Oan ’t stille poelke wenne
Myn famke gol en froed;
Dêr boarten wy as berntsjes
En mienden it sa goed.
En do wy greater waerden,
Do swarde ik dêr in eed
Fen iiv’ge ljeafde en trouwe,
Fen trouwe yn dead en need.
En fen hjar roazelippen
Kaem mannich wird sa swiet.
Wy wisten fen nin skieden
En songen mannich liet.
Dat âlde stille poelke,
As ik dat yet ’ris sjen;
Den tink ik oan de jierren,
Do ’k boarte as in bern.
Den tink ik oan dy nachten
Mei ’t famke oan myn hert,
En dy tonei fortige
As ’t byld fen leed en smert.
En lyk dyn weagen rôlje,
Giet ek ús jonkheid foart.
Ho lang is faek de smerte!
De wille?—och, sa koart!”
Master _Tsjerk_.
“Jy rime ek oeral op, master,” sei de boer do. “Né, Ageboer, wier it
antwird, “mar hwer it hert fol fen is, dêr rint de mûle fen oer. As jy
my in ding opjane, dat my net oangiet, dêr kin ik neat op meitsje; mar
as der hwet foarfalt, dat my by it hert nimt, dêr moat ik op rime
omtrint eft ik wol ef net, sa is dat dêr mei.”—“Nou, sei de Jonker, “it
fortret my net, master; drink mar sa folle as jo lêst.”—“It seit bêst,
Jonker men seit dochs, det ’er for elts fatsoenlik man deis in flesfol
groeit, mar den wit ik wol, det it danich ongelyk fordeeld wirdt,” en
sa praette master mar foart. Einlinge gong it geselskip foart en de
Jonker en syn Clare bleauwen yette hwet neisitten, en hâldden op syn
âldfrysk Sint Steffen, lyk as de dichter seit:
Stjerren blinke, wyntsjes swije
En natûr laeit yn ’e slom.
’t Is de stille nacht fen ’t frijen;
Kom, myn ljeave famke, kom!
Hwet dêr yn dy nacht ôfpraet waerd, kin immen licht tinke, dy wit ho
forljeafde jongeljue om ’t hert binne. ’t Kin ús ek net frjemd tinke,
det hja oan inoar bisteld rekken. Yn de neinacht joech de Jonker hjar
in gouden ring mei syn wapen derop, en frege hjar, eft sy him bilove
woe, gjin frijer to nimmen, sa lang as hy sels dy ring fen hjar
ôfhelle. “Ja, sei Clare, dat kin ik maklik dwaen, hwent der komt dochs
noait ien, dêr ik sa folle sin oan hawwe kin as oan jo,” en do foel hy
hjar om de hals. Einlinge moasten hja skiede;—doch hja hiene earst
yette in avontûr.
De feint Douwe siet efter yn it bûthûs yn sa’n herntsje by in
ljochtsje, dy moast op in kou passe. En do kamen der strúnders op dat
ljochtsje ta, en dy bounen stil in kjessensloop, dêr in libben kat yn
siet, oan de klink fen de bûthûsdoar, en do rounen hja foart. Douwe
siet to slûgjen, mar do dy kat bigoun to âljen en to rinkeljen mei de
doarsklink, waerd de feint wekker; dy tocht dalik om spoken en roun sa
hird as hy koe nei de Jonker ta, mei in kleur as in wytling, en hy koe
mar just sizze hwet ’er wier. Nou, de jonge ljue lakene hwet en gongen
mei. De Jonker skoerde de doar op en do rôlle dat boeltsje oer de
bûthûsflier. Hy scoe it der bûten skoppe, mar do sei Douwe: “Stil,
mynhear, ik scil it skynsel oansprekke.”—Hy naem de hoed fen de holle
en sei: “Biste fen de Heare, sa sprek! mar biste fen de kweade, sa
fortrek! En hy gong ek wei, hwent de Jonker snie in gat yn it sloop, en
poeske seach om in hinnekommen. Dêr waerd hertlik om lake. Douwe krige
in tige glês wyn for de skrik; de Jonker brocht syn faem nei hûs, en do
wier Sint Steffen bisjoen.—Lang siet er yet ’ris nei to tinken oer
’tjinge er dien hie. It wier wol bitocht dat bislút for syn libben. Do
sliepte er yn, lyk as in jong minske, dy gelokkich is, mar sliepe kin.
