DE WETTERBERNTSJES

In greate boerkerije stie net fier fen de marswâl. Dy hie in opfeart

nei de mar, en dêr kamen ek allegearre lytse sleatsjes yn út, dy’t om

’e pleats hinne rounen.

It wier simmer, en den is it tige moai yn ’e sleatten. Lâns de kanten

stie heech reid mei heappen moaije glânzige plommen. Yn it wetter

groeide wier. Dat binne prachtige slingerplanten mei kronkeljende

stâllen fol fine grine bledtsjes, sims hiele bosken, sadet de sleat fol

like. Ek wieren dêr wetterlyljes. Dy driuwe op it wetter, mar ûnder

wetter sitte de lange stâllen. Dy komme út de boam fen de sleat, dêr

sitte de woartels yn. Op ’e boam laei sân mei núnders, en it wier dêr

krekt sa ljocht as op it lân, hwent it wetter wier sa klear as glês.

Yn dy sleatten wennen alderlei bisten: fisken, ielen, kikkerts,

salamanders, tûrren, wetterspinnen en alderhande oar lyts gnob.

Mar—der wennen ek wetterberntsjes! Hiele lytse bizige dikkertsjes

wieren it, net greater as de fiskjes dy’t dêr swommen. Se hienen greate

roune eachjes, krekt as de fisken en dy glinsteren altyd fen nocht.

Binammen as se hjarsels hwet bakeren yn de sinne op de greate blêdden

fen de wetterlylje, seagen se der dochs sa alderljeafst út. Hjar boskje

hier waerd troch de wyn opdroege, en dy lokjes wieren den sa glânzich,

dat it wol sinnestrieltsjes liken.

[Illustration: . . . as se hjarren hwet bakeren yn de sinne.]

Witte jimme, ho’t se op sa’n blêd kamen? Swimme koenen se fensels net,

hwent se hienen gjin fluezen twisken de teannen en fingers, lyk as de

froasken. Se kuijren op ’e boam fen ’e sleat, en as se nei boppen

woenen, sochten se in stâlle fen in blêd en klommen omhegen as in

matroaske yn de mêst. Mar as se op it lân wêze woenen, moasten se noch

folle heger klimme. Se sochten den de tsjokste reidpylk—hwent de

tsjokste is fensels de langste—en den klommen se omheech, omtrint oan

’e plom ta. Hwet koenen se den fier sjen: oer de hiele mar en oan’t de

boerkerije! Boppe-oan wier de pylk fensels tin en bûgde om as in

wetterberntsje sa fier klimme doarst. Den hongen se oer nei de kant fen

it lân en de greate reidpylk sette hjarren (mei in earbiedige bûging)

op ’e groun. Dêr makken se de plom oan in lange raei fêst, hwent

sadaelks moast de pylk hjarren wer yn ’t wetter bringe. Hwent yn it

wetter woenen se ljeafst wêze; dêr seagen de minsken hjarren net. Se

wieren gânsk skruten for de minsken ... mar net for de bisten. De

bisten wiernen de frjeonen fen de wetterberntsjes, dy hâldden tige

folle fen hjarren. Witte jimme, ho’t dat kaem? Omdat de wetterberntsjes

de bisten altyd holpen; hwent de wetterberntsjes wieren gochem en de

fisken en oare bisten sims dom. Faken swom ien yn in net, dat in fisker

dêr delset hie, en scoe grif tamakke wêze, as in wetterberntsje him net

forlost hie.

In froask wier ris troch in eibert yn ’e poat biten, mar hy koe noch

krekt foartkomme. Krôljend fen pine founen de wetterberntsjes it earme

dier mei in stikkene poat. Se forbounen him mei in krûdich blêd, en mei

in wike koe de froask wer springe as de bêste.

De salamanders, de spinnen en de oare dieren fregen altyd oan de

wetterberntsjes hwer’t se hjarren aeijen lizze scoenen, en dizze wisten

sokke feilige herntsjes oan to wizen, det de bisten net hoechden to

tinken, det se sa kwea koenen.

Jimme kinne bigripe, ho’t de bisten mei de wetterberntsjes op hienen!

Mar op in kear barde der hwet ôfgrysliks. In fisker kaem mei in

skepnet; hy botste it ûnfortocht ûnder wetter en—skepte tafallich in

wetterberntsje op. As de reek klom it oer de rânne, en mei in lûde bots

sprong it wer yn it wetter. Hwet wier dat earme sloofke binaud! En hwet

skrokken de oaren en de bisten fen it foarfal. Se stauwen útmankoar en

se flechten troch it grommige wetter nei de forbirgenste herntsjes,

dy’t se fine koenen.

De fisker hie it berntsje lykwols al sjoen, en die gjin lichten ear ’t

hy it wer hawwe scoe. Mar it lokte him net. Hy kearde sûnder bút nei

syn arke, dy’t yn ’e opfeart laei, werom.

