ALD-JONG.

Wy gongen togearre yn ’t fjild, myn Hans,

Wy gongen togearre to rêst,

Wy sieten togearre oan ’e disk,

Sa waerden wy griis op it lêst.

Trep op sa licht, trep ôf sa traech,

Sa mannich, mannich jier—

’k Ha dochs myn Hans yette krekt sa ljeaf

As do mei ’n kroes kop hier.

Rimen en Teltsjes · 第 247 / 279 题