DE WITE FLOKKEN.

Moai Sytske kuijere yn de finne

En dounse yn dert’le noft;

Hja plôke blomkes om hjar hinne

En smiet dy yn ’e loft.

“Sjuch, ho de wite flokken fleane!

’k Woe det it krysttiid wier,

As feint en faem to keamer geane

By brandewyn en bier.”—

“Och, sei hjar heit, “dou biste derten,

Dou smytste blommen wei?!

Hat den de winter ek nin smerten?

O freegje it de earmen nei.”

“Heit, as de wite flokken fleane,

Is my de wrâld sa blier;

As feint en faem to keamer geane,

Sint Steffen ef Nijjier.”—

“Sjuch, ho it gûd de gêrskes smeitsje,

Dat is for my ek nocht;

Sjoch, ho de fûgels hjar formeitsje

En sjonge yn de loft.”—

“Mar as de wite flokken fleane

En ik it iis lâns swier,—

As feint en faem to keamer geane,

Den hat in minske tier.”—

“As yn de lije simmernachten

It fjild sa hearlik rûkt,

En ’t âlde hynzer greate frachten

Fen hea nei hûs ta lûkt;

’t Reidhintsje floitet yn de lizen,

De kwartel yn de stânnen slacht,

Siz, is de wrâld den minder ljeaver,

As yn Sint Steffens nacht?”—

“Och, lit dat gêrs en blommen fleane

En barn dy harken op!

Né, as de wite flokken fleane,

Den gean wy keamer op!”—

“O Sytske-ljeaf! bitwing dyn mûle.

Dou biste ek yette in blom;

Dy wachtet ek in swarte kûle:

O tink dêr jimmer om.

Dou plôkest’ blomkes, litst’ se fleane,

Bist’ mei Sint Steffen bliid;

As feint en faem to keamer geane,

Bist’ licht al út de tiid.

Dou biste wol in jonge blomme

En ’t hert is til en rom,

Dêr kin in oare tiid op komme,

Tink ljeave Syts, dêrom.

Ho faek wirdt net sa’n blom ôfmeane

En stronken bliuwe stean,

En ear de wite flokken fleane,

Kinst’ licht nei ’t hôf ta gean.”—

“Och, rôp it fanke, “ikke! ikke?

Ik bin sa jong, sa soun.

O heit, jy moatt’ my net forskrikke,

Sa jong al yn de groun?

“Né, as de wite flokken fleane”

(O Sytske! it wier in griis),

“Den litte wy de blommen fleane

En siikje wille op ’t iis!”

Hja hiene yn ’t hôf in beam fol parren;

De tûken bûgden nei de groun,

En alle blide berntsjes garren

En dounsen dêr yn ’t roun.

Mar Syts fleach boppen yn de stamme

En skodde ’er alle parren ôf,

En rôp: “Bin ik nin moaije sjamme!”

Mar, och!—hja trúz’le oer it hôf.

Dat koe dy âlde beam net hâlde,

Dy briek, en Sytske foel hjar dea.

Ho jammeren nou jong en âlde

En alle feinten fen it gea!

Ien sucht, ien skokje troch de lidden

Wier alles hwet men fen hjar seach.

Hjir holp nin triennen, snikken, bidden,

It wier de dea, dy hjar oerteach.

Sa waerd dy moaije jonge blomme

Mei triennen nei it hôf ta brocht.

Ho mannich moat ta stjerren komme,

As hy ’er ’t alderminst om tocht.

En do de wite flokken fleagen,

Dêr sy sa faek nei winske hie,

Dy seagen net hjar moaije eagen,

Mar leine oer hjar in kleed fen snie.

Master _Tsjerk_.