„Soa Evert,” sei de boer, dy’t op it hiem stie; „in goede fangst hawn?”

„Omtrint,” sei de fisker.

„Omtrint?” frege de boer, „ho mienstou dat?”

„Nou,” sei de fisker, „ik haw krektsa sa hwet wûnderliks bilibbe, det

ik noch tsjin mysels siz: „Evert, jonge, bist’ wekker, ef dreamst’?”

De boer kaem neijer, en naem syn pypke út ’e mûle: „Ho sa, man?”

„Wol, ik tink, nou scil ’k mei it skepnet hwet lytsgûd fange út ’e

sleatsjes, for ies ... en dêr skep ik in libben berntsje op!”

„Och, rin man!”

„Wier, wier, ik sjuch it noch oer ’e rânne fen it net fallen. ’k Haw

der de hiele middei noch nei fiske, ’t wier net greater as myn hân.”

„Ho is ’t mûlk, ho kin ’t bistean!”

De boer skodde syn holle yn prakkesaesje, en de fisker skodde syn holle

yn prakkesaesje.

Swijend gyngen se beide nei hûs en elk for him fortelde it oan syn

wiif.

De boerinne waerd der oerstjûr fen, do’t se it hearde, hwent se wier sa

mâl mei berntsjes, en se hie gjin.

„Dou moast nei Evert gean,” sei se tsjin hjar man, „en siz, dat hy gjin

lichten dwaen moat, hwent det hy in skoandere bileaning hawwe scil, as

er in berntsje fangt for ús. Sels hawwe se dochs al genôch.”

De boer siet mar to prakkesearjen en sei neat. Hy scoe ek graech ien

hawwe wolle. Hwet like him dat aerdich ta. As hy jouns fen ’t lân kaem

en der scoe in lyts berntsje op syn knibbel kladderje en yn syn bird

omtyskje....

„Forstiest my net?” sei de boerinne hwet ûnfordildich, „dou sitst’ dêr

mar to dreamen!”

„Ja, ja,” sei de boer, „ik bitink my dêr krekt op hwet, dat noch better

is. De fisker en de feint moatte it sleatsje ôfdamme, den mealle wy it

droech fennacht!”

„Dat is in ynfal!” sei de boerinne, „den kin it noait ûntkomme.”

De boer stapte nei de fisker en de feint en ûnthiet hjarren in fikse

bileanning, as se noch dizze nacht it sleatsje ôfdamme en droechmealle

woenen.

Dêr lieten se it ear wol nei hingje fensels, hwent se wieren tige

nijsgjirrich om it berntsje ris fen tichteby to sjen. En den noch in

bileanning ta!

Se gyngen mei in kroade en twa lodden nei it plak, dêr’t it sleatsje yn

’e opfeart útkaem. Kroaden- en kroadenfol modder smieten se der yn.

Do’t se krekt klear wieren, kaem de boer.

„We treffe it,” sei hy, „der is in aerdich wyntsje.” De mounle waerd

oan ’e gong makke en dy bigoun nou it wetter út it sleatsje to sûgen en

yn de opfeart út to smiten.

„Jimme binne krekt foar tsjuster ré komd”, sei de boer.

„Moat der tonacht ek immen by de mounle bliuwe?” frege de feint.

„Ei né”, sei de boer, „as we der moarnier hiel bitiid binne, den kin ’t

noch net leech wêze.”

Sa pratende oer hjar plan, dat nou net mear mislearje koe, gyngen de

manljue nei hûs.

En de wetterberntsjes, en de bisten? Amper wieren se hwet bikomd fen it

ûngefal, dat hjar kameraetsje omtrint oerkomd wier, ef se hearden it

skriklike gewelt fen de kroaden fol modder, dy’t yn it wetter ploften!

Se rydbosken fen eangst en kroepen yn de uterste herntsjes, dy’t se

fine koenen, en bidobben dêrre hjarsels heal ûnder it sân. Se tochten,

dat der wol tsien fiskers tagelyk mei skepnetten dwaende wieren. Se

doarsten gjin wird sizze en gjin lid forroede.

Op it lêst hearden se neat mear. It wetter, dat earst tige grommich

wier, bigoun to bisinken. En se koenen mankoar wer sjen. Stadich-oan

kamen se nei mankoar ta, de bisten ek. Se praetten inkelde wirden:

Hienen se ek heard, det in kameraetsje fongen wier? Né.

Mar ien berntsje wist der mear fen: it wier modder, dat yn it wetter

smiten waerd, gjin skepnetten. Hy hie, efkes foar ’t it gebear bigoun,

manljue by de sleat stean sjoen njunken de mounle, en ôfharke, hwet se

bipraetten.

