Syp en Sip wieren twa berntsjes fen de smid. Syp in gútich broekmantsje
mei bloune kroltsjes, Sip in hups famke mei ljeave blauwe eachjes en
reade wankjes. Se liken yn hjar matroazepakjes in alderljeafste
twaling. Mar as wy hjarren in bytsje better kinne, den scille wy sjen,
dat se hiel-en-dal net ljeaf binne.
Ik scil ris fortelle, ho’t it op in kear by hjarres tagyng. En sa wier
it meastal alle dagen. Op in moarn gyng de mem fen Syp en Sip nei it
bêd en rôp: „Berntsjes, binne jimme al wekker? Kom mar gau fen ’t bêd,
’t is healwei achten”.
Der kaem gjin andert.
Efkes letter kaem mem wer en rôp: „Komme jimme nou berntsjes, oars
kinne jimme net mear op tiid yn ’e skoalle wêze.” Se bleau by it bêd
stean to wachtsjen, mar de bern wieren net to sjen. Allinne in bytsje
gegrommel kaem ûnder it tsjokke dek wei.
„Hwer binne jimme, ik sjuch dy bern net”, sei mem út ’e gek, en se woe
de tekkens hwet ôfskouwe.
Mar dêr kaem ynienen it pûr-lilke holtsje fen Syp boppe de tekkens:
„Hwet mient mem wol, ús sa kâld to meitsjen; ik wol der net út sa
bitiid, hear, ’t kin acht ûre like goed, en oars gean ’k alhielendal
net nei skoalle!”
„En ik ek net,” snaude Sip; en foart skeaten se wer ûnder de heap
tekkens, as fisken ûnder wetter.
Mem gyng suchtsjend wer yn de keamer en tochte: „Hwet is it dochs
akelich, dat it hjir altyd sa mei lilkens gean moat”. Se seach op ’e
klok en sei: „Den moat ik aenst noch mar ris roppe”. Se wier ek al
bang, dat heit it fornimme scoe yn ’e smitte. Dat woe se net graech,
hwent den wier de man sa opsternaet.
Nei in kertier gyng se wer nei it keammerke en sei: „To bern, nou
moatte jimme der wezentlik ôfkomme; hwet scil jiffrou wol sizze, jimme
komme al sa faek to let.”
In gewrot ûnder de tekkens; mâlle lûden.
„Scil ik jimme helpe to oanklaeijen?”
Dêr skeat it kopke fen Sip omheech, kwea blonken hjar eagen en noartsk
sei se: „Ik wol net nei skoalle, ik hoopje, dat mem hjir net wer komt
to seuren!”
Mistreastich roun mem foart en tocht om alle oare memmen, hwaens bern
net sa dôfhûdich wieren. Ho scoenen dy dat dochs ha? Bûrfrou sei: „Dy
twinge de bern, en sette se fiks toplak!” Mar och hea, hwet scoe dat in
oarlochslibben wirde! Né, dat koe en dat woe se net hawwe.
Sa siet se noch in skoftke to prakkesearjen; de triennen dripten hjar
yn de skerte. En de bern kamen mar net.
Noflik scille se wol net mear lein hawwe, hwent elts kertier sloech de
greate stirtklok, en wisten se, dat it wer safolle neijer oan
skoalletiid wier. It gewrot en gekib ûnder de tekkens waerd den ek
slimmer en slimmer. Einlings stienen twa pûrlilke spintsjes yn hjar
pontsjes foar it bêd.
It wier al oer njuggenen. Nou koenen se net mear nei skoalle. En sa
kaem it, dat se in frije moarn hienen. Folle wille bilibben se der
lykwols net fen. Oan’t de jouns bêdtiid ta wier it den ornaris rûzje en
lêst en fortriet, sa’n dei.
Hwaens skild dat wier?
Men scoe sa sizze: dy dwerse bern hjarres, mar dat wier net alhiel sa.
Se hienen net oars leard as hjarren sin troch to driuwen, en mem hie
hjarren altyd tajown om’t se sà folle fen hjarren hâldde, dat hja se
neat wegerje koe.
