Der ried in gnap faem fen _Suwâlde_ nei stêd;
Hja wier ris opstreake sa tsjep en sa glêd;
Hja waeide en hja swaeide sa flink oer it wiid,
En ried mar mei alle de fammen om striid;
Hja wier sa fornimstich, sa prot en sa wiis,
En seach nei nin redens en seach nei nin iis;
Hja glied ’er mar hinne en tocht nearne net om,
It hertsje dat wier hjar sa nommel en rom.
En kamen hjar fammen to mjitte op hjar wei,
Den rôp se fen fierren al: “dei fammen, dei!”
Mar feinten dêr like se neat mei op ’t skik,
Dy joech se op it moaist ’ris in frjeonlike knik.
Sa dreau se foar ’t wyntsje de Langemear del,
Mar, Jemi! hwet waerd se do bjustere kel,
It roun hjar sa kâld en sa skril troch ’e lea,
Hja wirdde sa wyt as de baerlike dea.
Hja taest’ nei hjar hals en hja skrilde der fen,
En gûlde: “dêr haw ik myn kroantsje forlern!
Dat kroantsje, dat krige ik fen oarre to jow,
“Dat laeit op it iis, en hwet moeit my dat nou!”
Hja swinkte werom, nei _Suwâlde_ wer ta,
En socht om dat kroantsje, en se digere sa,
Hja skrepte en hja snúvde tsjin de eastewyn op,
En pûstte as in man mei it kin op it krop.
Dêr dreauke fen fierren in feintsje hjar oan,
’t Wier Jelke, de Birgommer bysitters soan;
Dy rôp al: “Wel, honke, ho rydste sa hird?”
“Ei fanke, kom stan hwet, en sprek ’ris in wird.”
“Myn kroantsje, sa kriet se, dat haw ik forlern,
“Dêr ried ik sa om, en dêr scoe ik nei sjen.”
“Dyn kroantsje? dat is al nei _Altenborch_ ta:
“Dat wit ik, dat scil de kast’lein dêr wol ha.”
“Ho baestou sa nuver fen _Altenborch_ ju?
“Ja, haw dou de gek mar mei simpele ljue.”
“Och, faem, ik haw siker de gek net mei dy,
“Liz op mar, ik siz dy, en ryd ’ris mei my;
“Liz op mar dyn hân, kom, liz op mar om nocht.”
Dêr rieden se hinne as in fûgel dy fljocht!
It hearren en sjen wier hjar omtrent forlern!
De holle dy gonze en dy sûze der fen.
En krekt as in laem yn ’e finne wol docht,
Sa sprongen se oer dykjes en ronfels út nocht;
En kamen se fammen en feinten neiby,
Dy swaeiden se en swongen se as ljippen foarby.
“En, holo! dêr hawwe wy _Altenborch_ nou!”
Sa rôp er, en kraste ’ris det it sa stau.
“Kom Oeble! jaen nou ’ris hwet brandewyn, frjeon!
“Wy ha’ dochs yn lang fen dyn sûpkes net preaun.”
En Oebele dy skonk hjar in gleskefol yn,
En Jelke dy moezze er it kroantsje by yn.
“Haboes nou, jong fanke! kom, bring my ’ris ta:
“In rider dy swit, komt in dripke wol ta!”
Dêr foun hja yn ’t gleske hjar kroantsje werom!
Hwet waerd it dat fanke do noflik en rom!
It brochte hjar sinnen alheel wer yn ’t stjûr,
Hja flijde hjar smûkjes by ’t knappende fjûr.
“Dou bysfeint, sei sy do, hwet haste my hawn;
“En hwerom, siz, brochste my net yn ’t forstân?
“Hie ’k nou mar myn strinkje mei gitten ek wer,
“Den hie ik myn winsk en den hie ik myn ker.”
Nou seach se sa frjeonlik, sa noflik, sa blier,
En teach do ’ris tige mei Jelke to bier:
Hja hoalle en hja lúst’re en hja hie him sa ljeaf,
En klamm’re om him hinne as de bân om ’e skeaf.
“Wel, Ybel, sei Jelke, is ’t dy dêrom to dwaen,
“Den ride wy mar nei de Ljouwerter baen.”
Hja moasten noch earst op ’e _Froskepôle_ oân,
Dêr smakket in minsk boerekoffy sa skoan.
Hja rieden nei stêd, en hja koften in string,
En rieden nei hûs ta, en út is it ding.
Hwent Ybel en Jelke dat waerd ’er in span:
Hja socht om in kroantsje, en hja foun in tsjep man.
_Tollens_ fen fierren neifolge.
1832.
E. H.
[Yllustraasje: YBEL EN JELKE. IISWILLE.]