Das leben ist im grunde so fatal ernsthaft, dass es ohne diese
verbindung des pathetischen mit dem comischen nicht zu ertragen wäre.
Heine.
Yn it bigjin fen sechstjinhûndert wier to Frentsjer in jong hear oan de
studie; it wier de Jonker H. Net in heel wyld studint wier it, mar in
feardich, fluch, krigel hear. De âlde Grytman H. fen ien fen de
Dongeradielen, dat syn heit wier, woe him yn de rjuchten opliede, mar
dat getiis yn dy âlde wetten stoe him net oan, en hy joech him oan de
âlde Romeinske en Grykske skriuwers en dichters oer, sadet syn heit wol
ris sei: “Jonge! ik leau det Plutarchus dyn bibel en Horatius dyn
testamint is; en dat moasten eigentlik de instituten en de pandecten
wêze. Jonge! dou moaste dy op de rjuchten lizze; mar de rjuchten laeine
op de Jonker, en hy die der net oan. Dêrom roun it iene jier yn it
oare, sadet er al fjouwerentweintich jier âld waerd, foar det ’er om in
promotie tocht waerd; en howol det de Jonker in skrander brein yn de
holle hie, wier de twang fen it stêdlibben jimmer in skrik for him
west, en hie it de âlde hear folle wirk koste om him oan de studie to
krijen. De Jonker hie in neef oan de studie, dy to Langwaer wenne; dy
Jonker wier fen in oar aerd; dy siet it adelik bloed jimmerwei yn ’t
boarst; lykwol wierne it greate spitsen. Do de krystfakantie bigoun,
teach de Jonker H. mei nei Langwaer ta, en den scoe de feint him foar
krysttiid mei in hynzer werom helje nei Dongeradiel op it Slot, omdet
de âlde Grytman ljeafst yn de krystdagen syn bern en goede frjeonen by
him hie op it Slot.
Mar kwalik wierne de studinten to Langwaer, do bigoun it to friezen,
det it knipte. Dêr wier it in fleurich libben: wyn en lekker iten gjin
gebrek; der wier ek in freule Juliane..... út-fen-hûs, dy ’er goed
útseach en tige ryk wier, dy moai song en moai dounse. Dêr setten hja
de Jonker altyd neist, en hy wier hoflik en tsjinstich genôch jin de
jiffer; mar hja bihanle de tsjinstboaden to hounsk nei syn sin, en as
er in boer yn de keamer kaem, den wipke se hjar noaske sa heech, en as
de man mei de hoed oan de flier ta bûgde en niigde, den seach hja hwet
skean oer ’t skouder en sei gjin wird. Mar do in dei foar krysttiid de
feint fen de Jonker H. op redens út Dongeradiel kaem, om him ôf to
heljen, bidoar se it alheel en al mei him: hwent do de feint,
Christiaan, yn de keamer kaem en him sljucht wei Jonker Hobbe neamde,
do sei se: “dat vind ik impertinent om zijn heer en meester bij de naam
te noemen.” “En dêr is by my gjin kwea yn; dy namme is in âlde Fryske
namme, sa bin ik doopt, en dêr bin ik greatsk op, omdet myn foarâlders
him ek dragen hawwe,” sei de Jonker do sa hwet op in snauske wize; de
jiffer sloech de eagen del en wier forslein.
De Jonker wier bliid det de feint komd wier, omdet it mei syn Omke en
him dochs ek net beare woe. Dy sinnen rounen al to fier út eltsoarren,
binammen do dy hear him de portretten fen syn foarâlders mei folle
earnst bisjen liet, en him forhelle, det er dy for gjin fjouwer
boerepleatsen misse woe. Do bigoun de Jonker to laeitsjen en sei: “en
ik joech gjin hûndert goune for dy hele boel: hwent de kinst ’er fen is
neat wirdich; dêr kin ik fen prate; ik skilderje ek, mar as efter op dy
skilderijen in koarte libbensbiskriuwing fen al dy ljue stoe, en it
wierne allegearre greate helden west, dy it lân út de need holpen, ef
deugdsomme reginten ef oare brave ljue, den scoe ik ’er de hoed for
lichte; mar boerestrûpers en hazzejaggers dwaen ik it net for, al is
hjar adel sa âld as Rome.”—“Dou sprekste in nuvere tael, sei de Omke
do; “dou biste de namme fen Jonker net wirdich, astou der nin mear
priis op stelste.”—Dêr stel ik greater priis op, Oom, as jy miene, leau
ik,” wier it antwird; “mar dêr sit in hege forplichting oan, dy folle
Jonkers net rekkenje, en dat is dizze: det wy ús as in edelman gedrage
moatte, wolle wy ontsach hawwe; wy moatte troch wysheit, biskaving, en
as it to pas komt mei de wapens útwize, det wy boppe in oar steane, en
oars binne wy ek al net mear as in oar minske.”—“Wel, dat kin in boer
ek,” sei de Omke.—“Den is hy ek in edelman, sei de Jonker[67]; en der
scil yet in tiid komme, det it jild en it forstân de wrâld regearje
scille en de adel weisinkt.”—“Nou siz ik neat mear,” sei de Omke, en hy
hie wirk om syn lilkens to forbiten, en mompele ienige flokwirden, dy
ôfbritsen waerden troch syn soan, de oare studint, dy de treppen op
roun en lûd bigoun to sjongen de âlde studintesang:
Mihi est propositum in taberna, mori, etc.