Heit hie faek sein: „It wirdt skielk hwet, mem, astou de bern sa
fordjerste.” En sa wier it útkommen. De bern de hiele dei tsiere en
dôfhûdich, en mem jouns skrieme fen wirgens en fortriet.
En founen dy bern dat sels nou sa aerdich? O, né, se seagen wol, ho
oars it by oare bern gyng; ho ienriedich se boarten, en ho graech se
dienen, hwet mem sei. Hwet scoenen se ek graech sa wêze wolle!
Sims prebearren se wolris om sa stjûrsum om sizzen to jaen, mar dat
koenen se mar hiel koart folhâlde. Se hienen al gau it groat wer gear.
Jouns op bêd, as it sa stil en tsjuster waerd, koenen se sims net yn ’e
sliep komme. Den kamen faken stille triennen fen birou.... En einlings
namen se hjarren for de safolste kear foar, om oars to wirden ...
better. Mar de oare deis wier it dochs wer mis.
Op in kear, nei in dei fen forheftich gekib, laei Syp wer sa stil to
skriemen. Hy snokkere en suchte al wol in ûre lang, en laei mei de
eagen wiid iepen yn de tsjustere keamer, dêr’t er neat sjen koe.
Dêr ... ynienen waerd súntsjes de knop fen de doar omdraeid;
ljochtstrielen foelen yn ’e keamer, de doar gyng iepen, en ... dêr stie
in âld wyfke mei in lantearntsje yn ’e hân.
[Illustration: in âld wyfke mei in lantearnstje yn ’e hân]
Bidaerd slofte se op de forsleine Syp ta.
Hwet wier se moai; in frjemde mûtse fen alderhande kleuren op ’e holle,
en ek sa’n moaije doek om ’e skouders.
Do’t se op hjar stokje lynjend tichte by it bêd stie, koe Syp yn hjar
heldere eachjes sjen, dy’t skitteren as stjerkes yn ’e loft. Se lake
him frjeonlik oan en dêrby loek hjar antlit yn tûzen fine rimpeltsjes,
fen âlderdom.
Se sei: „Myn lytse boi hat fortriet. Ik hearde him alhiel yn myn húske
yn it bosk snokkerjen, en wist, dat er graech ljeaf wirde woe. Ik bin
de Boskbeppe en hâld folle fen ljeave bern. Dêrom meitsje ik alle bern
ljeaf en goed, en wol ik ek Syp en Sip better meitsje.”
Sip, dy’t ek wekker wirden wier, hearde fol forwûndering nei dat
frjeonlik Bepke.
Syp snokkere noch: „Ik kin net ljeaf wirde, Boskbeppe, ik haw it al sa
faek bisocht!”
„Ja, ja,” sei de Boskbeppe, „dêr wit ik wol fen, dat is men ek sa mar
net! Mem en jimme moatte alhiel foroarje as jimme skielk altyd wille
hawwe wolle ynsté fen fortriet. Kom mar fen ’t bêd, en gean mei my.
Jimme scille in skoftke by my yn it bosk útfenhûzje.”
„Né Beppe,” sei Sip skruten, „wy wolle by mem bliuwe.”
„Nou,” sei de Boskbeppe, „as jimme net wolle, gean ’k wer foart, mar ik
kom net for de twadde kear om jimme to helpen. Den hawwe jimme wer alle
dagen fortriet.”
„Né Beppe”, sei Syp, „ik wol wol mei. Mar kom ik den letter ek wer
thús?”
„Wis jonge!” sei de Boskbeppe.
Do doarst Sip ek wol en ringen wiernen se yn ’e klean. ’t Ald wyfke hie
yn ’e tiid in briefke skreaun. Dêr stie op: „De Boskbeppe hat de
berntsjes meinomd en bringt se werom, as se ljeaf wirden binne.” Dat
lei se op ’e tafel del en sei: „Kom, en doch de mantels goed ticht,
hwent de snie leit tsjûk, it is kâld.”
Sûntsjes die se de foardoar iepen, en hwet seagen de bern dêr yn ’e
moanneskyn foar de doar stean? In moaije slide, mei fjouwer geiten der
foar, dy’t krekt sa wyt wiernen as de snie, dêr’t se op stienen.
