SIMMERJOUN

After wolken wei, brekt ’t leaste ljocht,

Dat de ald wettermoune, yn ’t buwtlân,

Tsjin de donkre oasterloft oan, blinken docht.

Fier ou, tuscen ljachte marren yn,

Oen ’e kymen, yn forlerne fjirte,

Blinkt it wyte tsjerkje noch yn sinnescyn.

Nei de jounkant ta, leit oer de kruen,

Fen ’e ypren, dear de plaets yn scoelet,

Tear ind saeft ind leafelyk ien jounlyk bruen.

Ind ik sjoch dat alles dear yn ’t roun:

’k Sjoch de beesten op ’e terp dear weidsjen,

Helder, ljocht ind klear tsjin donkre aftergroun.

Scjippewolkjes drieuwe yn de loft,

Ind dear faert mei goud oafset, de kymen

Saeft ind steatich lâns, ien bloue wolkenkloft.

Ik blieu yn bewondering forsonken. ’t Ljocht,

Gjit yn ienen wei oer ’t fjild, as fleach it,

Sa dat min yn ienen alles oars whear sjocht.

Oare kleuren, oare toanen; koel

Leit it landscip dear nou, donker kleurloos,

Wekt yn ’t hart op iens sa’n errenstich gefoel.

Dear is ’t ljocht whearom, sinnescyn, ’k stean

As verrukt, ta ’t duwkt yn ’t bead fen rozen,

Ta it prachtig jountoniel, ’t sinn’ondergean.

Frysce wâldblomkes · 第 9 / 58 题