Nou, dy master is net min, sei de Jonker; “dy woe ik hjir wol ’ris

hawwe.” “Ja, wier it antwird, “dy master dêr sit in holle op, dat siz

ik jo, Jonker! dy wit fen alles. Syn heit hat master to Raerd west, en

dêr wennet sa ’n âld Domenij, dy wier âld feint, in geleard man, en dy

hat him opfokke fen bern ôf oan en him alles leard. Yn de earste

jierren, det hy hjir skoallemaster wier, roun hy noch alle dagen nei

him ta. Sprekke jy him yn ’t latyn oan, dat ken hy folle better as

mannich Domenij, en hy hie ek al folle fierder west, mar hy hat in

wyfke troud, dy hjir fiifentweintich pounmjitte bêst lân lizzen hat, en

dy biboerket dat, en nou kinne hja rom libje. En dat is ek skoan for

him, hwent as it wyfke net op him paste, den joech hy alles wei. Nei

stêd giet master ek seldsom, hwent as hy den snaken oantreft, dy ’er op

libje, den traktearret er sa lang as er in stûr by him hat. By de bern

is it in bêst master; dy net folle kin, dêr hat er gedild mei, en dy

kin en wol, dêr docht er mear for as syn plicht is, mar dy kin en net

wol, dêr slacht er net op om, as ús âlde master die, dy se

stokfiskbûker neamden; dêrom geane dy ek sa dom as kij fen de skoalle,

dêr folle âlders den oer kleije. Mar ús âlde sei altyd: der stiene twa

beammen to waechsjen, en dêr dy wierne, dêr koene gjin domme ljue noch

sike minsken wêze, en dat wier de bjirkenbeam en flearbeam, as dy mar

goed brûkt waerden. Wy hawwe him sa fier wol winske ûnder de groun as

in hazze op in dei rinne koe. Dy sloech ’er ongenadich oer lâns, mar

hwet hy learde wier goed. Men moat ek net folle easkje fen in master:

hwent meastal binne it ôfleine hearefeinten ef klerken fen de

Siktarijen, dy ’er oer binne, ef kandaten sûnder birop. Mar dêr sit ien

(en hy wiisde op Clare), dat is syn hertlapke; dy wol hy alle dagen wol

leare en ûnderrjucht jaen, as hy mar kin.”

“Dy man moatte wy hjir ’ris hawwe, moarntojoun, as it koe; den scil ik

him op wyn traktearje; der stiet by Piter-om yet bêste fen ús âlde

Pake.”—“Nou, den scille jy nuver hwet hearre. Jonker”, sei Age.

Do bigoun de jounklok to lieden, it wier acht ûre; do sei de Jonker:

“Ik woe moarn nei Toppenhuzen yn de tsjerke; dat is wis tichte by,

net?”—“O ja, ik scil jo myn âldste soan mei jaen, dy der jister yette

west hat; hwent ik haw der in broer wenjen.”—“Gieste mei, Clare?” sei

de Jonker.—“As myn broer mei giet, mar oars net, sei Clare; “net om

jins persoan ef wêzen, mar om de minsken.” Hy joech hjar de hân en do

seagen hja eltsoarren for de earste kear ’ris lodderich oan. “Nou,

moarntojoun scille wy krystjoun by jo hâlde, Age-boer, en ik

traktearje.”—“Bêst Jonker;” hja fûskene en do wier it: goe nacht!

By Piter-om iet de Jonker nou earst rizenbrij mei bûter en sûker, en do

sei it âld wyf: “Aste nou op bêd woste, jonge, den moaste it sizze, den

scille wy it earst waerm meitsje,” en dêr gong de Jonker yn lizzen eft

er yn side laei; en lyk as alle jonge minsken gong him gau de sliep

troch de lea. Mar do de klok toalf ûre slein hie, hearde hy de boer

opstean. Hy laei al to tinken hwet dat bitsjutte, hwent hy hearde det

de âld man frege eft de lampe al yn it bûthús wier. Dêrom gong hy fen

it bêd ôf nei it bûthús ta, en dêr seach hy det de âld boer de kij elts

in jefte hea joech. Hy frege de boer, eft dat de jouns forgetten wier.

“Né, wier it antwird, “dat is ús gebrûk sa yn de krystnacht; dit diene

ús âlders ek altyd.” En do it fé oan it lêste ta hwet hawn hiene,

brocht hy yet ek in great foarke fol op it hiem, en sei: “Dat is for de

fûgeltsjes, Jonker!”

De Jonker koe net bigripe hwerom de âld boer dat die, hy gong wer op

bêd, mar naem earst in studintesliepmûtse, dat wier in goed bierglês

fol fen dy âlde wyn, en do hie hy him gau wer beet.