„Se wolle ús allegearre fange en deameitsje frjeonen”, rôp it, „wy

binne forlern.”

„Ho sa?” rôpen alle oaren, en krongen om it oerstjûre berntsje hinne.

„Se hawwe de sleat oan beide einen ôfdamme, ik woe jimme noch warskôgje

om to flechtsjen, mar ik doarst my net forroede! En nou wirdt de sleat

leechmeald.”

O, o, o, hwet waerden se nou eangstich! Lûd bigounen se to skriemen en

to kleijen: „We binne forlern! we gean dea! we wirde fongen!”

„Ik wol ljeaver dea as by de minsken wêze”, sei ien, „hwent dy binne sa

wreed. Se hawwe myn bêste frjeon, silverstirt, ek fongen, en deamakke.

Syn kop hawwe se der ôf snien en wer yn ’t wetter smiten. Dy leit

jinsen ûnder de greate skulp bidobbe.

„Ja,” rôpen de oaren, „de minsken binne sa rou!” En fennijs bigounen se

to kleijen. De fisken en froasken en sa swommen der omhinne. Se koenen

sels net prate, mar se forstienen alles. „Litte we hjirre dochs net sa

stean bliuwe to gûlen”, sei in trochtaestend berntsje. „Litte we sjen,

ef’t der noch in gatsje iepen is, dêr ’t we meiinoar troch flechtsje

kinne!”

„Ja, ja,” rôpen somliken, mar oaren skodden mei de holle.

„Litte de fisken der ris hinne gean to sjen,” sei in berntsje, „dy

binne samar werom.” Dêr swommen de fisken al hinne, sa hird as se

koenen. Nei eltse kant in kloft. Mar se wieren gau werom en seagen like

drôf. De wetterberntsjes koenen klear oan hjarren eagen sjen, dat se

gjin gat foun hienen. Hwet nou?

„Wy kinne _wol_ flechtsje!” rôp in hiel skrander berntsje ynienen, „we

kinne oer de daem klimme.”

„Hwet!” rôpen se allegearre, „en ús trouwe frjeonen den? Dy yn ’e steek

litte? Noait! Meimankoar flechtsje ef meimankoar stjêrre!”

„Hwet scoe ’t ek jaen,” sei in oar; as we oer de daem kamen, scoenen se

ús dêr dochs wer efter sitte nou ’t se ienris witte, dat we der binne!”

„We moasten oer de oare daem yn ’e mar flechtsje”, sei it skrandere

berntsje.

„Och,” sei in oar, „yn de greate dûnkere mar, dy is sa djip en woelich,

dêr kinne wy dochs net libje!”

„Ik wit hwet, ik wit hwet,” rôp ynienen it berntsje, dat hieltiid stil

sitten hie to tinken; „wy kinne mei ús frjeonen flechtsje oer de mar!”

Allegearre hâldden se nou de siken yn, ek de bisten forweegden gjin

fin.

„Wy moatte allegearre oer de daem kladderje,” sei it wize lytse ding,

„elts mei ien fen ús frjeonen op ’e nekke; de iene in fisk, de oare in

iel, en dy’t krûpe kinne moatte hjarren sels rêdde.”

„Ja, ja,” rôpen allegearre, en dounsen fen wille en de fisken kwispelen

mei de stirt.

„En,” forfette it wize berntsje, „den moasten ús frjeonen ús wer op

hjarren rêch nei it oare ein fen de mar swimme!” Do sloegen de fisken

sa fûl mei de stirt, dat it wetter lofts en rjuchts tsjin de

wetterberntsjes oan kletste. Sa bliid wieren se, dat se den ek wer hwet

for hjarren dwaen koenen.

Under fleurich gejûchhei gyng it nei de daem. It wier nou al

piktsjuster omtrint. Mar safollesto better: den koe nimmen hjarren

sjen. Dêr bigoun it—de fisken seagen der wol hwet tsjinoan. As se út it

wetter kamen, krigen se it tige binaud, dat wisten se wol. Krekt sa

binaud as wy ûnder wetter wêze scoenen.

Mar—se moasten dochs, oars gyngen se dea! Hwet koenen se al bêst

fornimme, dat it wetter sakke.

De moedichste fisken lieten hjarren earst oersjouwe. De krigelste

berntsjes rounen sa hird se koenen mei hjarren ljeave fracht oer de

kluten. Oan de oare kant lieten se de fisken rimpen yn it wetter

tommelje, hwent och, dy wieren sa binaud.

Somlike lytse fiskjes wieren sa eangstich, dat se hjarren net oerbringe

litte doarsten.

’t Wier in hiel kerwei hear, hwent der wieren in hiel soad fisken, en

se wieren swier for sokke lytse berntsjes. En hwet slimmer wier, se

moasten oanskrippe, hwent it bigoun al to daegjen. En as de feint ris

kaem!