Hy sloech him op it skouder en sei: “nou is dyn feint klear, Neef; ik
woe graech detste bleauste, mar dyn âlde wachtet dy joun thús en it is
in greate reed. Mar foar detste foart tsjochste, moat ik dy efkes to
wirden; kom! gean hjir yn dit keammerke. Ho tinkste oer ús nicht
Juliane? dy wirdt dy talein, Neef; ik leau det dyn âlde hear dy oars
net yn de winter reisgje litten hie, hwent hy sit ek hwet allinne dêr
op dat Slot; ik wit ek det ’er forskate brieven oer en wer skreaun
binne, en dat kin nearne oars oer wêze as dêr oer; ho tinkste’ der oer,
Neef? siz dyn sin rjucht út.”
“Ja, Neef, wier it antwird, “ik haw dat spil allegearre goed
trochnoaze; de âlde hat my net rjuchtwei alles sein, mar hy hat it
minske prize op in danigen wize; hy hat hjar jild net neamd, mar hjar
deugden en hjar seden en ho edel det se opfied wier, en mear yette wist
ik troch Christiaan; hwent dy ontgiet nin mûs op it Slot, al komt er ek
troch it goatsgat. Mar as men in rôt op in side spek bynt, den wol it
beest der net yn bite; sa giet it ek mei my, Neef. Sjuch, ik bin lyk as
dou in edelman; wy studearje beide yn de rjuchten, dou wiste it is myn
sin net; lykwol dêr ik for útgien bin, scil ik for thús komme, en ik
scil dalik as ik wer to Frentsjer kom promoveare. As ik den myn âlders
sin dwaen, den kin ik earst jier en dei yn de stêd omstappe yn moaije
klean, om einlinge yn in ampt to kommen, en den krij ik jild, mar den
sit ik ek yn in twangstoel, en dat past my net, Neef. Hoarris, myn âlde
oarreheit, hat my in pleats tamakke, dêr bin ik skepper en skriuwer
oer; dêr kin ik mei dwaen hwet ik wol. As ik gelegenheit haw, wol ik
dêr noch ris hinne: hwent ik haw der sont myn bernejierren net wêst, en
stiet it my dêr den oan, den wird ik dêr boer op. En as ik den in wiif
siikje, den wol ik ien siikje, dêr ik in boerinne fen meitsje kin: sa
tink ik ’er oer, Neef!”—“Ja, hwer fynste sa’n wiif, en hwet scil Oom
sizze? dy springt út syn fel; en dou biste sa’n man fen âlde letteren
en geskiedenis; dat liket nuver, Neef!”—“Hwer ik sa’n wiif fine scil,
dat wit ik net; ik bin der net hastich mei; en hwet myn âlders sizze,
dêr steur ik my yn dit gefal net oan; ik moat myn libben lang omgean
mei it wiif dat ik nim; taest ik den forkeard, den haw ik nin minske de
skild to jaen as my sels; en folge ik de rie fen âlders ef frjeonen,
den scoe ik dy altomets yette yn hjar grêf forflokke moatte. En hwetst’
my seiste fen sucht for de letterkinde en myn skilderjen: as ik dat net
hie en bihâlde koe, den woe ik net op it lân wenje, mar ik gong yn in
stêd, dêr de measte drokte wier, om it liddige fen myn geest oan to
follen. Forarbeidzje scil ik my ek net, dat docht gjin need. Mar ik wol
sa folle dwaen, det ik myn iten fortarre en swiet sliepe kin.” De neef
lake om dat plan en tochte, dou mienst’ it dochs net. “Nou, Neef, sei
de Jonker, “hastou sin oan Freule Juliane, ik stean hjar oan dy ôf; my
past hja net; ik scil it dy ôf- noch oanriede, mar sjen út dyn eigen
eagen. Mar wy moatte ôfbrekke; as wy to Frentsjer komme, kinne wy der
wer oer prate.—“ “Mar wy skiede net as Heidens en Turken, Neef: hawar,
dêr is yet in folle bokael; kom, klink oan: vivat Academia,
Neef!”—“Vivant Professores!” wier it antwird en do fûsken se yet ris
hertlik.