En det hy syn bislút folbrocht as in âlde Fries, dy by syn wird stiet,
scil it ein fen dit forhael leare.
De oare deis tsjin âlven kaem Christiaan, de feint, om de Jonker ôf to
heljen. De wyn wier om en it wier teiwaer wirden. Hja namen in hastige
mieltiid; de Jonker pakte syn dûkaten yn in pong en joech se de feint
op de rêch. Nou naem hy ôfskied fen de âlde ljue en Clare waerd net
forgetten. Hja hie wirk, om hjar triennen to forbergjen, en koe gjin
wirden mear uterje, en do mar foart. Mar hy hie de foarige joun mei
master ôfspritsen, det hy oan him skriuwe scoe, en dy brieven moast
master den bisoargje oan Clare.
Do hja op ’e redens stiene, sei Christiaan: “Nou moatte wy even to
Terherne oan by Bokke; dêr moat it der nuver hinne lizze, hawwe se my
niis forhelle.” Nou ja, dêr rieden hja den by de Brette Poask oan. De
kastelein hie de sliepmûtse yet op, en dy rêdde de boel sa hwet oan;
der wier hast nin rút mear heel yn de keamer, mar de man wier frjeonlik
en wol to moed. “Dat stiet ’er hjir nuver by, Bokke!”—“Ja, mar for my
goed, sei de kastelein; hwent ik haw it mei goede ljue to dwaen; mar dy
minsken drinke sa troch in dei neat as sûpe en kâld wetter, mar hjir
wirdt oar gûd tape, en den skynt dy wenst der sa yn to sitten, det hja
it drinke as sûpe. Sa lang as de fammen der by bleauwen, gong it ljeaf
en aerdich; do wier it in foarspiltsje fen it houlik, dounsje en
patsje.” Soa, sei de Jonker, tink’ jy der sa oer, Bokke.” “Ja, mynhear,
earst den springe se wakker tsjin elkoarren op; mar dy den sa stil by
elkoarren hokje en hjar del jane yn in hoekje, dy krij ik ornaris net
faek wer; dat binne meast gûds for de preekstoel, dat is de foarbode
fen it trouwen. Nou, do de fammen foart wierne, do hawwe hja it
loailekkerlân fortoand; earst hawwe hja omtrint in hântsjettel fol brij
hawn yn in brokaed; dêr ieten se yn om, mar hja koene it net op; dat
wier om de brijberch to fortoanen; do oan it pankoekbakken, en do
hellen hja in greate tûke, dy hja út in apelbeam seagen, en dêr hongen
hja de pankoeken yn. Nou, in baerch koe ik net briede, mar ik lei hjar
in rie skinke, dy droech wier, op ’e tafel, en dêr stiek it mês yn, en
dat wier raek: hwent dêr brea by, dêr waerden hja wer nofteren fen. Hja
smieten alles troch de glêzen; ien kearde de pong mei jild om op ’e
flier, en de stûrkes en dûbeltsjes treau hy troch de skreven fen de
flier; hy woe mei it lytsjild gjin gemael hawwe. Nuver is it gien; de
oaljekoeken spikeren hja oan de bêdsiggen en dêr bieten se den út; hja
hawwe net loai west, dat sjen’ jy, mar ik scil net loai wêze mei
skriuwen. Ik haw de adstint fen Aldeboarn hjir fen de moarn ek al hawn;
de Grytman woe witte hwa de ljue wierne, mar ik sei: det it alles gien
wier nei myn sin, en hja mochten gjin glêzen ynslaen fen bûten, dat is
strjitskeinderij, mar útslaen, dat stiet nearne biskreaun det it
forbean is.