De oare moarns by tiid wier er wer by Age-boer, en dêr siet it hele

húsgesin al wer om it krystblok, en de bern liezen de krystgedichten

foar, dy hja oan de âlders joegen, hwer for det se den

skipke-skellingen en moaije gounen yn de sparpotten krigen. Master hie

bûten om dy gedichten moaije krolders mei de pin makke sa as pauwen en

oare fûgels, hwer fen de stirten den yn lange kringels útrounen om it

hele skrift hinne.

Om acht ûre rieden hja nei Toppenhuzen ta. Auke, de âldste healbroer

fen Clare, ried foarop en de jonge ljue efteroan. It wier moud waer; de

wyn wier om, mar it wier ien fen dy winters dy mei alle winen froast

jane. De Snitsers, dy de Haukesleat lâns rieden, bleauwen stean om dat

moaije jonge pear nei to sjen: hwent hja wierne beide yn de uterste

pronk fen dy tiid, hy as in Jonker en sy as boerefaem.

De Jonker gong by de Domenij yn en de faem en hjar broer by de omke, dy

dêr deun oan wenne. De Domenij sprong hast út syn fel fen blydskip, do

hy dêr ien fen syn Frentsjerter âlde studintefrjeonen seach; to mear,

omdet de Jonker by syn âlders ynwenne, dêr er as bern thús wier. Dy

Domenij hie nou trije jier fen de studie west, en wier twa jier to

Toppenhuzen, en hie in moai jong wyfke út Frentsjer en al in lyts bern

yn de widze. Hja gongen mei inoar nei tsjerke. Domenij preke út Lucas

twa, sa as gewoanlik op krysttiid, liet hwet lang sjonge en makke de

preek hwet koart. Do hja wer yn de pastorij wierne, sei de Jonker: “Sa

’n lûd hab ik fen myn libbens dagen net heard, as dy master dêr foar

dat boerdtsje hie; sok bâlten ter eare Gods haw ik noch noait heard.”

“Ik wol it wol leauwe, sei Domenij; elk skoert der de earen fen op, en

hjir komme ek wol bysfeinten fen Snits, dy it tsjin him yn de kant

sette, mar den makket de man de broeksbân los en den dreunt de hele

tsjerke. En dêr drage de boeren hjir rom op; hja sizze mar roun út, det

’er yn de saun provincies gjin master is, dy hjarres oertreft yn ’t

sjongen; it learen dêr steure hja hjar sa folle net oan.” Do gongen

Domenij en de Jonker nei de bûrman, de omke fen Clare, en sei Domenij

út namme fen syn wiif, det Clare yn de pastorij komme moast to iten;

doch hy krige ta antwird: “Wel, wy hawwe wol in miel iten for sa’n gnap

faem.” “Ja, dat wit ik wol, sei Domenij; “jy hawwe al ’ris in Grytman

to iten hawn op in hazze.”—“Moat ik dat nou al wer hearre, en dat op

krystmoarn?” sei de boer. “Dat kaem sa, Jonker, sei Roel-boer: “it wier

yn de lette hjerst en do siet ik de moarns om healwei seizen yn de

yester to meltsjen, en dêr komt ús Grytman oan mei it gewear op it

skouder en in houn by him; nou wy houddene in praetsje en do forhelle

dy ús, det hy woe nei Twellingea ta en dêr fen dinne bigjinne to jeijen

oan Snits ta, en as er den werom kaem, den woe er by my ite. Nou, dat

wier bêst, hwent it is myn lânhearre ek sa hwet. Wy hiene in hazze yn

de mounle fongen; ik tocht den moat dy der mar oan; wy scoene oars

grouwe earte ite en ús tochte dêr koe er wol by sean wirde. Nou, hy

krige in goed klobbe bûter mei yn ’t gat, en sa gong dat beest mei yn

de eartepôt. Do mynhear kaem, namen wy dat ding der út, en sei ik tsjin

mynhear: nou moatte jy him mar snije. Mar de Grytman sei: ho is dat

beest sa glêd fen bûten? hawwe jimme dat ding net strûpt? Wel né,

mynhear, wy hawwe him plôke as in einfûgel. Myn jonges hawwe der genôch

om flokt en hja hawwe it forsein om it oait wer to dwaen.—Do boarstte

mynhear út fen laitsjen, en sei: Nou, hawwe jimme gjin spek ef flêsk?

