In eintsje bûten it doarp, net fier fen de sédyk, stie oan de wei, dy
’t twisken greate koarnfjilden roun, it hûs fen lytse Jaep syn heit en
mem.
Krektsa gyngen mem en Jaep foart om heit fen it lân to heljen. Dêr
wieren in hiele bulte feinten en fammen oan it sichtsjen en binen. Jaep
koe se allegearre, hwent hy gyng wol faker mei mem nei de bou om heit
to heljen, ef om him iten to bringen.
Se hâldden allegearre tige folle fen de lytse jonge, om ’t er sa frij
yn ’t praten wier en suver net skruten ef bleu. Do ’t se him mei mem
oankommen seagen, laken se al en lange Gerrit rôp: „Moatte we wer
hynsteride, Jaep?” Do wrong it jonkje syn hantsje los út memmes en
skeat as in hazze op in lange laitsjende feint ta.
„Dach heit!” rôp er oan in man, dy’t in hiel ein fierder ôfstie; „ik
kom op it hynsder by heit!”
„To den!” sei Gerrit, dy’t al op hannen en foetten op ’e groun stie.
Mem en it oare folk laken hjar slop om ’t Jaep hast net op it hege
hynsder komme koe. Einlings siet er; hy hâldde it hynsder stiif beet
oan it blauwe baitsje. Dêr bigoun it bist to rinnen. Hwet hie Jaep in
wille; hy bleau goed sitten al roun de happe ek noch sa hird.
Och, och, hwet laken dy fammen en feinten, en heit en mem ek. Mar do’t
de happe tichte by heit kaem, bigoun er ynienen sa to stegerjen en to
springen, dat de jonge der amper op sitten bliuwe koe, en op ’t lêst yn
in heap ôfslein koarn tolânne kaem. Die er him sear? Wolné, it hynsder
en hy stienen gau oerein en wiernen allebeide fjûrread om ’e holle fen
dat draven.
„Wol heit my nou werom ride?”
„Nou, jonkje, dat wirdt my manskernôch; dou moast mar efkes op ’t
skouder, tinkt my.”
Ja, ja!” rôp Jaep, den kin ’k de sédyk sjen.” Heit tilde him op, en dêr
siet er, de hân op heit syn pet. Sa rounen se nei hûs.
„Ik sjuch de dyk, hwet is it dêr wyt boppe, heit, hwet is dat?”
[Illustration: Ik sjuch de dyk, hwet is ’t dêr wyt boppe, heit.]
„Dat binne de wite wiven, jonge,” sei Gerrit, „dy sjugge, eft de bern
al op bêd binne, en as se noch ien fine, den nimme se dy mei nei hjar
glêzen stins op ’e boam fen de sé.”
„Och kom, Gerrit”, sei mem, „dêr is neat fen oan, jy scoenen de jonge
bang prate.”
De fammen seinen ek, det der neat fen oan wier.
„’t Is de dize ljeave,” sei Ant, „dat is jouns altyd sa, as ’t hwet
koeler wirdt bûten, den sette de dampen op.”
Mar Jaep seach ûnder ’t rinnen aloan nei de sédyk, dêr ’t sok wûnder
reach oerhinne flapte.
„Ja,” sei er, „it binne wite wiven, ik sjuch it”.
„Jawis”, sei Gerrit, „mar dou bist net bang fen hjarren, wol? Ljeave
bern dogge se neat, hear!”
Mem seach Gerrit tige lilk oan en sei: „Ik wol net lije, dat jy him
sokke praetsjes wysmeitsje, hy kin der tonacht wol fen dreame.”
Gerrit lake der hwet om, mar hy bigoun dochs mar oer hwet oars to
praten, hwent hy woe it jonkje net bang meitsje.
Einlings wieren se yn ’e bûrren. Dêr moasten se allegearre ûngelikense
kanten út. „Goê-joun!” rôpen se allegearre en do panderen heit en mem
en Jaep allinne fierder.
