SKINK RIS YN, MYN FAEM!

Skink my it glês ’ris, myn fanke!

Fol fen dy goudene wyn;

Dip ’er ris oan mei dyn mûlke,

Smyt ’er in tútsje by yn.

Dêr is my de ierde in Himel,

Hwer det dyn wêzen oer giet;

Hwer det dyn eagen oer weidzje,

Is ’t eft myn siele nei giet.

Wille blinkt yn dy beker,

Hearlik forkwiklike wyn!

Mar yn dyn blauwe eagen

Dêr is in paradiis yn.

Stil is de nacht oer de fjilden;

’t Hinnekleed laeit ’er oer,

En gjin krûden en blommen

Kweekt mear dy deade natûr.

Mar as de brúntsjes sa boartsje

Oer de frjeonlike mar,

En as de mieden sa bloeije,

O ja, den seinje wy hjar.

Yette, o stille Sint Steffen!

Dyn beker fen wille rint oer,

Mei in jongfaem oan de side

By in foarâlderlik fjûr.

Dreamen fen himelske wille

Walle út dy beker nou op.

Siich mar ’ris del op myn skerte,

Den is ús wille yn ’e top.

Skink my it glês ris, myn fanke!

Fol fen dy goudene wyn;

Dip ’er ris oan mei dyn mûlke,

Smyt ’er in tútsje by yn.

“Bravo, master, sei de Jonker, “dat is in flesfol wirdich; drink mar

ris tige; jy hoeve moarn net wer foar it boerdtsje to lêzen en to

sjongen.”—“Hwet wierne jy do grien as gêrs, master,” sei Clare do.—“Ja,

sei master, “mar wachtsje mar ris in pear ûre; den binne jimme foar

middennacht ek al krekt gesteld as wy do wierne. Mar dy frijerij naem

in droevich ein: hwent do wy yette in ûre ef hwet sitten hiene (it wier

yn sa ’n fjúrherntsje efter yn it hûs, dêr ek wol spek yn rikke waerd),

do hearden wy gedrús oan de skoarstien. De faem tochte, it koe wol

foartsjirmerij wêze, omdet de boer praet hie, det de skoarstien sa âld

waerd, det er hast wol omfalle koe, as der net yn foarsjoen waerd. En

wylst wy dêr sa oer praetten, pof! dêr falt in smoarch ding troch de

skoarstien, det it fjûr en de yeske oer it herntsje fleagen.”—“En hwet

wier dat?”—“Ja, ik doar it hast net sizze: it wier in skjippepânse mei

it kwea der yn, dat roun dêr oer de plaet. Dat wier dêr in boel! de

faem wier neiby fen hjar sels, en in stôk siet op ’e doar; ik moast de

finsters út om de bysfeinten nei to sitten; mar dy wierne al fier it

fjild út, en it wier to tsjuster om dat folk to finen.

Do de boel hwet oprêdden en de faem hwet bidarre wier, do sei se: Dat

is ús slachters soan, dy ús dat bakt hat; dy haw ik al ’ris blau jown

en do hat hy my al wikt, det hy ús it libben lêstich meitsje scoe,

astou wer by my kaemste. Do sei ik: Nou, dou haste nou kar; haste mear

sin oan him, it stiet oan dy; en dêr sei sy neat op werom. Do bigrypte

ik hwerom det se nin ja sizze woe, en ik kaem net wer. It wier oars sa

’n moai faem en dêr ek in goed hert yn siet, mar luftich en wif fen

aerd, ien dy gau swinke koe. Tonei is hja al gau mei dy slachter troud,

mar dat wier in swift; dy is op it oarlochskip gien, en liet hjar mei

trije bern allinne sitte. Lange jierren tonei kaem hja alle nijjiers by

my om in gave, mar de lêste kear do hja by my kaem, do seach se der út

as in spoek; de lappen hingen om hjar forwile lea. Do kearde ik myn

pong om en ik sei: hawar, dêr haste alles hwet ik by my haw; ik hoopje

dy noait wer to sjen, en ik haw hjar noait werom sjoen. De earste

jierren ear det ik troud wier, seach ik noait dat âlde hûs en dat

poeltsje, ef it moed waerd my fol, en do haw ik ’er dit rymke yette op

makke:

Rimen en Teltsjes · 第 223 / 279 题