Oanteikeningen fen
DON ANTONIO DE MAGINO.
Volle Maan. Maendagh den 31/ ’s morg. 10 u. 41 min. in de weeghschaele;
groeysaem. Der binne forskate skealjen op ’e wrâld, minsken, mar Don
Antonio ken der mar twa, in polletike skealjen en in ordenaris
dagelikske skealjen. Yn de polletike weage se inkel hwet swierst is yn
’e pong ef yn ’t bilang, en dy is makke for de greaten fen ’t ierdryk,
binammen for de keizers, keningen en prinsen; yn sa’n dagelikske
boarger-skealjen weage se mar simpel hwet binlik, fromst en earlikst
is, en dy is for de gemiene ljue. Yn dizze tiid komme der lykwol ûnder
de boargerminsken ek inkelden, dy ’t oan de polletike skealjen toarne
wolle, en dat bikomt hjar as de houn de woarst. Hwent de oare boargers
sizze, det se biskiters binne, en wolle neat mei hjar to dwaen ha. Ik
Don Antonio ha dy skealjen yn Italien ek ’ris probearre; mar, minsken,
it is sa nau to hitten! It spande om trochslach to krijen, en de
prinsen, dy’t der flink it hantsje fen hienen, laken my noch út ta det
sa’n knoffeler as ik oan hjar skealjen poarne doarste.
De deuker: dêr forsjit in stjerre troch de _weeghschaele_. Hwet scoe
dat bitsjutte? Ha! Don Antonio de Magino sjucht it al. Oer hûndert
jier, krekt oer hûndert jier, siz ik jimme, den rache en skelde in
partij boargers op de keningen en greaten krekt eft se nin turf heech
binne en ûnderwiles wrakselje en wrame se om in skealjen to krijen, dy
wol tsjien ’ris sa polletyk is as der noait ien yn de hânnen fen in
prins west hat. Bankerot spylje, falske boeken hâlde, wer greate
negoasje dwaen, moai klaeid gean, sûpe, frette, banketearje, hoerkje en
hjar fortille oan fleskfetten, alles fen it jild fen de earme minsken,
dy se oplichte hawwe, dat binne mar wyssewasjes by dy hearen.
Dêr forsjit wrychtich al wer in stjerre! Dy is noch wol helte greater
as de earste! Ja, mannen, mar nou is ’t noch ek wol helte briker; hwent
de measte earlike ljue, dy noch net stellen hawwe, prate net allinne,
mar hannelje en wannelje mei dy skelmen en bankerottiers krekt eft der
noait nin stek oan los west hat. Dat wol nei it dom bigryp fen Don
Antonio de Magino sizze, det dy earlike ljue allehiel’ nin bien mear yn
in bankerot fine, en det se ek mei in tontsje twa striken gean scille,
sa gau as se mar in bytke yn ’e knipe komme. As ien fen jimme oer
hûndert jier noch libbet, dy moat him foaral en bileaven for de
neikomlingen fen dy earlike ljue wachtsje, en de beide hânnen deun op
syn haloazje-bûske hâlde, as er neist hjar yn ’e tsjerke sit.
Mannen, mannen! Sjugge jimme it wol? Dêr barnt in great fjûr oan de
himel tichte by de _weegschaele_. Hwet scille wy nou ha? Kom, Antonio
scil it fjergesicht ’ris úthelje; dat lûkt danich oan. It liket wol in
bakker, dy brea yn ’e oun sjit. Né, né! Don Antonio de Magino sjucht it
al, frjeonen! In partij binne greate skelmen wirden: de earlike ljue
skouderje de skelmen net, mar achtenearje se allike goed as ien, dy
altyt from en earlik bitelle hwet er skildich wier. Minsken, Minsken!
nou is ’t allegearre tsjef wirden, en dat tsjef barne se dêr boppe. Mar
stil ’ris! Scoe dat wol wier wêze? Kinne it ek smoarge pipen wêze, dy’t
se útbarne om der neijerhân krekt as nije wer út to smoken? Né, né! Don
Antonio de Magino hat it wol goed sjoen. It wirdt net _út_-barnd, mar
_for_-barnd; it is tsjef. “Yn de oun mar!” roppe se dêr boppe. Sjen
’ris, minsken! It is in griis en in grouwel. De blauwe lôge en de
fonken fleane ’er nei troch de hege himel.
_Nota Bene_. De skealjen, dy oan ’e himel hingje, en dêr it greate
himeleach oer en troch giet, dat binne skealjen fen de suvere
rjuchtfirdichheit. Dêr wirdt it yn ’t ein allegearre yn woegen, Don
Antonio de Magino ek. Meitsje mar, det jimme wicht hâlde kinne.