mei mylioenen tongen luwd,
Gods lof hja sjonge, prysje, sprekke,
Dy ’t yn ien lofpsalm God wirdt stjuwrt.
Nou is it as de lieu, dy reastich,
Yn ’t leecher dear to sliepen leit,
Mar sjoch ris as ’t ontboeid noard-westen,
Opsteapelt ’t wetter ta de loft,
Ind den whear leech wirdt, dat de festen
Fen de ierde dreune as it delploft.
Wha fiilt him den net swak net niitich!
What is ien minscewil ind kracht!
Yn hiel natuer is God to merken,
Forsteanber whear ien suchtsje ruwst,
Op koeltsjes bringende oasterflerken,
Ind whear de orkaen yn fleachen bruwst.