Der wier sa’n feintsje Rinse,
Dy koe ’t sa mâl bitinse;
Dy frege de faem, ho sy it naem,
Det hy ’ris by hjar kaem.
’t Is goed, sei de faem;
’k Moat earst nei hûs ta jaskje,
En ’k moat myn skûtels waskje;
Ik haw in skerteldoek, wyt en fyn,
Dy hinget yn de rein en wyn,
En dy moat ik helje yn.
En Tryn en Ulbe kreamer
Dy dounsen al sa fel;
Ik tocht dêr bruit de keamer
Mei hjar fen boppen del.
Do kamen fankes út de stêd;
It dounsjen stie hjar al sa glêd;
Hja smieten de afterste om sa gnap;
En ’k tochte, ik laeits my slap.
Do hien’ hja yet in spylman brek,
Do hellen hja sa’n dronken gek;
Dy spile op in bûterlaed:
Rounom ticht en nearne in naed.
etc. etc.
“Foi, sei it wiif, “hâld mar op; men scoe yen skamje for
Domenij.”—“Hâld dy mar stil, sei de boer; doste jong wierste, wierste
ek neat wizer as wy allegearre; en Domenij’s binne ek al net fen kalk
en stien. Witst’ dat wol, wiif? En onnoazele grappen dêr scil ús harder
gjin boas yn fine”.
It folgjende jier wier it gelokkichste fen de Jonker syn libben. De
krysttiid en Sint Steffen brocht hy do by syn âlders op it Slot troch,
mar hie dy wille net, dy er op de Wieren hawn hie. De jiffer Juliane
wier by syn sister út fen hûs, en ho de âlders ek hjar bêst diene, om
dy jonge ljue oan elkoarren to krijen, de Jonker wier yette kâlder en
ôfkeariger as it foargeande jier to Langwaer. It wier den ek al
trochlykt op it Slot, det de Jonker om in boeredochter frijde, dy neist
syn eigen pleats wenne: hwent dat roun as diggelfjûr troch it lân. En
omdet Christiaan forskate brieven oan master bisoarge hie, sa waerd dy
sa lang perse, det hy ’er alles útflapte; mar hy sei ’er altyd by: “de
Jonker hat in faem útsocht, sa as ik noait ien sjoen haw: it is in byld
fen oansjen, en fen reden en biskeid as de bêste jiffer fen it lân.”
Do spriek de Grytman de Jonker oan en sei: “hwet hear ik? hastou in
boeredochter, dêrste mei frijste? dat scil wis wol in studintegrap
wêze, net?”—“Né, heit, it is gjin studintegrap, mar it is tinken,
earnstich tinken, sei de Jonker op in plechtige toan; “ik haw dy faem
nou al oer it jier kend: ik haw hjar deugden rommen heard en sels
kennen leard; ik bin forljeafd oan hjar; wy hawwe elkoarren trouwe
sward; ik wist, det ik myn âlders, de hele adel en alles tsjin my hie,
mar ik haw myn hert en sin der op set, en der is neat oan to foroarjen.
Ik wird boer op myn eigen pleats en ik haw sa folle ynkommen, det ik as
frijhear libje kin. Ik scil my ôfsonderje fen de wrâld, dy my
forachtsje mei: sa steane de prikken nou yn ’t wirk”.
De Grytman wier razend en sei: “Haw ik dy dêrom Doctor yn de rjuchten
meitsje litten, om tonei de kij nei to rinnen, en dyn edel bloed to
formingen mei in boere hoatske? Ja, ’t is wier, dou biste dyn eigen man
nou; dou kinste dwaen hwetste wolste; dêr hat de âlde man for soarge;
mar as hy dat witten hie, den hie hy it ljeaver oan de earmen jown. O,
as dy ’ris wer opseach!”—“En ik hoopje net, det jy ef immen skande oan
my bilibje scille, sei de jonker; sit it gelok den yn jild, steat ef
greatens? Wolle jy my net graech gelokkich sjen? En mei ik dêrta myn
eigen kar net hawwe? Ik wol jou namme en ús adel eare oandwaen troch
dieden, dy jo mear wille bisoargje kinne, as det ik my oan in oar
koppelje liet.”