It jonkje wier stil; hy seach noch altyd nei de wite wiven, dy’t dêr
boppe de sé omsweven. It like, eft se oer de dyk hinne dounsen. Hy koe
hjarren antlit net sjên, dêrfor wieren se to fier ôf. Wylst heit en mem
meiinoar praetten, prakkesearre hy mar aloan oer dy wite forskinings,
dy’t in glêzen hûs hienen op ’e boam fen de sé. Bang? né, dat wier hy
net. Hy woe bêst ris nei de boam fen de sé ta om moaije núnders to
siikjen en al dy frjemdsoartige fisken to sjen, dy’t yn syn printeboek
stienen. Dy scoenen wol net yn de stins komme meije.
Einlings wieren se thús. Mem snie gau it iten ré; en do’t se kofje
yngetten hie en Jaep in glês mâlke jown, gyng se hwet sitten to
breidzjen. Heit lies de krante.
„Dou fregest net iens, eft heit ek mei dyn skipke oan ’e gong scil,”
sei mem.
„Hea né,” sei Jaep, „ho kin ’k dêr nou net om tinke; docht heit der
strak hwet oan?”
„Nou, de mêst kinne we joun wol dien meitsje, mar ik moat efkes nei
bûrren om my skeare to litten, det folle scil der wol net fen komme.”
Wylst mem de tafel ôfromme, helle Jaep gau it skip. It wier ien fen in
greate klomp fen Gerrit. Heit makke fen in kantich houtsje in roune
mêst, dy’t boppe hwet tinner wier as ûnder. Do’t heit him mei it mês
goed roun skrabbe hie, sei er: „Nou gean ik foart hear, den moastou mem
mar om in stikje skoerpompier freegje en him dêrmei moai glêd wriuwe.”
Mem joech it him. Sjonge, hwet waerd dy mêst moai! Do’t it dien wier,
sei mem: „Sjesa, nou moastou de boel mar gau opbergje, hwent it is hege
bêdtiid.”
Jaep die, hwet mem sei en laei al gau op bêd yn it keammerke, dat op ’e
sédyk útseach. Mem bistoppe him en sei: „Gau sliepe hear feint, mem
giet hwet foar it hûs stean to breidzjen.
Jaep die de eagen wol ticht, do’t mem foart wier, mar hy sliepte sa gau
net as oare jounen, hwent hy moast aloan oan ’e glêzen stins tinke.
Hwet scoe dat moai wêze, det jy oan alle kanten útsjen koenen en oeral
fisken seagen!
Gerrit hie sein: se namen wol bern mei dêrhinne. Och, hwet scoe hy
jerne ris mei wolle. De wite wiven wieren ommers neat net kwea.
Do ’t hy in hiel skoft mei de eagen ticht lein hie, die hy se efkes
iepen, en hwet seach er? It finster stie iepen. Forsichtich stapte hy
fen ’t bêd en seach nei bûten. It wier noch lang net tsjuster, mar hy
koe de dyk net sjen, hwent it nôt stie der foar.
Scoe hy ris bûtendoar gean om to sjen, eft se der noch wieren? Hastich
die er hwet klean oan en klom troch it finster nei bûten.
Hird roun er it lânpaedtsje del, dat troch it nôtfjild gyng, hwent
nimmen mocht him sjen. As hy dêr mar ienkear wier, koe dat ek net,
hwent it nôt wier folle heger as hysels.
Hy roun dryst troch, rjucht foarút. Mar it wier noch in hiel ein. As hy
in nôtfjild troch wier, kaem hy troch in ierapellân en den wer nôt.
Aloan folge hy itselde paedtsje, it sépaedtsje.
Mar ûnder it rinnen waerd it al in bytsje tsjuster, en ús lytse man, dy
’t niis ek al sa roun hie, waerd hwet wirch. Hy roun al stadiger en
stadiger en syn eachslidden waerden sa swier....
„Efkes”, sei er, „moat ik sitten gean om út to resten, den kin ’k aenst
wol wer fierder”.
Hè, hwet siet hy dêr noflik tsjin in stûke oan. Nou scoe hy ris sjen,
goed sjen ... as ’t wier, dat de wite wiven kamen. Den scoe hy freegje,
eft er efkes mei mocht om de stins to sjen. Mar syn eagen woenen net
iepen bliuwe.
