Jimme kenne him ommers wol, net? dy greate prefester yn ’t stellen yn
ús pake-en-hjar-tiden? Nou, Japik Ingberts hat ’ris in fyt útrjuchte,
dy moat ik jimme wol ’is forhelje.
Japik wenne twisken in boer en in mounler yn, dy deilis waerden oer in
kou, en dat gong by ’t bruijen ôf. Lang stunen se; mar de tiid, dy
alles slyt, sliet hjar kwestje ek út, en ienders, do se beide yn ’e
herberge sieten, kaem Japik der mei in slingerslach twiske beide en
makke de frede. De boer wier der sa mei op ’t skik, det er de mounler
aenstons de oare deis to gast noade op twa einfûgels, dy’t er krekt
sketten hie. Japik scoe se briede; hwent dy koe koaitse en stelle fen
beiden. De oare moarns sloech de klok middei, en noch wier de mounler
der net. “Scoe er ’t ek forjitte?” sei de boer. “Kom, ik scil him mar
gau helje.” Sa as de boer út de doar wier, brocht Japik de twa
einfûgels by in pear drege poepen yn ’e skûrre-reed, dy de bistkes yn
in amerij bihimmelen. Mei’t de einfûgels op wierne, kaem de boer wer en
sei, “set it iten mar op, de mounler komt al.” Mei ien bigoun de boer
de messen op ’e hoeke fen ’e mûrre to slypjen, en Japik gong nei
efteren; mar yn pleats fen de fûgels wer út de termen fen de poepen to
heljen gong er de mounler to mjitte, en sei tsjin him: “De divel, maet,
hwet hat de boer it bryk mei dy foar. Dou biste in goe’ frjeon fen my,
dêrom siz ik it dy; mar hy wol dy de beide earen fen de kop snije. Hark
mar! dêr slipet er ’t mês al.” “Dy loebes! sei de mounler, “woe er my
sa bitrekke? Nou wit ik hwet dy frjeonskip bitsjut.” En dy mei ien op
’e hael wer nei syn mounle ta. Do Japik aenstons nei de boer, dy’t noch
al stie to mêsslypjen en him frege: “haste de fûgels net?” “Wel, sei
Japik, dat is in nuvere gast dy mounler; hy komt de doar yn, skoert my
de panne mei einfûgels út ’e hânnen en rint der mei foart.” “Dêr scil
him de divel for helje! sei de boer, ik moat der dochs ek ien fen ha.”
En de boer sa mei it blanke mês yn ’e hân en de bleate kop de finne út,
en de mounler efternei, rinste net sa haste net. “Ien! ien! gûlde er
him nei sa lûd as er koe, ien mar! d’oare scilste hâlde.” Mar de
mounler, dy ’t mês seach, miende det de boer it op in accoart smite woe
en mar ien fen syn earen hawwe woe; dêrom spile er hakken op, en sa
krigen se allebeide nin byt.