Doch hwet de Jonker ek sizze mocht, hja skaetten as fyanden, dat de
soan yette hirder foel as de faer. En omdet hy nou dochs nin heul mear
op it Slot hie, gong er wer nei Clare ta en forhelle, ho det it him op
it Slot forgien wier. Clare wier bidrukt; mar hja bitroude op it wird
fen de Jonker, en as dy by hjar wier, den wier gau alles forgetten. Mar
Age-boer tocht, det it better wier, det it mar ophâldde: “hwent, sei
er, ik wol de greate ljue net oan de hals hawwe; dy hingje allegearre
oan elkoarren, en as ’er den in pleats to forhieren is, den kinne myn
bern efter de doar stean. Dêrom wol ik, lyk as ik sein haw, swart op
wyt hawwe, det de âlde ljue it tasteane, en oars stean ik it ek net
ta.” Sa woene de jonge ljue ek ljeaver as hjar rjucht brûke. Do sieten
de hannen al hwet yn it hier. Dat hearde master Tsjerk ek; dy praette
der ’ris oer mei syn âlde frjeon, de Domenij fen Raerd, en dy âlde hear
sei: as jy my net neame, den leau ik, det ik jo helpe kin. En do
forhelle Domenij it folgjende.
“Myn earste birop wier op in lyts doarp tichte by it Slot, dêr dy
Grytman wennet, en dy wier do yet net troud. Wy waerden ek al ridlik
gau greate frjeonen. It wier oars in goed man, mar as hy in ding sein
ef bigrepen hie, den wier hy onbigryplyke stiifhollich en hy sette
troch. Hy wier in great frjeon fen de jacht, en hâldde ek swannen. In
pear fen dy swannen nestelen folle by in boerepleats, dy hy fen syn mem
erfd hie; dy wier jong stoarn. Nou, dy swannen dy lieten den hjar
pylken dêr wol ’ris falle, en dy moasten de jonges him allegearre werom
bringe; dêr skreau hy mei; mar nou wol it gefal, det ien fen dy jonges
in pear fen dy pylken forkoft hie oan in skoaljonge, en dat stiek him
al. Mar op in moarntiid ier seach hy, det dy boerejonge dy pylken
opsochte ek by it Slot, en do wirdde er sa razend, det hy hiset dat
jonkje ien fen syn kweade patryshounen oan, en dat jonkje wier sa
forheard, det hy fleach troch alle sleatten hinne nei hûs ta. Hy wier
healdea fen skrik en kjeld, en moast forskate dagen op bêd lizze. De
boer, dat oars in goed man wier, hie dêr fryhwet oer to sizzen, en dy
waerd dêr op it Slot ontbean. Dêr waerd dy goede sêftsinnige man danich
útheuvele. Earst sei de man, det hy it net witten hie, det dy jonge der
op út gong; mar dat wirdde him ligen hieten. Dat wier to folle for in
earlik man; en hy sei nou rounút, det hy om al it jild fen mynhear net
lige woe, lit stean om in pear swannepylken. Hy hie net tocht, det
mynhear sa bernachtig wier.
Do sei de Grytman him de pleats op, en sei: dou gieste Maeije fen de
pleats ôf, den is dyn tiid dochs om; den kinste om in oar hinnekommen
siikje mei dyn bargeteam. Dêr bidoelde hy syn wiif en njoggen bern mei.
De boer, dy wol wiste, det de Grytman syn wirden net gau werom helle,
wier forslein; dochs hy wiste ek, det ik yet al folle by him
útrjochtsje koe; dêrom wier de earste rin al gau nei my ta, en do
skreau ik in brief oan de Grytman. Ik drukte him syn onrjucht sa goed
op it gewisse as ik koe en joech de boer de rie, om ’er it wiif mei nei
him ta to stjûren, om it meilijen hwet mear geande to meitsjen. Mar do
dat minske mei dy brief kaem, wier hy noch allike noartich, en do hy dy
brief lêzen hie, naem hy de pin en skreau der ûnder:
Nul op het request.
