Heare, Saske, hwet in nocht!
Hear ik dêr de trommen net?
Blinke de gewearen net?
Ljea! It Skuttersfolk is thús;
Daelk is ’t keamerop mei ús.
Den springst’ mei hjar yn de bocht;
Heare, Saske, hwet in nocht!
Saske binn’ dyn redens klear?
Al de Skutters út it lân
Nimme in famke by de hân.
Saske, heste boaske, ljea?
O dyn Skutter is net dea.
Fiel, dou hest him by de hân,
Dy syn trou dy joech to pân.
Ryd den det it gûlt en giet:
Nin faem dy allinne stiet;
Alles rit wer pear oan pear,
Saske, is dyn ark al klear?
Liz’ nou oan, in tútsje ta,
Nin poepinne scil him ha.
Foi dat wier nin wachtsjen ljea!
Sûnder Skutters wier ’k ljeaver dea.