Nei dit hertlik ôfskied fen syn Neef, dat hwet koelder wier tsjin de
âlde hear, en neidet er de oare Jiffers de hân drukt hie, makke hy in
djippe earbiedige bûging tsjin de Jiffer Juliane en boun him de redens
ûnder. Christiaan, de feint, wier de wynbrekker, dat wol nedich wier,
hwent it waeide út it easten, det it rikke en gûlde, en it frear, det
it knipte. Do se ris stil stiene om út to pûsten yn de lijte fen in
wettermounle, do sei Christiaan: “dat scil nou wille hjitte, Jonker,
mar ik neam it onnocht.”—“Ja, sei de Jonker, “mar de nocht komt tonei;
noait sit it nofliker as nei sa’n reis by in moai fjûr; hiene wy mar in
brânnend krystblok foar de noas.”—“Dat scille wy wol fine,” wier it
antwird fen Christiaan, en dêr gong it wer hinne. Einlinge kamen se by
it droege gat fen ’e Snitser mar, dêr stie in tinte en dêr stiene twa
fammen, de iene boun de iene reed wer oan, en de oare stie oerein; mar
do dy iene oerein kaem, do kaem der in gestalte foar syn eagen sa as de
Jonker noait sjoen hie; hy wier der forbluft fen. “Ongemak hawn mei de
redens?”—Ja, Mynhear, it haklear wier boarst en nou hat dy âld man my
holpen mei in ein tou; mar wy ride nei Terherne.” Neidet se in wipperke
yn de tinte opnomd hiene, rieden se mei hjar fjouweren nei de Brette
Poask; sa waerd dat herberchje yn de wanling neamd; dêr hong oars in
boerd út, dêr stie op: “As ik het wel heb onthouden, is dit de hoek van
Zevenwouden.” Hjir leine de fammen hjar redens del en seine: “Wy komme
dalik werom, Bokke,” dat wier de hospes. “Bêst, ljeave diveltsjes!”
wier it antwird, fen de kastelein. “Neame jy sokke moaije fammen sa,
man? frege de Jonker oan de hospes. “Ja, Mynhear, wier it antwird, “dy
forliede de wiiste manljue; sokke eagen en sa ’n wêzen dêr is nin
mannehert tsjin opwoechsen; ik bin in oarlochsbonke; ik haw saun jier
op it oarlochskip west; de koegels hawwe my om de kop flein; it brein
fen myn bêste maet siet my op ’e klean, do it karwei birêdden wier; ik
wier bang for divel noch dead; mar ik kaem thús, en sa ’n lyts wyfke
seach my goed oan, en do wier ik in gefangen man; sa kin it jo yet ek
gean, Mynhear!”
[Yllustraasje: “IT DROEGE GAT” YN ’E SNITSER MAR.]
De jonker glimlake en tocht net, det Bokke do yette sa ’n wiersizzer
wier. De frjeonen easkene waerm bier en dêr diene se hwet brandewyn en
sjerp by, en forkwikten hjar by in moai fjûr, en de kastelein brocht
yet al mear oan fen dat swarte hout. “Hwet hout ha jy dêr?” sei de
Jonker. “Dat is kienhout, sei de kastelein, “dat helje wy ûnder út de
Gongrypster poel; dat is der alear woechsen; do moat it wetter gâns
leger west hawwe as nou, hwent it sit seis, saun foet ûnder it wetter;
dêr skynt it woechsen to wêzen, do dat dêr alear bosk wier; dêrom neame
se dizze hoeke ek de Legewâlden, dêr dit de úthoeke fen is, lyk as op
myn boerd to lêzen stiet.”—“Mar hwerom neame se jou hûs de Brette
Poask?” sei de Jonker. “St! sei de kastelein, “dat is in skeldnamme for
Terhernsters; ik woe net graech det myn wiif it ienris hearde, hwent
den komme hjar dalik de stikels oerein.”—Do kaem der in earm âld wiif
to biddeljen, dy joech er in tsjok stik brea mei in pear droege
hearringen. “Hawar, sei de man; “dêr haste in stik brea mei Ropsylster
spek (omdet dy folle by Roptasyl út sé oankomme); as in boer dy nou in
hânfetfol sûpe jowt, den hast’ in mieltiid.”—“Och”, sei de Jonker,
“hwet sjocht dat minske der aeklich út; hawar, jaen hjar in pear
dûbeltjes, Christiaan.”—“Ja, Jonker,” sei de kastelein, “dy is fen de
finne op de yester komd; dy haw ik foar jierren kend, dat hja yn ’t
side en brat roun, en nou is se in stokdweil, lyk as jy sjenne, dy men
wol yn ’e kersebeam sette koe mei in dea kat om de hals for in sjamme.