Decretum est.
Hy sei: jaen dy brief mar oan Domenij werom, en siz, det hy preekje
moat, mar gjin brieven for in oar skriuwe. It wyfke joech de brief
werom en dy is noch ûnder myn birêstinge. Mar dy boer wier skjin
forlegen mei syn great húsgesin. Hy teach de stoute skoen oan en gong
yet ’ris nei de Grytman, om de pleats to minsten for in jier to hieren;
mar de Grytman wier net to forbidden. De boer gong mistreastich de
homei fen it Slot út, mar kaem net wer by syn wiif en berntsjes yn hûs:
hwent do it dei wier, do founen se him dea yn de grêft fen it Slot
fordronken. Elk wier yn it hert bigien mei dat útein fen dy goede man.
Mar it wier in angel for de Grytman; dy kaem men yn wiken net to sjen.
Hy is do tonei gau troud, en it gêrs is oer it grêf groeid, dêr de boer
laeit, mar hy stiet faek yette as in driigjend spoek yn de gedachten
fen syn tiran. Dêr is dy brief, sei Domenij, en as jy him dy toane, den
scil hy wol dwaen, hwet jy wolle, ef hy moast fen izer wêze. Lykwol, as
it net helpt, siz den mar, det jy mear fen him witte; mar dêr moat it
net ta komme.”
Master Tsjerk makke nou in moai geskrift op segel: hy teach syn bêste
pakje oan en gong bûten witten fen de Jonker nei syn faer de Grytman op
reis, earst to foet nei Ljouwert, en do yn it skip nei Dokkum.
Dêr siet hy allinne yn mei in moaije jonge jiffer; dy sei earst net
folle, mar master tochte, dou scilste dochs prate; en dat lokte him ek
al ridlik gau. Do dy jiffer mirk, det dy man wakker bilêzen en sa
deftich yn syn praet wier, krekt eft hy in man fen rang wier, do waerd
sy ek al rju iepenhertich yn hjar praet, binamen do hja fornaem det hy
de skoalmaster fen Tersoal wier. Do wier de frage al gau, eft hy ek
heard hie, det dêr in Jonker frijde om in boeredochter. “Ja, sei
master, “ik ken hjar beide skoan en dat hoopje ik scil wol gau ta
trouwen komme.” Do krige dy jiffer in kleur en sei, det it dochs hwet
nuver for in jong man fen dy stân en geboarte wier, om in boeredochter
to trouwen. “Ja mar, sei master, is it net folle better, det de Jonker
nou in boeredochter trout as det hy ien fen syn gelikens nimt, dy folle
jild hat en dêrby fen den adel is, en det hy, as hy den troud wier,
mear sin oan dy boeredochter hie?” Nou, dat koe se net ontkenne, en do
forhelle master alles hwet hy wiste fen Clare, ho det hy hjar fen bern
ôf opfokke hie en hwet hja leard hie. Sjongen en dounsjen, sei master,
kin hja net folle; mar for in jongman, dy gefoel hat, is it sjongen fen
in ienfâldich widzelietsje fen syn jong wiif for de ljeafling fen hjar
hert, ef it earste healmûlige praet, it earste stappen fen syn lytse
bern oan de hân fen de mem, fol wille en forrukking,—is dat alles, siz
ik, for sa ’n man net mear wirdich as al it sjongen en dounsjen fen de
greate wrâld? It earste is natûr, it lêste kinst. Moat den in edelman
de minske en de natûr ôfswarre? Mei er syn sin en kar net folgje lyk as
in oar? Den wier er in ongelokkich minske. Den moast er syn gelok en
winsken oan syn steat en stân opofferje en dat scoe dochs to slim wêze;
binamen as er sa ’n juweel fen in faem kriget as Clare is.”