“Us âlde Grytman is oars in string rjuchter. It is foar jierren bard,
det it jongfolk yn Aldeboarn sa’n nij wipbrêchje, dat oer de Boarn
makke wier, optilden en den mei geweld wer falle lieten. Twa wierne der
mei to wirk, dêr komt de wacht op ta, en dy gripe ien en bringe him nei
it wearhûs (sa neame se it rjuchtshûs te Boarn). De oare moarns kaem de
Grytman by dy feint en dy bikende dalik skild. Hy moast syn baitsjen
úttsjen en de grytman liet him dalik fiifentweintich slaggen mei in
twinter bollepyst jaen, en him trije goune boete bitelje; mar de oare
scil noait wer yn Boarn komme, leau ik; dy hjitte se yet altiid
Auke-flucht; dy is it ontflucht en wennet nou yn in oare gritenij.”
[Yllustraasje: LOAILEKKERLAN YN ’E “BRETTE POASK”.]
Nei dat forhaeltsje gongen ús ljue wer op reis, en rieden yn ien azem
nei Ljouwert ta. Dêr wenne in Notaris, dy fen de Jonker syn famylje
wier, en dêr hja folle mei út to stean hiene. Hjir forhelle hy syn
fynst fen de dukaten en levere dy oer, om se op yntressen sette to
litten. Mar ho nuver seach de Jonker op, det dy man der fen wiste. Hy
helle in tromp út de kast mei in eigenhandich testamint fen syn
oarreheit, dêr hy nei neamd wier, mei wol fyftich losse briefkes fen
jild, dat de âld man opsketten hie oan fortroude minsken. Dy wierne wol
tritich tûzen goune wirdich, en de dukaten stiene dêr ek al yn
biskreaun mei de boerepleats. Dy dukaten hie de man al griisd, det dy
dêr sa rinteleas lizze scoene, mar de âld man hie it sa bisteld, det hy
moast it him net earder sizze foar det de Jonker fiifentweintich jier
âld wier. Dêrom scoe hy him ek skreaun hawwe, as hy net komd wier.
Do de Jonker en de feint de jouns op it Slot kamen, do wierne de âlde
ljue earst al bliid. De earste fraech wier gau nei de ljeave nicht
Juliane, mar dêr makke de Jonker net folle fen. Do foroaren de
gesichten al hwet; mar do de Jonker forhelle fen dat testamint ef
codicil en dy greate slompe jild, do waerden hja sa kâld as iis. It
ienichste dat de Grietman sei, wier, det hy him al forwondere hie, hwer
eft al dat goudjild en dy losse obligaesjes bleaun wierne, do de âld
man stoar. Nou, it wier yn bihâlden hânnen, en hy winske de soan ’er
segen mei, mar hy hie it ljeaver sels yn it laedtsje stritsen.
De Jonker bleau net langer mear op it Slot, mar teach nei Frentsjer, en
studearre sa mei iver, det hy yn de foarsimmer as Doctor yn de rjuchten
wer by syn âlders thús kaem, ta greate blydskip fen syn folk, en syn
ienichste sister, dy sa folle fen him hâldde, en hy net minder fen
hjar. Dy wier folletiids hwet swakkelik en frij hwet âlder as hy, en
den hie hy yette in broer, dy wier hopman ef ritmaster by de ruterije
en folletiids yn it fjild.
Mar wylst hy to Frentsjer wier, forgeat hy syn Clare net, mar ried faek
tsjin de nacht op it hynzer nei hjar ta, en omdet hy it lêste ein to
foet gean moast, den gong hy folle by master oan.