Dy hat lange jierren by in âld ryk fiskael wenne to Snits as
byslieperske ef matras, ho neame se sokke klitsen hast ek; dy âlde hear
waerd sa swier en onbihelprich, det se him de foetten waskje,
teanplúzje en neilknippe moast; koartom, hja heinde en fierde de man as
in kreamwiif en tearde mei him om as in lyts bern; en do de man de
toffels útteach, do makke er hjar yet al gâns in knoarre jild, mar do
troude hja noch wer in jongkeardel en dy koft in heal trekskip for hjar
jild; dat libbe der plezierich hinne, mar do de boel op wier, gong de
skipper nei Eastynje en liet hjar sitte, en nou rint se to skoaijen.
Hie se oppast, den hie se in kaptael hawn as in boargemaster, dat siz
ik jo, Jonker.”
De Jonker sei: “mar dy frouljue, kastelein, dy hjir niis de redens
dellein hawwe, hwer binne dy fen dinne, Bokke?” “Dy binne fen de Wieren
hjir oer de mar wei: dat binne boere huzen, dy hearre leau ik ûnder
Tersoal: dy lizze dêr oan sa’n poeltsje, dat hjit de Brekken, Jonker.
“Dat iene is de faem fen de boer en de oare is in foardochter fen de
boer, dy hat hjar mem yn de kream forlern, en nou wennet hjar twade
mem, dy hjar to boarst hawn hat en opfokke oan hjar fjirde jier ta,
hjir to Terherne; dy hjit se yette altyd mem, en hja binne mâl om
eltsoarren: dêr is hja wis.”—“Dat is in moai jongfaem,” sei de Jonker.
“Clare! rôp de kastelein, “sa’n moai, edel en ljeaf jongfaem, is der yn
de hele legea-en en yn de hele lege wâlden net, en dêr is oars soarte,
Jonker, dat siz ik jo. Hja hat mar ien gebrek, as it dat is.”—“En dat
is?” frege de Jonker.—“En dat is, wier it antwird, “det se gjin
earmoede sjen kin. It is forline jier bard, det ’er in earm
skoaijerswiif mei in lyts bern op ’e rêch op bleate foetten by hjar
foar de doar kaem, en om do it minske gau to helpen, sa teach se hjar
eigen hoazzen út en joech se oan it wyfke. En hja hat ek mear leard as
rjucht hinne. Der wennet in wiis skoalmaster to Tersoal, dy hie nocht
oan hjar en dy hat hjar alles leard hwet er wiste.
Dêr kaem it wiif fen de kastelein op ta, dy sei: “Jy moatte him net
telle, Mynhear; hy is in frouljuesgek: as er mar in doek sjucht, den is
er al oerstjûr, al sjucht er it frouminske yet net ienris.”—“Né, ik bin
der net gek om, hwent dy gek om in frouminske wirdt, dy hoeft net efter
de tralies set to wirden, mar dy moat mar oan in kwea wiif fêstboun
wirde en den is er gau wer wiis; mar ik bin, lyk as alle manljue, krekt
as in eintsje klapkoarde, dat him om in finger wine lit troch in wiif,
ef dêr hja in swipesnoer fen meitsje, al nei det it bihânle wirdt. Mar
Clare, dêr wol ik gjin kwea fen hearre, wiif! mar jimme kinne noait
lije, det men in oar frouminske moai hjit ef ljeaf. Mar dêr komme hja
al oan.”
Do de fammen oer de flier kamen, stoe de Jonker op en niigde en seach
Clare frjeonlik oan; en hja sloech hjar moaije blauwe eagen del.
“Fammen, sei er, “jimme binne fen de Wieren, wennet dêr dy âlde Piter
Doeckes net?”—
“Ja dat is ús neiste bûrman, Mynhear! hawwe jy dêr kinde oan, Mynhear?—
“Ja, sa hwet, myn faem; mar gean sitten, fammen; ik scil jimme in swiet
sûpke jaen; jy hawwe wol hwet, kastelein, net?”—“Dat scoe ik tinke,
Jonker. Ik haw gûd, dêr de soldaten fen bidde en preekje, dêr de
domenijs troch ten oarloch farre en de skroarren fen op ’e kop steane;
en dy nin sin hawwe oan frouljue ef dy ’er to hjit op binne, ik kin se
allegearre helpe. Dy to folle bier ef drank hawn hawwe, dy stjûr ik nei
de pomp ta, en dy jow ik tonei de rie om de drank ljeaver yn de skoen
to jietten; mar ik scil de fammen hwet Rosolis jaen.”
