Ja, nou is ’t sabbath yn Natuer!
Uet rozewolken brekt ’e sinne,
En hinget om;
It lytse gearske, om tokje ind blom,
Ien hiele scat juwielen hinne,
Dy bern fen ’t ljocht,
(Ien sé fen pracht)
Foar ’t moarnfeest berne binne.
Ja ienich is sa’n moarntoniel:
It liit fen tuwsen fuwchelstemmen,
Onsjeanber heech,
As under blom, ind griin omleech,
As whear yn ’t lof fen tichte bjemmen,
Is ien pasolm,
Ien huldegolm,
Ta ear fen ’s Sceppers greatens.
Ind hiel it appelhoaf stjit wyt:
It is, as wier ’t ien kleurich lekken,
It roekt sa swiet,
Sa hunnichswiit, fen wiid ind siid;
De bykes sjocht min ’t fjild ynstekken,
Yn ’n spjirbeam koert,
De houdou luwd
Yn d’ iiken scottert d’ ekster.
De huesman kuiert troch syn tuen,
Hy sjocht nei ’t hakjen fen ’e ikker;
Roekt nei de kears
Har blossemswiit, as tept yn ’t gears,
Ien hynsteblom; de fuwchelscrikker
Stjit by dy pracht,
Mar trou op wacht
By ’t bertsje jertepuwlen.
De jongens gean mei pols ind stok,
t’ Aisykjen nei de âlde mieden,
Mei ’n hert fol moed,
Om ’n bult to fynen; klear ind luwd
Bijint de tsjerkeklok to liiden,
Ind, fen ronom,
Ropt ’t dringend, kom!
God yn sa’n moarn to earen.