Lykwol, de jiffer hâldde it mar fol, det it wier net nei syn stân en
geboarte. “Nou, sei master dêrop, “it skeelt yette sa folle net as
Esther en de greate keuning Ashasverus; en hwet dy hege stân
oanbilanget, dêr ken ik ek fen prate. Ik haw twa jier by mynhear Aylva
yn den Haech west as klerk; dêr hie ik it folle better as de hear dy ik
tsjinne; ik hie in libben sa as ik it winskje koe, fen it bêste iten,
en wyn koe ik alle dagen in flesfol krije, as it my lêstte; mar och, dy
greatens is sa kâld; ’t wier myn wrâld net; de trek nei Fryslân wier ek
al to great; ik koe it net langer hirde. Mar dy greate ljue dy biklei
ik, hwent dy skeppe hjar sels in God, en dy dêr tsjin sondiget, dy is
út de Synagoge; en dy God is de mode, dy hjar wetten en bânnen opleit,
folle slimmer as dy yn bibel en testamint biskreaun steane.” Do sei de
jiffer net folle mear; hja stapte ûnderweis ta it skip út. Tonei hearde
master, det it de jiffer Juliane west wier, dy neijerhân dochs to
trouwen rekke oan in foarnaem Hollânner.
Master kaem de jouns op it Slot en krige earst de âlde frou to wirden;
dy wier heel frjeonlik, en do master hjar syn foarnimmen forhelle en sa
folle goeds fen Clare sei, do wier hja wakker bigearich om hjar ris to
sjen. Mar dat mocht hjar yn lang net barre, lyk as wy sjen scille.
Hwent do de Grytman thús kaem en master hearde, do wier de man earst
yet al frjeonlik, mar om syn tastimming to jaen ef to teikenjen, dat
like him net. Master wier lykwol net forslein, mar rôp him apart en
sei: “Mynhear, ik haw in geheim yn myn geheugen, dat jo bitreft; as jy
net teikenje wolle, den scil dat geheim, dêr ik it bewiis fen yn ’e
bûse haw, gjin geheim mear bliuwe;” en do liet hy him dy brief sjen. Do
sonk de man omtrint yn elkoarren: de wroeging, de skamte stie op syn
troanje. Master sei: “as jy teikenje, den is dat geheim en dy brief
jins allinne, mar oars——.” Nou, hy stie op, gong nei de frou en kaem
mei de beide hânteikeningen werom, en sei: “Hawar, master, nou kin hy
dwaen hwet hy wol; mar ik hoopje, det hy noait wer ûnder myn eagen
komt.”—“En ik hoopje, mynhear, det dizze wirden jo birouwe scille, en
det jou winsk net neikomme mei, mar det de Jonker yette in steun fen de
âlde dei for mynhear wirde mei. It is jou bern, en jy meije jou steat
en stân net ljeaver hawwe as jou bern, dat njunke jo neat misdien hat,
omdet syn sin fallen is op in jongfaem, dy better is as folle hege
jiffers. Fordylgje nou dy brief, en it geheim is yn it grêf; dêr is myn
hân; jou eigen soan wit it net en scil it noait to witten komme.” Dat
sinnige en forwondere de Grytman wakker. Master naem in frjeonlik
ôfskied en wier de oare deis wer by de Jonker, dy frjemd opseach en
bliid wier, det master him, bûten syn witten, de tastimming fen syn
âlden bisoarge hie; mar ho hy dy hânteikeningen krige, dat sei hy net;
dat scoe de Jonker ek mar sear dien hawwe.
Der wier de ljue nou net mear yn de wei. De âlde Piter-om en it wiif
romden it hûs en gongen yn in keamer wenjen yn de bûrren. De Jonker
liet yette in moaije keamer oan it hûs bouwe en hja trouden de Maeije
dêroan.—As nou de greate ljue trouwe, den binne hja as de slobben: as
de earke in wyfke foun hat nei syn sin, den giet hy der mei op ’e
fljocht. Sa dwane de ljue yn dizze tiid; hja meitsje gau det hja út it
gesicht fen hjar frjeonen wei komme, krekt eft hja in skelmstik
bidreaun hawwe. Mar foar twahûndert jier wier brilloftsjen in plicht
for dy it bitelje koe, en wier der neat, den waerd ’er al makke det it
’er kaem. Ho string en earnstich hja ek tochten, op in brillofte koe it
mear lije; ja sels roun der hwet bygeloof by, det op in houwelik sûnder
brilloft gjin segen folgje scoe. Us Hear sels hie hjar ommers foargien
to Canaän!