De Jonker siet hwet stil en do sei er tsjin syn feint: “Hoarris,
Christiaan, dou nimste hwet iten by dizze man, en den rydstou allinne
nei hûs ta; de reis wirdt my to biswierlik; ik ryd mei dizze fammen nei
de Wieren ta; dêr wol ik krysttiid hâlde by Piter-om en Joukje-moi, dêr
bin ik thús.” Clare krige in kleur en hearde nuver op, det de Jonker
dêr thús wier. De Jonker scoe in skelling for it gelach bitelje; mar by
fortaest smiet hy in gouden rider op ’e tafel. “Hou, sei de feint, “sa
kin it net, Jonker: dy gave is to great.”—“Dat is ek sa”, sei de
Jonker; “mar it is in gelok for dy, detste net to Dokkum
biste.”—“Hwerom?” sei de kastelein. “Dat kin hy jo straks wol forhelje,
as wy foart binne”, wier it antwird. De Jonker en de fammen stieken oer
de marshoarne en pûstten ’ris út by de Tersoalstersyl, en do sei Clare:
“jy ride in goede gons, Jonker; dat is men fen sokke ljue oars sa net
wend.”—“Ei faem, sei de Jonker, “ik bin ek al op in doarp greatbrocht.
Jy swaeije ek sa net as in hopen fen dy knapskrinkels; jy steane ek
feardich genôch op de redens, faem.”
“Ja, sei se, “wy lege-aensters leare it riden al jong, mar ik wol myn
bêst net dwaen, dat is minskeslopen;” en sa pratende wei kamen se op ’e
Wieren, en do sei de Jonker: “ik kom by jimme to jounpraten,
faem.”—“Bêst, sei Clare, “dwaen dat mar, Jonker; jy scille by dy âlde
ljue gau jins nocht hawwe; ús heit wol graech in prater hawwe, en by ús
is folle oanrin mei de krystdagen. Dêr wenje de âlde ljue, Jonker,” en
do wiisde hja him it hûs.
De âlde boer siet yn de hirdsherne de beantsjes út to pûljen, dy ’t er
de simmers boud hie, en it âld wiif siet to slûgjen by de spinwiele. Do
de Jonker him bikend makke, wier de âlde boer wakker forhûge; hy makke
syn âld wiif wekker; dy wier hwet staf en hirdhearrich. “Sliepste?” rôp
er. “Né, sei se, “mar dy âld spinwiele dy kriget raenjen, dy bigjint
stil to stean.” “Toe, de lânhearre is hjir.”—“De âlde is ommers dea.”
“Nou ja, mar de Jongehear is it ommers nou, it bernsbern.”—“Hwa?
Hobbe?”—“Ja, dêr sit er.”—“Ja waerliken, biste dêr, jonge, hwet bin ik
bliid.” Hja naem syn rjochterhân mei beide hânnen beet en patte der op
om; hja sette de bril op. “Ik moat him ek ’ris yn ’e troanje sjen; ja
waerliken, sei se, “hy liket op ús âlde lânhearre, dy hjir den kaem to
fiskjen; ja, dêr haw jy hjir noch mei west. Ja, do wier ’t noch mar in
jonkje, sa ’n poarre fen in jier ef tsjien; nou ik bin bliid detste
hjir biste, jonge.”—“Dou drukkeste de Jonker lyk eft it dyn eigen soan
is.”—“Nou, dat is er hjoed ek”, sei it âlde wyfke; “hy scil it net
minder hawwe as myn bern,” en hja roun de spinnewiele om, en helle gau
in kjessen, dat se him op ’e stoel smiet, en do krige er bêste
pankoeken mei krinten der yn.” “Hie ’k nou mar hwet to drinken,” sei de
boer; “ik hie in fetsje klúnbier op ’e krysttiid krige en dat is
bifêrzen yn de skûrre. Ik haw yette hwet wyn yn in kiste; dy is wol
fiifentweintich jier âld; dy scil wol bidoarn wêze; dy hat jou
oarreheit hjir yet bisoargje litten; dy scoene se by it fiskjen
opdrinke, mar dêr is noait fen komd; hy hat my de kaei jown. Dêr sit ek
in brief yn, dy scil ik jo jaen, hwent ik moast him oan gjin minske
oars jaen as oan jo; en as ik brân yn myn hûs krige, moast ik ’er de
kiste earst útslepe. Dêr sit wis hwet yn, dat gâns wirdich wier; en
dêrom stiet er dêr yette op it selde plak ûnder dat âld bedsteed.”