En dochs ... ja, dêr kaem hwet wyts oansweevjen. Syn hertsje kloppe—ja,
it kaem neijer; mear en mear hiel fine frouljue mei wite gazen klean
sweven om him hinne.
Jaep woe hwet sizze, mar it wier allegearre sa wûnder, dat hy hâldde
him mar deastil. Ynienen fielde hy, dat er omheech gyng, de loft yn.
Deun om him hinne sweven de gazen klean fen de séfrouljue. Hy koe
hjarren net sa klear sjen, hwent it wier krekt eft it tige mistich
wier. Mar dochs fielde hy, dat er fierder sweve, al mar fierder twisken
de wite wiven. Under him seach er de fjilden en de huzen en einlings de
sédyk.
Nou seach Jaep oer de greate sé: Dêr wier gjin mist. Hwet koe hy dêr
fier sjen. De moanne skynde oer de rimpelige wetterflakte, sadat it
like, eft de lytse weachjes fen silver wiernen.
Mar dêrre, oan it strân foartby, dêr seach hy hwet yn it wetter
dobberjen. It wieren skipkes; mar hiel nuvere. En ear ’t Jaep it wiste,
siet er al yn sa’n skipke.
Eigentlik wier it gjin skipke, mar in greate skulp mei prachtige
parlemoernen kleuren fen binnen. Krekt sa’n ien as mem yn ’t lyts op ’e
skoarstienmantel hie. Der sieten ek seiltsjes op, fen itselde wite gaes
as de klean fen de séfrouljue, sa tin, dat jy de moanne en de stjerren
en de silveren rimpeltsjes fen de sé der trochhinne seagen.
Neist him siet in séwiif. Nou yn it ljocht koe hy hjar goed sjen. Se
seach der sa fyn út as in fé út in mearkeboek. Hjar hier like silveren
spinreach en hjar eagen diamanten stientsjes; hjar wide gazen jurk
wappere troch de wyn.
Yn de oare skipkes sieten nou ek wite wiven, hy koe se allegearre klear
sjen.
Dêr ynienen gyngen de skipkes foart. Hiel fluch glieden de skulpen oer
de silveren weachjes, en wyld wapperen de gazige seiltsjes.
Mar hwet wier dat? Hwêr kaem dy moaije muzyk wei? It wier ef’t in
fyoele song. Dat dienen de séwiven, hy seach it oan hjarren mûlen. Och,
hwet hearde dat sêft en moai! En al mar hippelen en dounsen de flugge
skipkes fierder....
Mar ynienen—floep—skeaten se tagelyk ûnder wetter. En Jaep? Dy wier net
ienris bang ûnder wetter, al sonken de skipkes ûnder him wei, hwent
sjuch, hy wier gjin gewoan jonkje mear, hy wier foroare yn in
wetter-jonkje. Syn foetten wieren foroare yn in fiskestirt en hy koe
samar swimme. Twa fen de wite wiven hâldden him elk by in hân en de
oaren wieren ek om him hinne. Hy koe it klear sjen oan de ljochtsjende
eagen.
Mei foarsje gyngen se skean de djipte yn, en mei ’t se djipper kamen,
waerd it tsjusterder en tsjusterder.
Einlings glinsteren der ljochtsjes yn ’e fierte. It wier de glêzen
stins!
Och, hwet wier it dêr moai! Troch in greate poarte kamen se yn in hiele
romme seale, alhiel fen glês. Greate pearels, dy’t ljocht útstrielen,
hongen oan ’e souder twisken de prachtichste slingers fen wier. De
groun wier bisiedde mei kleurige núnders en skulpen en oare dingen. En
ek woechsen der alderhande frjemdsoartige séplanten. Somliken hienen
sokke greate blêdden, dat de wite wiven se for sitplak brûkten.
En it moaiste fen dat alles wier, dat de wûnderlikste fisken en oare
dieren by de glêzen lâns swommen.
Jaep gyng deun tsjin it glês oan sitten om út to sjen.
Hwet seach hy dêr in heap fisken, lytse en greate, gûds mei en sûnder
kleur, moaije, en rare dêr ’t hy hast bang fen waerd. Botten en skollen
swommen dêr ek; dat liken wol fûgels; hjar greate finnen liken de
wjukken. En ielen en séstjerren wieren der!