Jawol, mynhear, mar moast sa’n ding net plôke wirde? Né, hy moast

strûpt wirde. Binne jy yette net wizer? Nou, mynhear iet dêrom al earte

en spek, det hy wol jeije koe dy deis. Nou, ik moat sizze ik haw it

oare jier by mynhear west to iten, en der kaem ek sa’n ding op de tafel

en dy wier strûpt, mar dêr woe ik gjin mûle op sette. Dêr wier in

forkearde lucht oan en dy wier omtrint swart. Dat is nou it forhael en

dat moat ik altyd fen Domenij hearre.”—“Nou, sei de Jonker, “ik hie ek

net fen dy hazze hawwe wollen,” en dy lake ek al. Do ieten hja yn de

pastorij, en de pastoarske en Clare wierne it gau iens, sadet Clare mei

in healûre it lytse bern al op ’e skirte hie.

“Jy hawwe it hjir nou al jamk nei it sin, leau ik, sei de Jonker tsjin

Domenij; “mar ho is it, hawwe jy nou dy side spek ek oan my fortsjinne,

dy ik biloofd haw?”—“Ja, sei Domenij, dêr scoe ik net om tocht hawwe,

ik siz fen ja.”—“En ik siz fen net,” sei pastoarske (hwent dy wiste fen

de weddenskip).—“Ho nou den?” sei Domenij.—“Wel, wit’ jy net dat wy

tsierd hawwe om de namme fen it bern? Jy woene it Frederik dope, en ik

sei it scoe Freark hjitte, nei de âldehear, hwent dy wier der ek foar;

mar jy hawwe it woun, en dêr hawwe wy do gâns oer staet.”

“Sjuchste wol, frouljue hawwe altiid better geheugen as de manljue; dêr

hawwe jy de hele boel forbruid; dy side spek hie ús oars wol

past.”—“Hwet is dat? sei Clare; “jimme prate oer dingen, dy ik net

forstean.”

“Ik scil it dy forklearje, ljeaf! sei de Jonker. Alear tiden wier der

in gebrûk, om de jonge ljue, dy in jier en in dei sûnder kibjen libbe

hiene, en dy syn man ef wiif mei noch earmer, noch riker, mei moaijer

ef onsjogger omruilje wold hie, dy hie in side spek fortsjinne. Der is

in doarp yn Ingelân, dat is Dunmow, yn it graefskip Exeter, dêr is it

yette in jierliks gebrûk. It jonge pear, dat dy side spek fortsjinne

hat, moat op twa skerpe stiennen del lizze en den op ’e knibbels

swarre, det se in roun jier en in dei noait kibbe hiene, en as hja dat

diene, den waerden se mei glâns troch it doarp dragen mei de side spek

foarop.

“En nou hie ik Domenij, do hy syn wyfke fen Frentsjer helle, in side

spek onthjitten, lyk as op it doarp Dunmow de mode wier, namelik: as hy

yn in jier en dei net mei syn jong pastoarske tsierd ef kreaud hie. ’k

Hie hope hawn det hy it fortsjinne hie, omdet ik it hjir alles sa

aerdich en noflik bifyn. Mar pastoarske hat it bidoarn.”—“Nou, sei

Clare, “as dat sa nau hipt, den leau ik net det it spek ’er djûrder om

wirde scoe, al waerd ’er oan alle jonge pearen sa ’n side útloofd:

hwent nije weinen kreakje hast altyt, haw ik wol ’ris sizzen

heard.”—“Dêr hawwe jy gelyk oan, sei de Jonker, “der skeelt ek sa’n

bytsje oan, det ik de weddenskip dochs mar forlern hawwe wol.” Hy naem

de gouden rider, dy hy to Terherne for in skelling útjaen woe, en smiet

him op ’e tafel, en sei: “Hawar, keapje dêr wyn for, dat kin dochs net

to goed fen it tractemint ôf.” “Ik scil it dwaen, sei Domenij, “en by

eltse flesse scil ik jins gesondheit drinke.”