De Jonker wier nijsgjirrich hwet der yn siet; hy tochte det hy him in
pots spile hie, dêr de âld man fol fen siet, lyk as by folle âlde
Friezen.
Do hja dy kiste iepen makkene, stie der in fak yn, dêr in dozyn flessen
fine wyn op stiene, mar yn in hoeke laei in greate jildpong, en dêr
founen se yn learen pûdtsjes tûzen gouden dukaten mei in frjeonlik
briefke yn it latyn oan syn bernsbern, hwerom hy him dit skonk for de
moaije pots, dy er him by ’t fiskjen spile. De Jonker bigoun to
laeitsjen, mar de âld boer waerd sa kel, det de man kwalik op syn
skonken stean koe: hwent de wrâld wier by him ek Gods wirk, mar it jild
wier de God, dy him rejearre. “’t Is in gelok, sei de man, “det ik dat
net witten haw, oars hie ik nachts gjin each ticht lûke kind.”—“Hiene
jy den de kweade yn hûs, Piter-om?”—“Né, wier it antwird, “mar syn
dommekracht, Mynhear; hwent dêr kin men bergen mei forsette en
keuninkriken omkeare; is ’t net wier, Jonker? Mar wy binne sa folle
jild yn hûs net wend.”—“’t Wier ek nuver for de âld man, om dêr sa
folle jild yn to triuwen.”—“Ja mar, Jonker, wy libben as âlders en bern
mei elkoarren; it hat der ek mar fiif jier yn stien; do hat de âlde
hear ôfskied fen my nomd, en do sei er yette: ik wird minder en ik kom
jo licht net wer to sjen, en as wy oan de oare kant elkoarren wer
mette, den kin it bislaen, det ik boer wird en jy lânhearre,
Piter-om.”—“Dêr hawwe jy it net nei makke, lânhearre, sei ik do, en do
koene wy beide ek net mear sizze; en do hat er ús forlitten en is in
jier twa tonei stoarn. Mar scoe dy wyn yette goed wêze, Jonker? hwent
dy is wol fiifentweintich jier âld.” Do sei de Jonker: “witte jy net
Piter-om, det jonge frouljue better binne as âlde? “Ja, sei Piter-om,
dat wit ik by ûnderfining.” “Witte jy net det âlde wyn better is as
jonge?” “Né,” sei de boer.—“Nou, sei de Jonker, “set der mar ris tsjien
flessen út, dêr scille wy krysttiid mei hâlde, âlde hear.”—“Den mei
Sint Steffen der wol by hâlden wirde, sei de boer, “oars krije jy se
net op.”—“Wy scille ’ris sjen”, sei de Jonker. Hy lûkte de koark fen
ien ôf en it smakke hearlik; de âld boer naem ’er ek in romerfol fen en
it smakke him sa ridlikjes, sei de man, mar hy koe him yet net bigripe
ho dat gûd sa lang dûrje koe, en hy hie ljeaver in kopfol swiet sûpen,
dy de âld man by it hirdtsje stean hie, lyk as yn dy tiid it gebrûk
wier. De Jonker dronk syn flesse neiby leech en do bifongen him de lea
en hy foel yn de sliep yn de hirdshoeke by in moai fjûr. It âld wiif
lei foarsichtich in pear grinzergrouwen skerteldoeken en yet in moai
sitsen skoudermanteltsje oer him hinne, en hy slepte as in roas.—Wylst
de Jonker dêr sit to sliepen, scil ik ’ris forhelje ho it syn feint
Christiaan, dy wy by de kastelein to Terherne sitte litten hawwe,
ôfgong.
“De Jonker sei niis, dou moaste my ’ris forhelje fen Dokkum”, sei de
kastelein. “Hwette?” sei Christiaan. “Wel, do ’t er dy rider dêr by
forgis op ’e tafel smiet, do seistou: dy gave is to great.”—“Ja, sei
Christiaan, “dat sei de boargemaster fen Dockum. Ei ju, dy scoe mei syn
folk út to seinefiskjen; hy ried mei de wein nei de Geast, en it folk
mei de seine wier der al, en den scoene hja sa nei de stêd ta fiskje.