Dy fortrette dat net, al moast hy yn de neare nacht ta it bêd út; dy
wier it libben dêr dochs to ientoanich, en den hearde hy hwet nijs.
Age-boer, de heit fen Clare, fortrette dat wol: “hwent, sei de man
tsjin de Jonker, “ik tochte det it mar in Sint Steffen grap mei jimme
west hie, mar it is eft jimme alleheel en al forslingerje op elkoarren.
En dat kin ommers neat wirde, man? Ik mei graech oer jou selskip,
Jonker, mar jy moatte dy frijerij opjaen; dat is net yn jou stân, en
dêrom siz ik jo de hilde op.”—“Dêr komm’ jy to let mei, Age-boer, wier
it antwird; hwent wy hawwe al lang boaske. Clare wirdt myn wiif en ik
jou bûrman takommende jier by wolwêzen.”—“Ik bin der net greatsk op,
Jonker, sei de boer werom; mar as dat jimme bislút is, hwet scil ik
deroan dwaen? As ik witten hie, det jy in lichtfeardich man west hiene,
den hie ik jo myn hiem forbean; mar ús master Tsjerk hie to Ljouwert
west by jou feint Christiaan, en dy hie him ûnder in glês wyn alles
forhelle, hwet er fen jo wiste. Ik hie oars ljeaver sjoen, det sy in
boer krige hie: hwent sy hat sa folle fen hjar mem erfd, det se wol in
pleats hiere koe, ja wol heal keapje; en ik lit hjar net trouwe, ef it
moat jou âlden ek nei it sin wêze; dêr moatt’ jy op rekkenje,
Jonker.”—“Ik bin myn eigen man, sei de Jonker; ik flean út myn eigen
fearren; mar as it sa fier komt, scil ik wol swart op wyt krije,
fortrou dêr mar op. Wier Clare ek in boerefaem wêst, dy neat leard hie,
den hie it ek better wêst, det hja in boer krige, mar hja stiket boppe
oaren út, en hat sa folle leard, folle mear as mannich jiffer, dy ’er
greatsk op is, en dat is sy net, en dêrby hat sy in foarrjucht, det hja
soun en sterk is, en dat is in ding, dêr ik mear op let as folle jonge
minsken. As ik foarôf birekkenje koe, det Clare in spoennen doaze wier,
dy altyd mei de dokters en masters by elkoarren hâlden wirde moast, den
woe ik hjar net hawn hawwe, al hie ik noch sa’n sin oan hjar hawn; sa
folle macht scoe ik wol oer my sels hawn hawwe. Ik wit wol, det ik hoon
en smaed my op de hals helje scil fen myn âlders en binamme fen myn
âldehear; ik wit wol, det alle Jonkers en Freules fen Fryslân my
útlaeitsje scille, mar ik steur my nearne oan. Dêr ik myn libben mei
trochbringe moat en swiet en sûr mei opnimme, dy wol ik my sels
útkieze; en om dy falske forachting fen de wrâld to ontgean, wol ik
hjir op de Wieren wenje as heareboer, en my it libben sa noflik meitsje
as ik kin.”
De boer hearde al nuver op, mar dy tochte: as men de dochters sa mar yn
it helter ôfleverje kin, den komt men ’er makliker nôch ôf, en dy
bikreunde him ek net folle mear der oer. De Jonker kaem sa faek by syn
fryster as him goed tochte: hy gong by syn frjeon de Domenij fen
Toppenhuzen út fen hûs, wylst Clare dêr by hjar omke thús wier, en den
hiene hja folle wille yn de pastorije. By omke gong it alles op syn âld
frysk ta; dy woun nearne doekjes om, en hy hie moaije forteltsjes en
sankjes, en dy wist Clare der altiden út to lokjen. Ien âld sankje hat
de Jonker do yette útskreaun, sa goed as hy koe, en dat song hy, det
allegearre skatteren fen laeitsjen.