Do namen hja ôfskied. Domenij gong nei de preekstoel, om de

Toppenhuzers in swiet neimiddeis knipperke to bisoargjen, en de jonge

ljue rieden de mar wer oer, de Witering by de Skou lâns, en de Boarn

troch nei Akkrum ta. Dêr hâldden hja hwet stil; do oan it baenriden op

de Meinesleat, mar hja hiene sa folle bisjoch, det hja rieden mar gau

wer nei Terherne. Hja founen de herberge leech, omdet it iene part fen

it jongfolk op it iis wier, en it oare part wier oan it lotsjen om

koeke, krystwiggen, skjipflesk en fette gies, lyk as do om krysttiid

folle yn swang wier. De kastelein wier bliid det hy de jongeljue ’ris

wer seach en wier yet al plezierich as altiid.

Nei det se dêr frjeonlik by de hird sieten, kaem der in langen slinter

fen in keardel oan, in skippersfeint fen Terherne; dy hie folle smeulsk

praet oer de stêdljue. De Jonker hâldde him stil, mar do dy knaep ek op

Clare bigoun to smeulen, do naem de Jonker in tinnen biermingelen dy

ryklik healfol bier wier, en knikte it twisken de fûsten plat, det it

bier tsjin de souder oan fleach. Do sei dy feint: “Hwet scil dat

bitsjutte, mynhear!”—“Dat bitsjut sa folle, det aste der net útgieste,

den scil ik dy sa plat knipe as dat mingelen.” Nou, dy baeifanger gong

dalik foart. “Sie sa, sei de kastelein, dou dochste wiis; dat is in

ielkwab for dy, en kom forearst mar net wer to wrokjen. Jou feint hie

al sein, Jonker, det jy izeren fûsten hiene, mar ik sjen det hy net

leagen hat.”—“Wel ja, kastelein, dat wier folle better as det ik him

earst in pear ribben britsen hie. Mar ho neamden jy my dêr sa in

ielkwab?”—“Wel, dat wier om him to húnjen: hwent der is gjin fisk, dy

in poask oan doar, bihalven in ielkwab; dêr fynt men dat gûd altyd by

yn de robbe, as men hjar tamakket. As men dat sok folk foarhâldt, den

binne hja sa lilk as in spin. As der mear by west hiene, den hie ik it

net sein, mar ik lucht him net; ik woe him wol slite.”

Nou roun it tsjin de joun, en de frjeonen op de Wieren dy wachtten al.

Do hja dêr kamen, siet master der ek. ’t Wier in man sa hwet great

tritich jier âld, mei brede skouders en mei in pear skrandere eagen yn

de holle. Hy stie op, makke in greate bûging for de Jonker en fûske mei

him. Earst hie master ontsach, mar dat foroare al gau yn

iepenhertichheit en frjeonlik praet.

Der siet in hele smite minsken om dat moaije krystblok. De boer,

fjouwer jonges, de master, de Jonker. Clare en de frou sieten oan de

tafel, De Jonker hie wyn út de kiste komme litten by Piter-om, en dy

dronken hja waerm út de tsjettel mei sûker en kaniel der yn; mar master

naem in flesse kâlde; it scoe fen sels wol waerm wirde, tocht him. Dat

gong dêr op in praten en forheljen! Master wier earst hwet deftich en

ynbandich, mar de tonge waerd him al hwet losser, do hy bigoun to

merken op hwet groun hy siet, en det de Jonker sa heech him net

foarjoech, as men meast by sokke ljue wend is. En sa forhelle de Jonker

ek hwet hy yn de nacht fen Piter-om sjoen hie, det hy it fé in jefte

hea joech, en in foarkfol for de fûgeltsjes bûten de doar brocht; dat

koe hy him net bigripe hwet dat bitsjutte. Do fette master Tsjerk it

wird en sei: “It krystfeest wier by de âlde Kristenen de greatste

hjeldei fen it jier; hja joegen hjar freugde en blydskip meastal to

kennen troch it brânnen fen in great fjûr, lyk as wy hjir foar ús

sjenne. Sa hat men yn it bigjin fen Novimbermoanne it Sint Martens

fjûr, dat de bern hjir en dêr op in stik lân oanstekke, en dêr hja om

hinne dounsje, en den rinne hja jouns mei dy pompierne lantearnkes, dy

hja Martens fleugeltsjes neame. En hwerom wirdt yet dat krystblok

oanlein? Yn ’t noarden fen Ingelân en yn Skotlân wirdt it _Julelog_

neamd, en dêr is it soms sa great, det it mei in hynzer oan de doar ta

sleept wirdt. Ik tink, omdet dy fjûren en feesten hâlden wirde op

tiden, dy mei de feesten fen ús Heidenske foarâlders, hwerop hja hjar

Goaden forearen, oerienkamen. Dy stieken fjûren oan om to offerjen en

om de boaze geasten to fordriuwen; en omdet ’er sa folle ienfâldige

ljue oerbleaun binne, dy oan de kweade leauden, is ek dat fjûr

oerbleaun. Dat is de bitsjuttenis fen it krystblok.