Do diene hja de earste set op dat lytse Klaerkampster marke, tichte by
dat âlde kleaster Klaerkamp, en as dy set goed wier, den scoe dy earste
set for de earmen fen Rinsumageast wêze; nou dat lûkte al en tôge sa
swier, det ’er wol tsjien man oanhingen om it to wâl to krijen. Dêr
scil raer hwet útkomme, sei de boargemaster do. Ik haw wol sein, det dy
set for de earmen fen de Geast wêze scoe, mar dy gave is to great; dy
moat heal-ôf tocht my. Mar do dy tsjoel oan de wâl kaem, do siet ’er
net yn as in mennich reade wâldfoarntsjes en manekarpers en ek in deade
fôle; dy hie dy swierens oanbrocht. Dy fôle wier in dei mennich to
foaren troch it onwaer deaslein, en de boer dy er tabihearde, hie him
in bâlstien yn de bealch binaeid en him sa sinke litten, omdet er to
loai wier om in dobbe to graven. Dy selde boer stie der ek by en dy
lake ’er ek it measte om; mar de boargemaster fen Dockum net. Dêrom, as
men nou to Dockum seit: “dy gave is to great,” den stiet it net bêst:
dêrom sei de Jonker dat.”—“Mar, sei de kastelein, “ho komste oan dy
poepenamme; dou bist’ oars in Fries, wis net?” “Ja, mar myn heit wier
in poep; ús âlde hear, dy foar fiif jier stoarn is, hie ritmaster west,
en dêr wier myn heit oppasser by; dy wier út Hessenlân, en dy is altyd
syn feint bleaun. Do de âlde hear minder waerd, hat er wol fyftich
nachten en dagen op him past, en do dy stoar, wier myn âlde ek mei in
fearnsjier wei: hy mocht iten noch drinken mear; en nou bin ik syn
opfolger wirden by dizze Jonker syn heit. Mar dy is fen hwet heger
steat. Nou, hy is ek Grytman; mar ik haw it goed, as ik mar oppas. Mar
dizze Jonker dat is in minskefrjeon, en dat is in gelok: hwent hy hat
hynstekrachten.”—“Dat liket my sa ta, sei de kastelein, “det it in
gewanten knevel is.”—“Ja, sei Christiaan, “hy hat izeren fûsten, gjin
twa man krije him út syn steed; mar hy makket ’er seldsom gebrûk fen.
Doch do de Jonker it twade jier studint to Frentsjer wier, do hat er op
in nacht alle rottelwachten ien for ien bûten de Dongjumer poarte band,
do wier er baes fen de stêd. Dat naem de âlde him al hwet kwalik, hwent
de Boargemaster hie him in brief der oer skreaun. Mar wy moatte ite, it
wirdt myn tiid,” sei Christiaan.
Ierdappels wierne do yet mar just bikend en grouwe earte wier de kost;
en dêr wierne fiifentweintich tredde lidden fen goezzewjukken yn
bisean, en dat wier dreech iten op it iis. Lykwol, Christiaan biet der
net hird yn; hy wier yn de koken fen de Grytman bidoarn; de tsjokke
sûpenbrij, dy der op folge, makke it wer goed. “Mar ho komme jy oan al
dy goezzewjukken?” frege de feint.—“Wel, ik bin goezzeslachter, man! dy
keapje ik op fen de boeren, dy ploitsje ik en sa bring ik se nei Snits.
En dy tredde lidden dy sied ik; dat is sa hwet myn winterflêsk. Aste in
Jonker west hieste, den hieste wol hwet oars krige; en aste werom
komste, kinste bitelje; en komste net werom, den skink ik it
dy.”—“Goed, mei twa dagen helje ik de Jonker werom.”—“Aste him den mei
krije kinste, sei de hospes. O dy Claerke! dy sjocht sa mûzich út hjar
eagen, dy kriget him by ’t hert, dat siz ik dy.”—“Ja, mar
frouljuesflêsk sit ’er net oan.”—“Den biklei ik de man; hwent den is er
net soun,” wier it antwird.—“Nou, wy scille sjen, dou rydste mar by
Grou om, en hâld den op de Wartenster toer oan, en sa oan Aldtsjerk ta,
dêr scil dy neat yn de wei wêze. En nou, goereis, Christiaan! De wyn
skampt al hwet nei ’t suden ta; de Wetering kin al sile, aste in skip
wierste.”
It wier al tsjuster, ear det Christiaan op it Slot kaem, en it earste
freegjen wier al gau, hwer eft de Jonker wier. En do forhelle de feint,
det er nei de Wieren riden wier en det hy him nei de hjeldagen wêrom
helje moast. De âlde hear wier der mar just mei tofreden, omdet hy op
’e twade krystdei meastal in great gastmiel hâldde en dêr paste in
studint wol by. “Nei de Wieren?” sei de Grytman. “Ja, twa dagen nei
nijjier is de Jonker fiifentweintich jier; den is dat syn pleats; dat
hat de âlde hear sa makke; dêr scil hy dochs wol gjin bûtenpleats
stichte wolle, Christiaan?”—“Ik wit it net, mynhear, mar ik scoe it
hast net tinke,” en hy praette ek net oer Clare, hwent hy koe ek net
witte hwet der op folgje scoe. Wy scille nou de Grytman mar yn de
krystdagen mei syn folk gastrearje litte op it Slot, en geane wer nei
de Jonker op de Wieren.
