De oare moarns wier de Boskbeppe it earste wekker. „Kom”, sei se, „ik
scil myn útfenhûzers ris roppe: Berntsjes, der ôf!”
Syp en Sip wiernen yn ’e sliep alles forgetten fen hwet der bard wier
en tochten, dat mem rôp.
„Hea, sa bitiid al, ik bin noch sa sloech,” krimmenearre Sip.
„Dat is neat, dat komt moarntonacht wol yn oarder”, sei Beppe, en se
bûgde hjar oer it bêd. Do kamen de bern ta hjarren sels.
„Ik hear it al”, sei de Boskbeppe, „it binne noch de âlde Syp en Sip,
dy’t altyd tsjinprate. Mar wy scille der wol gau in nije Syp en Sip fen
meitsje, dy’t bliid en fleurich dogge, hwet Beppe seit.”
Hwet krigen de bern in kleur, det se Beppe sa’n raer biskie dien
hienen; yn in eachwink stienen se nêst it bêd en bigounen hjarren oan
to klaeijen.
„Sa mei ’k it sjen”, lake Beppe. „Dêr is waskwetter, as jimme klear
binne, kom den mar yn ’e keamer.”
De bern seagen raer, do’t Beppe foartgyng. Hwa moast hjarren nou
waskje? Einlings sei Sip: „Hjir, ik scil dy, den moastou my aenst.”
Hwet moasten se laitsje by dat wirkje. Mar it kaem gnap foarinoar, en
it dûrre net lang, ef hja gyngen skruten nei de keamer. Beppe hie bôlle
en geitemâlke for hjarren klear set. En do ’t dat op wier, helle se in
greate koer foar it ljocht, in koer fol klean, hiele lytse kleantsjes,
krekt bernegûd.
„Riede,” sei Beppe, „hwaens klean dit binne”.
„Fen de boskmantsjes?” frege Sip forwûndere. Se seach in read
puntmûtske, sjuch.
„Krekt. Nou scil ik earst sizze, ho ’t jimme dizze stikkene klean
meitsje moatte.”
Beppe hie Sip gau wiisd, ho ’t se naeije moasten. Syp moast al it gûd
ôfboarstelje en opteare.
Do ’t se iverich oan ’e gong wieren, fortelde Beppe fen de
ierdmantsjes: se wennen yn ’e groun. Deis sliepten se, en nachts wirken
se, elk mei in lantearntsje foar ’t boarst. Se forbouden koarn, dêr ’t
se moal fen mealden en brea fen bakten, ek for de Boskbeppe. En se
groeven djip yn ’e groun for goud, dêr ’t se tsjientsjes fen makken. Dy
leinen se nachts by de earme minsken op ’e tafel.
[Illustration: . . . en groeven djip yn ’e groun for goud.]
Och, hwet founen de bern dat aerdich fen de ierdmantsjes.
„Hè, hè!” hwet woe it min by Sip.
Beppe hie it der al twaris úthelle. As se nou by mem west hie, scoe Sip
it wirk der al lang hinne smiten hawwe. Mar Beppe sei: „Bern moatte
leare om oan to hâlden. As se wolle, den kinne se ek.”
En wrichtsjes, al hie Sip nei in skoftke in fjûrreade kleur, se hie twa
skoerren hiel makke, en in knoopke oanset, en kreas ek!
Syp tearde de klean earst tige slof op. Mar do ’t Beppe him foardien
hie, waerden de steapeltsjes tige kreas en sa rjucht as in kjers.
Nei iten mochten se in skoft bûten boartsje.
De middeis wier der al in hiel steapeltsje gûd klear. En om ’t it do al
skimerjoun waerd, sei Beppe: „Sjesa, moarn ris wer.”
Se rommen de boel op, en nei ’t hja noch in skoftke sellich by Beppe
sitten hienen to praten, wier it bêdtiid.
Hwet fielden Syp en Sip hjarren nou great, nou ’t se safolle dien
hienen, hiel oars as foartiid. ’t Wier krekt, eft se âlder wirden
wieren; se koenen al safolle!