Alle bûrljue en frjeonen waerden der by noade, en der waerd iten en
drinken fen it bêste opdist; it gong alles hwet deftich ta. Master, dy
der ek by wier, hie sa folle net to sizzen as oars wol: hwent as in man
fen ûnderfining wier hy hwet stil for dizze kear, en siet sa hwet to
tinken. Dêrom frege de Jonker him, hwet ’er oan skeelde.—“Ja, sei
master, “’t is wier, ik siet sa hwet to tinken, Jonker. Mynhear Aylva,
dêr ik by wenne haw yn den Haech, hearde my alle jounen psalmsjongen,
en dêr skynde mynhear altyd gjin nocht oan to hawwen. Dêrom sei hy, det
ik hie sa folle for myn plezier songen, nou moast ik it ek ’ris for syn
plezier dwaen, en do lei hy my op, om de hele hûndert-njoggentjinde
psalm út to sjongen. Dêr seach ik al droevich tsjin op, mar die it
doch; mar dy lêste fersen do waerd ik hast moedleas. Nou, sa tinkt my,
is immen, dy in houlik oangiet ek. As men dy lange psalm sjongt, den
wit men hwet men krije scil; mar by it houlik net. Dêrom bin ik altyd
hwet stil en neitinkend op in brillofte, en ho neijer my it jonge pear
oan it hert laeit, nammers to slimmer is dat. Domenij moat nou it wird
mar ris dwaen.” Dat die Domenij ek op in deftige wize: hy spriek it
gelokkige pear moed, gelove en fortrouwen yn, en sei, det God sa’n
houlik segenje scoe, as men Him foar eagen hâldde, en sels frede en
freugde siikje woe op gjin oare paden as dy, hwerop se to finen wierne.
Dêrnei sette hy sels Starter’s nije Brilloftsang yn, en songen hja
allegearre:
Ghy, Vrienden van dit paer, soo wel vernoeghd,
Dit paer, dat d’Opper-heer te saem heeft willen leyden,
En niemant, als alleen de dood vermach te scheiden:
Bereid u al te samen, om
Den bruydt met haren Bruydegom
Gheluck, voorspoed, vermaek en vreughd,
Te wenschen met gheneughd.
Wenscht dat de liefd’, die ’t huwelijck begint,
Duur tot de dood haers levensknoop ontbind.
Dat Hemel, Aerd en Hel, eer menghel door malkander,
Als dat haer liefd’ in haat, haar vreughd in rou verander,
Dat sonder teghenspoed of druck,
Onheylen, twist en ongeluck
Sy moghen slyten haeren tijd,
Van alle ramp bevrijd.
De Jonker waerd nou boer, en dat libben foldie him en syn Clare skoan.
Mar hy waerd nin boer op en út; hy wier en bleau in frjeon fen de
wittenskippen, dêr hy alle dagen wol fjouwer ûren mei siet; ef hy siet
to praten mei syn wyfke, de master ef de Domenij. As hy útgong, den
bleau hy yette altiten allike deftich yn klean en menearen; dêrom
neamden hja him ek oeral de Jonkerboer. It ienichste, hweryn hy him fen
in oar boer ûnderskaette, wier, det hy mei syn wiif en bern allinne
iet: hwent, do hy bern krige, sparre hy nin moeite, om hjar op to
fokjen as deftige minsken, mear edel yn dieden as yn de namme. Dêrom
woe hy net hawwe, det se it rûge praet fen de boaden alle dagen
hearden; mar dy boaden namen earder hwet oer fen hjar hear en master en
de frou, en woene der dochs graech wenje. En Clare, howol se noait
greatsk waerd, dêr gongen de rûge puntsjes fen it boerelibben ek al sa
ôf, det, as hja yn de stêd ef oars by frjemde minsken kaem, den koe men
hjar net ûnderskiede fen in edelfrou. Bihalven syn greate lust for de
studie, hie de Jonker yn de simmertiid folle útspanning mei de
fiskerije. Faek hie er den ’ris twa ef trije fen syn âlde
akademie-frjeonen by him út fen hûs. Den bouden hja hjir ef dêr in
tinte oan de Snitser mar; dêr gong de biker den lustich roun om de
skûtel mei bears, dy se earst fongen en den siedden. Den hiene se
plezier yn de frije loft, en net minder as de jachttiid oankaem.