Noch inkelde lytse bange bistkes moasten oerbrocht wirde. Se doarsten

hast net, mar der stie noch mar sa’n bytsje wetter, dat se hjarren wol

drage litte _moasten_.

Do’t it lêste berntsje mei it lêste fiskje midden op ’e daem wier,

rôpen de berntsjes: „Dêr komt in keardel oan!”

It wier de feint, dy’t al deun by wier. Hwet roun dat earme berntsje

hird. It stroffele omtrint oer syn eigen foetten, mar it liet syn djûre

fracht net yn ’e steek.

De feint, dy’t it roppen heard hie, fleach nei de daem.

„Gau, gau!” rôpen de berntsjes.

De feint seach se al en fleach op hjarren ta. Mar krekt, do’t er mei

syn greate hannen it lêste berntsje pakke woe, sprongen se allegearre

ûnder lûd gegûl yn it wetter. Ek it lêste berntsje trûzele

holderdebolder mei syn frjeon by de daem del.

De feint plofte op syn liif om it noch to krijen, mar it wier mis. Do’t

hy wer oerein stie, kriet hy: „Se binne foart, allegearre flechte!”

De boer en de fisker kamen ek ridlik gau. Se hearden, hwet de feint

fortelde fen de jûchheijende kloft berntsjes, dy’t him krekt ûntkomd

wieren.

Drôf seagen se mei hjar trijen nei de lege sleat, dêr’t gjin libben

wêzen mear yn wier. En fortretlik gyngen se nei hûs.

De boerinne hie der noch it meast mei to dwaen. De triennen kamen hjar

yn de eagen, do’t se hearde hwet bard wier en dat se gjin berntsje

krige.

Yntwisken rôllen de wetterberntsjes fen wirgens en ek fen de stream,

omtrint ûnderstboppe yn dy djippe sleat. Mar mei gauwens sieten se op

de rêggen fen de frjeonen en—dêr gyng it hinne, sa hird, dat se oppasse

moasten om net to fallen.

[Illustration: dêr gyng it hinne, sa hird, det se oppasse moasten om

net to fallen.]

Hwet wier it in lange reis. En hwet wier hjir in wetter! De fisken

swommen ticht oan it oerflak, hwent dêr is it folle ljochter as yn de

djipte. Sims stieken de kopkes fen de berntsjes boppe wetter út. Hwet

wieren se fleurich! Se songen hjar moaiste sangkjes ûnderweis. Dat

founen de fisken krekt sa fijn. Se koenen wol helte hirder swimme as

oars, mei sokke ljeave frjeonen op ’e rêch.

Einlings, einlings wieren se oan ’e oare wâl, krekt by de yngong fen in

lyts sleatsje. En do’t se dat ynswommen, founen se in lyts, moai poelke

mei rêstich en klear wetter. Prachtich wier it dêr!

Se klommen fen ’e fisken ôf om alles better to bisjen. Hwet in gaedlike

wente wier dit, noch geryfliker as it sleatsje, hwent hjir wier folle

mear romte. Hjir groeiden noch mear wierplanten en lyljes en oare

blommen. In pear berntsjes klommen al gau yn it reid nei boppen, en

fortelden oan de frjeonen yn it wetter, dat der nearne in pleats to

sjen wier. Allinne dy, dy’t se ûntflechte wieren, mar dy wier nou sa

fier foart....

Hwet sliepten se dy nacht rêstich neist mankoar op ’e boaijem fen it

poelke.

De oare deis stelden se út om in great feest to jaen oan de nije

bûrljue. Dêr kamen einen, reidhintsjes, fiskefangers, kikkerts, fisken

en sels in greate eibert.

Dy bisten moasten fensels alles witte fen de eangst en de gefaren, dy’t

de nije biwenners útstien hienen.

„Mar hwerom woenen dy minsken jimme dochs fange?” frege de eibert oan

de wetterberntsjes.

„O,” sei it lytse wize berntsje, „ik haw de boer sizzen heard, dat se

gjin bern hawwe, en det syn wiif sa jerne ien hawwe woe.”

De eibert seach do tige earnstich en sei: „Soa, soa, dat wist ik net.”

De oare wyks seagen de berntsjes in flagge mei pompeblêdden op ’e nael

fen de boerkerije wapperjen. De boer en de boerinne hienen in echt

berntsje krigen.

Hwet wieren de berntsjes dêr bliid om.

Dêrre yn it poelke oan ’e oare kant binne se lykwols wenjen bleaun. En

dêr wenje se noch oan’t hjoed de dei.

Se hawwe noait wer lêst fen minsken hawn, hwent nimmen kin dat poelke

fine, it leit yn—Dreamelân.

[Illustration]

[Illustration]

Frysk mearkesboek · 第 12 / 14 题