Alle dagen learde de Boskbeppe hjarren nije wirkjes. Dat learen wier
wol net sa maklik en se hienen der net altyd nocht oan, mar dêr lieten
se neat fen skine. Koenen se it ienkear, den wieren se sa bliid en
lokkich, en as it wirk dien wier, fortelde de Boskbeppe moaije
forhalen. Dêr kaem ek yn fen „tsjoenen”, en dat founen de bern tige
moai. Se harken der nei mei saun pear earen.
En noait wier de Boskbeppe lilk, hiel oars as by mem. Mar as se by mem
ek ris sa flink wieren?
„Hwet ha wy hjir nou al lang west, net Beppe?” sei Syp op in kear.
„Woenen jimme graech nei hûs?” frege de Boskbeppe.
Syp en Sip seagen hjar bliid oan en seinen: „Ja, Beppe.”
„Nou”, sei se, „den geane wy joun, ik scil de slide den foarkomme
litte.”
Hwet laken dy bern mankoarren bliid oan!
De jouns, do’t de moanne en de stjerren oan ’e loft stienen, kaem de
geiteslide foar. En howol ’t der gjin snie laei, dochs glied it maklik
oer de glêdde niltsjes fen de dinnebeammen, dêr ’t de groun mei
oerditsen wier.
„Nou haw ik twa _lytse_ berntsjes helle”, sei de Boskbeppe, en ik bring
twa _greate_ werom, dy ’t fen alles kinne. Hwet scille dy heit en mem
fen jimme raer opsjen!”
Dêr ynienen wier it: hou! Se wieren oan de rânne fen de bosk komd, by
de strjitwei. Dêr koe Beppe net ride en se sei: „Jimme moatte dizze
strjitwei mar gau út rinne, den binne jimme thús”.
De bern fleagen de Boskbeppe oan, sloegen hjar om bar de hannen om ’e
hals en bitanken hjar for alles, dat se fen hjar leard hienen.
Do weauwen se noch ris mei de hân en rounen op in draef de strjitwei
del.
Beppe moast nei in oare oarde om wer in pear bern op to heljen.
Dêr yn ’e fierte seagen se in ljochtsje barnen. Scoe it fen hjarren hûs
wêze? Ja! Se rounen as hazzen en tikken op ’e ruten: „Mem, heit! Hjir
binne wy werom!”
Mem en heit gyngen meastentiids let op bêd, om ’t se sa ûnwennich fen
’e bern wieren. En eltse joun hopen se, dat Syp en Sip thúskomme
scoenen. Se stauwen nei de doar en namen hjar ljeave bern yn ’e earmen.
Hwet wieren se bliid! Syp en Sip moasten yn ’e hûs op ’e tekst fen al
hwet se bilibbe hienen.
Do ’t mem hjarren op bêd brocht, sei se: „En nou scille wy moarn
meiinoar ús bêst dwaen, wier?”
De bern ûnthjitten it en ... dienen it ek.
De oare deis, do’t se nei skoalle wieren, foun mem de bêdden al
ôfhelle, en sa wier se gau mei hjar wirk klear. Nei it iten droege Sip
hiel handich de skûtels ôf, en Syp brocht dingen for heit foart, dy’t
heit yn ’e smitterij for de minsken makken hie.
En mem? Dy ûnthâldde mar goed, hwet de bern fen de Boskbeppe leard
hienen, al wier it ek noch sa slim en forfelend. En mem die krekt as de
Boskbeppe: se sette de bern flink oan ’t wirk. As de bern nei in hiel
set al ris wer forgeaten om goed en ljeaf to wêzen, den sei se: „Lytse
bern kinne hjar eigen baes net wêze, dat hawwe jimme ûnderfoun. Sûnder
praetsjes, dwaen hwet mem seit.”
Sa hie mem noch mear fen de Boskbeppe leard as de bern.
En tinke jimme, dat der ea wer rûzje en geskriem wier? En dat elk sei:
„Hwet binne dat ûnaerdige bern?”
Gjin tinken oan, elk mocht dy flinke, ljeave bern graech lije.
Jiffrou yn skoalle wier fensels ek tige bliid, dat dy twa dêrre sa
flink hjar bêst dienen. Do’t se wist, ho ’t dat ynienen sa kaem,
fortelde se op in kear it forhael fen de Boskbeppe oan de bern fen de
klasse.
Miskien koenen dy der ek hwet fen leare.
[Illustration]
[Illustration]