Jaep treau syn noas plat tsjin it glês om mar safolle mûlk to sjen.
Hwet in grouwe fisk! Dat scoe wol in walfisk wêze, tocht him. Foart
wier de walfisk wer. Dêr fierderop, hwet wier it dêr tsjuster yn ’e sé,
krekt as de loft by nacht.
Hwet wier dat dêr? Hiel lytse ljochte dingkjes sûnken stadich nei
ûnderen en al mar kamen der mear fen boppen. Jaep frege oan ien fen ’e
wite wiven: „Hwet is dat dêr?” Se seach, hwêr’t hy wiisde en sei: „Dat
binne triennen fen dyn mem; dy stiet oan it strân to skriemen, hwent se
tinkt dat hjar jonkje fordronken is.”
[Illustration: Dat binne triennen fen dyn mem.]
Hwet skrok Jaep dêrfen; en mei triennen yn de eagen sei er: „O, ljeave
séfrouwen, bring my gau nei mem, hwent ik bin samar stil foart roun.”
„Ik tochte”, sei in séfrou, „datstou ús moaije glêzen stins sa graech
sjen woeste; en nou bistou der noch mar krekt en nou wolst foart.”
„O,” rôp Jaep, dy’t al mear en mear triennen sinken seach, „ik kin hjir
net mear bliuwe, „memke, memke, ik kom”, en hy snokkere derfen.
De wite wiven hienen meilijen mei him. Se dienen de glêzen poarte
iepen, namen him by de hân en swommen sa hird as se koenen op de
sinkende ljochtsjes ta.
Al gau wieren se deunby, en nei’t se mear nei boppen kamen waerd it
ljochter en ljochter.
Ynienen wiernen de wite wiven fordwoun. En Jaep? Dy stiek de holle
boppe wetter en—seach foart by him syn mem.
„Memke,” sei hy, „hjir bin ’k al wer.”
Syn mem fleach op him ta en tilde him op. En sjuch, do’t hy út it
wetter wier, wier ynienen syn fiskestirt fordwoun.
Hy skriemde noch tige en mem ek.
Mar do’t hy goed taseach—hie mem him út it wetter helle? Hy seach gjin
wetter, mar wol in lân fol stûken.
Mem rôp lûd: „Ik haw him foun.”
En ta Jaep syn greate binijing kamen der ynienen allegearre minsken
twisken de stûken wei, mei lantearnen yn ’e hân. Hwet rounen se hird op
hjarren ta. Earst kaem heit. Hwet wier dy wyt om ’e holle en hwet seach
hy ûntdien! „Lokkich!” sei hy, „hwer wier der?”
Gerrit en alle feinten en fammen en bûrljue kamen nou om hjarren hinne.
Somliken skriemden, mar allegearre seagen se bliid nei it lytse jonkje
op memme earm.
„Laei er hjir yn it nôt?” fregen se.
„Ja,” sei syn mem, „hjir laei er to sliepen”.
Do naem heit syn jonkje op ’e earm en allegearre gyngen mei dat út, op
hûs yn. Underweis fregen se him, hwerom ’t er dochs foartroun wier.
Jaep fortelde, dat hy wier-wier by de séwiven wêst hie yn de glêzen
stins. „Jy hawwe it net ljeagene, hear Gerrit, it wier tige moai!” En
myn foetten wieren foroare yn in stirt en dêr swom ik mei”.
Hy woe it net leauwe, do’t se tsjin him seinen det it net wier wier;
det hy it dreamd hie, do’t er yn it nôt laei to sliepen.
De oare deis lykwols fortelde syn mem him ho kjel se wirden wier, do ’t
se it bêd leech foun hie, en ho’t do alle minsken, dy’t der fen
hearden, mei holpen om him to siikjen, oan ’t se him einlings sliepende
tsjin in stûke oan foun hienen.
Do bigriep Jaep alles. De triennen kamen him wer yn ’e eagen, nou ’t hy
wist, ho’n eangst heit en mem om him útstien hienen. Hy fleach hjarren
om ’e hals en sei: „Wier, wier, ik scil it noait wer dwaen!”
[Illustration]
[Illustration]