JOUNLANSCIP

Sjoch de yn jounscyn wyte breage,

Oer ’n troch bosc ynslueten feart,

Whear lâns donkre aftergroun him,

Wei ind feart nei ’t oasten keart,

Mei ien scerpe bochte yn ienen.

’n Kokerwettermoune stjit,

Ynne simmerreast to blinken,

Dy sont moarne Maert net gjit,

Oppe lâns kant fen it wetter;

Heth it oast, ind weast, ind sued

Mar allinne frije wynen;

Wylst boscaedje ’t noard oafsluet.

Ind neast him yn ’t kleare wetter,

Spegelt hij him ljacht ind klear,

Krekt oars om mei kop en roeden,

Alles yn syn hear ind fear.

Ind ’t âld hynder luwkt it trekscip,

Rint uet ’n sueteldrafke wei;—

Oer it bosc leit ’t saefte scynsel,

By it oafgean fen ’e dei.

Ind op ’t wetter leit gjin rimpel;

Ind gjin sychen roert de loft;

Luwd ind foars klinkt uet de iiken;

Tjott’rjen fen ien protterskloft.

Om ’e hoeke komt ien scipke,

’t Seiltsje wyt, it fokje bruen,

Mei syn meast ind seil net heecher

As de leechste bjeamekruen.—

Suenich lâns de wei to kuyrjen,

Gjit drok praetend ’t alde pear,

Sommes luwder, soms heal fluestrjend,

Oer ’e tyden fen alear.

Oer ’t gehiel ien waes fen frede!

Alles stillens, whear ik tuer,

Hearlyk simmereagenblikje;

’n Saefte jounblik fen Natuer!

Frysce wâldblomkes · 第 8 / 58 题