DE IERE MAIMOARNE EN DE MINSKE.

Dêr ha we it ljeave foarjier wer

Mei al syn noflikheit!

Elts fûgelke is wer yn de wer

En sjongt, en gûlt, en geit.

De ljeave flinter komt ’er út

En dwarlt de fjilden om,

En siket mei syn fine snút,

It swiet út krûd en blom.

Hark dêr dat sefte siichje ’ris

Troch blêd en twiichjes gean.

Snuve op! hwet is de moarnloft

fris Hjir yn dy boeken lean.

Hark dêr dy ljeave nachtegeal!

Scoe dy hjar leedsang jaen?

Ho kweeljend, earnstich klinkt dy teal

Sa dompich út dy loan!

“Wy binne allegearre blij,”

Dat roppe se ús nou ta:

Ja, stomme blomkes sizze my:

“Den biste it ek wis; ja?”

En biste it net, och, minskebern!

Hwet dochste yn ’t ljeave fjild?

Krûp yn dyn hûs by de hirdshern’,

En sucht, ef tel dyn jild.

De greate master fen natúr

Formeidet hjoed syn bern;

Hy spriedet ’t fjild mei blomkes oer

En lit syn goedheit sjen.

It gêrs komt út de groun as brûs,

De beam syn knopkes set.

Fjild op! forlit it neare hús,

Dy ’t hert fol soargen het.

Fjild op, mei lichte trêd en swier!

Wêz’ blij mei krûd en djier.

Sjen op! ’t ropt alles heech en fier:

“Us God is great en goed;

“Is great en machtich, ivich goed

For al syn créatûr:

Dou, minske, biste sof en tsjoed;

Och, jaen dyn soargen oer.”

Dat sizze blom en fûgels my

As tsjûgen fen Gods macht;

Mar hwerom sjonge en pronkje sy

Net yn de tsjustre nacht?

Hjar sang, hjar swiete melodij

Komt mei de dage oan:

Ut ljeafde en pearsjocht sjonge sy

Wer om Gods ljeave moarn.

Mar ’t is oan dy allinne jown

Gods greatheit oan to sjen,

En den, fen ierde en flesk ontboun,

Nei Him ta op to tsjen.

Mei krêft’ge wjukken rjocht, myn siel,

Dy tsjin Gods himel oan!

Oanbid mei de earste sinnestriel

De Skepper fen sa ’n moarn!

1833.

E. H.

[Yllustraasje]

Rimen en Teltsjes · 第 242 / 279 题