NIJJIERS-WINSK FOR 1841.

_DE WACHTMAN._

Toalf slacht de klok yn de âlde toer,

It winter-waer is kâld en sûr.

Ik wol mar út it wachthús gean:

Mar sjen ’k dêr jinsen immen stean?

Dêr komt in skynsel op my ta;

Hwet wol dy faem mei blommen ha?

De klean dy binne wyt en rea,

Dy flodderje hjar om de lea.

Ei, ljeafke! siz, ho lakest’ sa?

En rikst’ my moaije blomkes ta?

Dat is sa nuver hjir op strjitte,

Dat mei wol tsjoenderije hjitte.

_IT NIJE JIER._

Ik bin _’t Nijjier_, sa is myn namme;

Ik bin yet fen in âlde stamme:

Myn mem wier _Hertha_, de Godinne,

Fen alle minsken mem en minne;

Dy al hwet libben hat op ierde

De segen en ’t gelok ta fierde.

Kom, wachtman, lit my hjir hwet bliuwe;

It lykje hjir wol tsjeppe ljuwe,

En lit my einling hinne rinne,

Dêr al myn sisters gongen binne.

_DE WACHTMAN._

Men acht hjir sokke fammen net,

Dy nachts op strjitte omrinne as slet.

_IT NIJE JIER._

Ik kom fen God hjir yn it lân,

Om goed to dwaen mei ’n mylde hân;

Dêrom lit my mar feilich binnen,

Om ’t goede dalik to bigjinnen.

_DE WACHTMAN._

Wel, bistou sa’n fornamen frou?

Kom, wolkom den yn ’t âlde _Grou_;

En strui den út, nei east en west,

Hwetstou fen God ontfinsen hest.

Jow sinneskyn genôch en rein

For ’t sie, dat yn de groun wirdt lein;

Jow de earme ljuwe wirk en brea

En berntsjes mei gesoune lea.

Jow rike ljuwe in edel hert

To heeljen earme ljuwe smert;

Biskerm de Keuning en syn hûs,

Jow frede yn paleis en klûs.

Stjûr ús in nije Grytman oer,

Dy de âlde liket yn ’t bistjûr;

En meits ek de âlde, as Gouverneur,

Der Friezen eare en freugde en fleur.

Skink ek de boarger goed gewin

En frede yn it húsgesin;

De keapman, skipper en de boer

Lit dy it goed gean op den djûr;

En ljue, dy tsjiere om in strie,

Bisêftsje dy mei goede rie.

Dy noait genôch ha, skink dy neat,

Dy binne dochs oan de earmesteat,

Mar bring forleeg’ne ljuwe treast

En de earme siken aldermeast.

En mennich faem, dy kreunt en stint,

En ’t wetter oer de wangen rint,

Jaen dy yn ’t ein hjar hertewinsk,

Jaen dy in keardel as in stins.

_IT NIJE JIER._

Dat alles kin ik jimme bringe,

Mar ien ding wirdt ’er by bitinge:

Pas jimme op! De Grouster ljuwe

Moatte altyd âlde Friezen bliuwe.

En as hja ’t jier forkeard bigjinne,

Den koe it yet wol earsling rinne.

Wêz’ wirksom, kloek, mar ek pleizierich,

Den bliuwt ’t âld _Grouwergea_ woltierich:

For loaijens bring ik mei in roede,

Dêrom wêz’ elk mar op syn hoede.

Rimen en Teltsjes · 第 248 / 279 题