Reisgje diene de hearen do sa folle net; der wierne do sokke goede
wegen en herbergen net, en men koe dy yette ek net goed bitrouwe. Dêrom
wierne de minsken do ek mear, oan hûs en hiem forknocht, en dêrom
sochten hja hjar plezier tichte by, wylst se de freugde yn hjar sels
hiene.
Yn it forfolch krigen hja ek al forskate bern en dy groeiden op as
roazen; koartom, de Jonker syn gelok hie folmakke west, mar it wier him
in doarn yn it flêsk, det hy sa ôfskaet fen syn âlders libbe. Syn
ienichste sister, dy altyd sa hwet omkwynde, mocht net by him komme, en
hy net by hjar, en dat die him yn it hert sear; hwent dat wier syn
hertlape. Soms krige hy to mûk yette in brief, mar dat waerd hjar ek al
bilet. Syn broer wier altyd yn it oarlochsfjild en dêr krige hy selden
birjocht fen.
Einlinge, neidet hy al fyftjin jier dêr sa as boer hinne libbe hie, en
det hy al fiif bern hie, do krige hy birjocht, det syn broer, de
hopman, werom út de kriich kaem, en dy biskaette him op de Alde Skou,
hwer hy mei syn ruters by lâns komme moast; en dêr teach do de Jonker
mei Clare en de twa âldste bern, Hedzer en Haukje, hinne mei in skipke.
Do hja dêr kamen, wier de herberge hast al fol, mar de kasteleinske
brocht Clare by in âlde dame, dy allinne yn in keammerke siet, om op
hjar man to wachtsjen, dy hjar brochte en nei in boer gien wier, dy dêr
tichte by wenne. De Jonker en de âldste soan bleauwen op de wei om de
ruters ôf to wachtsjen. De âlde frou en Clare rekken al dalik oan it
praet, en do waerd der al gau ’ris frege, ho dat famke hjitte. Dy
hjitte Aukje, sei Clare, mar dy wier oars Aurelia doopt. “En sa hjit ik
ek”, sei de dame, en do helle hja dat famke oan. Dêrmei kaem Hedzer der
yn en dy rôp: “Wy kinne de ruters al oankommen sjen: hja blaze al op de
trompetten.” Do sprong hy wer út de keamer wei. “Dat is in skoane
jonge”, sei de âlde frou; “ho hjit dy?”—“Dy hjit Hedzer, mar hy is
Hector doopt,” sei Clare. It âlde minske seach raer op en waerd stil;
hja seach Clare sa nij oan en sei: “Hwet is jou man den?”—“Dat is in
boer,” wier it antwird, en sy sei de namme. Do foel hja Clare en hjar
dochter om de hals, en hja wier sa oandien, det hja net prate koe.
Clare koe dit net bigripe, omdet hja net wiste, det dit de mem fen hjar
man wier. Dy oandwaninge lykwol foroare dalik yn de greatste blydskip.