Us foarâlders ieten ek net folle wytbrea, de weet is mear thús yn de

súdlike lânnen; dêrom wier dat allinne rikeljus-iten; mar krysttiid, de

greatste hjeldei fen it jier, den moast it lichem ek feest fiere, en

dêr fen it fine witebrea, dat wy krystwiggen hjitte, en dy ek, yn

swiete mâlke weakke, mei sûker en bûter ’er oer, om dizze tiid folle

iten wirde. En omdet de gies om krysttiid hinne it fetste binne, den

wirdt der meast in krystgoes by iten, lyk as yn heel Ingelân it gebrûk

is. Dêr wirde de earme ljue, neistbisteanden en frjemden ek mei

bideeld. Dat is de bitsjuttenis fen de krystwiggen en de krystgoes.

Mar op it feest fen Christus’ geboarte, de stichter fen de Godstjinst

fen ljeafde en barmhertichheit, moasten ús húsdieren, ja, de holpleaze

beesten fen it fjild ek sels in forheuginge hawwe. Dêrom joech Piter-om

dy jefte hea oan syn kij, en in foarkfol hea oan de fûgeltsjes, om ’er

hjar yn to forskûljen, lyk as men yn de bouhoeken fen Skotlân in skeaf

koarn jowt mei it noat ’er yn. Sa ynnerlik gong ús foarâlders de

blydskip fen Christus’ geboarte ter herten! Lykwol is it nou meast yn

in soarte fen bygeloof foroare, det ’er segen op folgje scil. Yette yn

Dútsklân wirde de tsjerken op ’e krystnacht mei hûnderten fen ljochten

oppronke, en dêr geane de âlders den hinne, sels mei hjar allerlytste

bern; net allinne om dat moaije nije ljocht to sjen, mar om, nei hjar

bitinken, dy bern yn it folgjende jier for sykten en ongemakken to

forhoedzjen. Hja hawwe dêr ek krystbeammen mei ljochten yn de keamers

en dêr forheuge hja hjar by: hwent ljocht is it byld fen libben en fjûr

fen freugde.”

“Dat hawwe jy ús dêr ’ris gnap forklearre, master, sei Age-boer: “ik

haw it ek altyd dien út in âld gebrûk; mar do krige ik ’ris in feint,

en dy stiek ’er my de gek om oan, en do haw ik it litten; mar hie ik de

miening ’er sa goed fen witten as nou, den hie ik it om nin feint yn de

wrâld litten; mar ik tochte det it in bygeloof wier út de âlde tiid, en

dêr bin ik jin.”

“Hwer is jou krystdicht, master? sei Clare do; “wy binne alle jierren

wend om it ien ef it oare fen jo to hearren.” “Ja, sei master Tsjerk,

“mar dat is hwet hastich by eltsoarren rekke: hwent do ik hearde det de

Jonker hjir wier, tocht my det ik it hwet deftiger meitsje moast en wol

yn ’t Hollânsk. Ik dwaen it den oars for in aerdichheit yn ús âlde

Fryske tale.—“Jy tinke dochs net, sei de Jonker, “det ik ek al ûnder dy

gekken bihear, dy de tael fen hjar lân, dy hjar foarâlders hûnderten

fen jierren foar hjar spritsen hawwe, forachtsje? Né, man, ik achtsje

it in eare in Fries to wêzen, en in foarrjucht it Frysk to sprekken,

omdet wy út in eedle earlike fromme stamme útsprút binne en in tael

sprekke, dy sa âld is as ús folk, dat Keizers, Keuningen en oare

lânshearen, dy ús ûnder ’t sim bringe woene, krêftich de tosken sjen

liet, en dêrom bleau, hwet it foar twa tûzen jier al wier. Mar lêz jy

mar op master.”

Master brimt ’ris en bigjint:

Rimen en Teltsjes · 第 221 / 279 题