De slide wier fen tûken makke, en kjessens fen moas leinen op de
sitbanken. Oan it tuech fen de geiten bingelen silveren skiltsjes, dy’t
glinsteren yn it moanneljocht.
„Gean mar sitten”, sei de Boskbeppe, en bistoppe hjarren do mei
geitefellen. Do naem se sels de leije yn ’e hân en gyng efteryn sitten.
„Foart mar, wytsjes”, sei se, en dêr gyng it lûdleas oer de sêfte wite
snie: men hearde neat as it fine getsjingel fen de silveren skiltsjes.
Bûten it doarp seagen se neat as snie ûnder, en boppe de dûnkere loft
mei de greate moanne; dy reizge mar stees mei, wylst tûzenen stjerkes
neat dienen as hjarren goedich ta-knypeagje.
[Illustration: . . . de greate moanne dy reiz’ge mar stees mei.]
De bern wieren dochs wol hwet eangstich, en hâldden mankoar stiif beet.
„Sjugge jimme dat dûnkere plak dêr yn ’e fierte?” sei Beppe, „dêr is de
bosk, dêr stiet myn húske midden yn.”
Tichter en tichter kamen se derby, en einlings wiernen se der.
Nou gyng it ûnder beammen troch, dêr’t de moanne allinne mar troch de
iepene plakjes skine koe.
Dêr seagen se yn ’e fierte in ljochtsje mids de beammen: it wier fen
Beppe’ húske. Noch in eintsje, en dêr hâldde de slide foar de doar
stil. Dy gyng daliks iepen en in hiel lyts mantsje mei lang bird en in
puntmûtse op, stie yn ’e doar.
„Hwa is dat, Beppe?” fregen de bern hwet bang.
„Dat is Kwyk”, sei Beppe, „ien fen de Boskmantsjes, dy’t for my
húswarre hat.”
Kwyk bloes op in lyts floitsje en it dûrre net lang, ef dêr kamen noch
mear boskmantsjes oan. Dy joegen de bern in hân om út ’e slide to
kommen, en brochten do de geiten en de slide to plak.
Syp en Sip gyngen mei Beppe yn ’e hûs. Hwet wier it dêr lekker waerm en
ljocht! Op de hird barnde in great houtfjûr, en op de tafel stiene
koppen mei waerme mâlke.
„Sje sa”, sei Beppe, „nou mar gau hwet waerme geitemâlke drinke en den
hastich op bêd. Moarn prate wy wol ris fierder.”
Do die se de doar fen in sliepkeammerke iepen. Dêr wiernen twa kreaze
bedstéden yn. It iene wier for Syp en Sip.
„Nou kom ik aenst to sjen, eft jimme der al ynlizze”, sei de Boskbeppe,
en sette it lantearntsje op ’e tafel. Do gyng se foart.
De bern wieren nou allinne. Se seagen mankoarren oan en bigounen
hjarren út to klaeijen.
„Bistou bang, Sip?” frege Syp.
„Né”, sei Sip, „hwet wier dy bokkewein moai, net? Bistou bang for de
boskmantsjes?”
„Né, dat binne, leau ’k, goede mantsjes”, sei Syp.
Hastich wiernen se útklaeid, en krekt leinen se ûnder ’e tekkens, do’t
de Boskbeppe ynkaem.
„Kom, al ûnder de tekkens? Mar hwet is dit hjir?”
„Us klean, Beppe”, sei Sip.
„Smite jimme dy sa mar oer ’e groun? Mar gau der ôf en elts syn eigen
oprêdde.”
De bern dienen it hastich.
„Sjuch”, sei Beppe, do’t alles moai opteard op in stoel laei, „dat
stiet ommers folle kreazer. Nou mar gau sliepe, hwent moarn is der in
bulte to dwaen. Nacht bern”, en se striek mei hjar romfelige hân oer it
hier fen Syp en Sip.
„Nacht Beppe”, en foart wier Beppe mei it lantearntsje.
De bern koenen fen wirgens de eagen net mear iepen hâlde, en it dûrre
net lang mear, do sliepten se as roazen.
[Illustration]