Koart dêrop kaem de Jonker der oan mei syn broer, de hopman, rûch yn it
bird en mei in skriklike sabelhou yn ’e foarholle en mei in lofter
houten hân. Dat joech wer in nije ontsteltenis. Mar de hopman brocht de
ljue gau ta frolike sinnen: dy patte Clare, det it klapte. “Jandorie,
broer, wat heb je een bol van een wijf opgezocht, en daar heb je al
vijf kinders bij! Zij ziet er, mijn ziel, uit als een deern van
vijfentwintig jaar. Als ik er zoo een nog vinden kan, dan neem ik ook
nog eene. Maar wie wil mij hebben met mijn gekorven kop en mijn houten
vlerk? Allons, broer! geef mij wat wijn, ik heb een dorst als een
speenvarken.”
It dûrre net lang ef der kaem de âlde Grytman ek oan, en dy seach nuver
op. De hopman joech him de hân, mar hy koe gjin wird uterje fen
blydskip. De Jonker rikte him ek de hân ta, mar hy sei: “ik ken dy
net.”—“To minsten jy wolle my net kenne, fader”, sei de Jonker.
“Fyftjin jierren fen neitinken skine yette net genôch to wêzen, om jou
hirde sin to formurwjen. Ik haw my sels neat to forwiten; ik bin in
boer, mar ik freegje alle man ta getuge, eft ik net libbe haw, lyk it
in edelman bitammet. Mar jy hawwe forkearde oanblazers hawn, dy myn
wiif in kwea laster neijown hawwe. Mar ik haw noait nin greater segen
fen God ontfinzen as dat wiif.” Lykwol de âlde bleau allike steech en
wiste fen gjin bûgen; hy woe ’er syn Fryske kop tsjin sette.
Dat gong de hopman to fier: hy loek syn swird út de skie en sei: “Dat
is het zwaard, daar ik mijn leven en mijn vaderland meê verdedigd heb;
dat zwaard is mij heilig, en bij dat zwaard zweer ik bij dezen, dat ik
geen voet over uw drempel zal zetten, vader! vóór dat gij mijn broeder
de hand der verzoening gereikt hebt.” Dat wier to folle for de âlde
Grytman; hy joech de Jonker de hân en de triennen rounen him oer de
wangen. Yette blider wier de âlde dame, dy by Clare siet en nou sa yn
iens twa soannen, in dochter en twa bernsbern foun en yn ’e earmen
foel. Hiene de âlde Grou, de Boarn en Witering, dy by de Skou yn inoar
stringelje, sprekke kind, hja scoene sein hawwe: sa ’n freugde hawwe wy
hjir noait bilibbe.”
De hopman joech syn ruters in tige slok brandewyn; hy liet de
trompetters Wilhelmus blaze, en sa teagen dy nei Ljouwert, en kamen dêr
yn hjar winterkertier oan.
’t Dûrre net lang, ef de hopman mei syn iene houten hân gong út de
tsjinst wei, en troude neijerhân de jiffer Juliane, dat nou in rike
widdou wier mei twa bern, en dy der greatsk op wier, det hja in man
krige, dy syn libben for it lân weage hie.
De Grytman hie de Jonker en Clare krêftich noade, om sa gau as hja
koene by him oer to kommen.
De Jonker reisge ek al skielk mei syn húsgesin fen de Wieren ôf en nei
it Slot ta, hwer hy syn ienichste sister foun, dy hy sa lang mist hie.
Hja wierne yn ’e himel fen blydskip, do hja eltsoarren metten. En hwet
it nuverste wier, de âlde Grytman hie sa folle mei Clare op, det it
like, eft hy it onrjucht, dat er hjar oandien hie, mei al syn macht wer
formoedsoene woe mei frjeonlikheit.
De Jonker waerd tonei Grytman, do de âlde minder waerd; en omdet hy him
sels fornedere hie yn syn jonge jierren, sa waerd hy in forstânnich en
goedhertich regent, wylst hy de neden fen de earme ljue en fen de
boerestân better koe as mennich oare hearen fen syn ampt.
Syn neigeslacht is lange tyd yn eare west yn ús âld Fryslân.
En lange jierren tonei waerd de Krystjoun en Sint Steffen yn dit
gelokkige húsgesin yn eare hâldden, en moast master Tsjerk den ek op it
Slot komme, sa lang as hy reisgje koe.