Do de Jonker wekker waerd, sei de âld boer: “Jy hawwe lake yn de sliep,
lânhearre!”—“Ik wol it wol leauwe, Piter-om, sei de Jonker; “ik droamde
earst oer dat fiskjen mei ús âlde Pa, dêr er my dy dukaten for tamakke
hat; en do droamde ik det ik in moai jongfaem op ’e skirte hie.”—“Ik
tocht al, sei de âld boer, “det jy in noflik sin hiene. Mar ho wier dat
fiskjen mei ús âlde lânhearre en jo Jonker?”—“Wel, jy witte wy hawwe in
grêft om it Slot, en dêr op ’e hoeke dêr stiet sa’n ôfdekje, dêr wier
in bank, en dêr sieten de âlde hear en ik folle to angelfiskjen; dêr
sieten wy wer en do stjûrde hy my nei it simmerhûs om in flesse wyn mei
in romer, en do ik dêr mei werom kaem, do sei er: dyn koark is
ûndergien; dêr sit wis hwet oan; en ik helje hastich op en dêr siet in
âld pikelhearring oan, dy de âlde hear der oanmoffele hie. Sie soa, sei
er, jonge, dy kinste foart mar ite. Ik wier biskamme, mar ik tochte,
dêr scil ik him wer for hawwe; en jawol, nei in jier twa, do dy set al
lang forgetten wier, sieten wy wer to fiskjen, en it woe net fange; do
joech ik my op ’e bank to sliepen, sa bearde ik alteast, en de âlde
hear gong yn de tún to kuijerjen. En do de man werom kaem, wier syn
koark ek ûndergien, en ik slepte mar wei; mar do hy syn angel ophelle,
do siet der in âlde prûk oan, dy ik stil oan de hoek slein hie. Do
waerd ik wekker, en sei: dat is nou for dy pikelhearring, Grootpa. De
âlde hear lake det er skodde; ja jonge, sei er, dat haste gnap makke,
mar ik scil der dy wer ris for hawwe, wachtsje mar hwet. En nou hat er
my gedachtich wêst; dat hat my yn de holle sitten.”
Do it meltsjen dien wier en it gûd ôffoerre, bigounen de frouljue wer
to spinnen, mei trije spinwielen op in rige: de âlde frou, de greatfaem
en de lytsfaem. En do kaem der in âld wiif fen Poppinwier oan, dy waerd
der mei in slide hinne skoud, mei in greate pompieren stjerre op in
stôk, dy se mei in toutsje hinne en wer lûkten; en dêr hie se in
âlderwetsk sankje by. “Nou, sei de âlde boerinne, “dat is in
jierstoune; dat heart sa by krysttiid”; dy joech hjar in goede gave en
do sei dat âld minske: “Hea, hwet spinne jimme, bern! hawwe jimme dêr
sa’n nocht oan?—“Wy woene ljeaver frij, seine dy fammen, “mar dêr wirde
wy op woun, en hwet scoene wy oars ek al dwaen yn dy lange
winterjounen, Afke-moi?”—“Koene jimme ’er sa goed mar ôfkomme as moaije
Houkje fen Bozum.”—“Ho kaem dy fen ’t spinnen ôf? fortel ús dat ’ris,
Afke-moi? jy hawwe yette altiid sokke âlde teltsjes.”
[Yllustraasje: IN JIERSTOUNE BY KRYSTTIID OP ’E WIEREN BY PITER-OM.]
“Nou ja, Houk fen Bozum wier sa’n moai jong faem, mar dy hie nin nocht
oan spinnen, en hjar mem mochte prate hwet hja woe, hja wier net oan de
spinwiele to hâlden. Einlinge wier de mjitte fol; de mem waerd kwea, sa
kwea, det dy sloech ’er op, en do hja in wân mennich om hawn hie, do
bigoun dy moaije faem sa earmhertich to skriemen en to jammerjen, det
men it foar op ’e strjitte hearre koe. Nou kaem der in foarname frou
foarby kuijerjen en, dy op ’e Stins to Bozum wenne; dy gong dêr yn hûs
op, en frege de mem, hwerom hja hjar dochter sa slein hie. Do skamme
dat minske hjar, det hja de loaijens fen hjar dochter yn it iepenbier
bringe scoe, en sei tsjin hjar sin oan: Frou, ik kin dat famke net fen
dat spinnen ôfhâlde; sy wol ivich en erfelik mar spinne, mar spinne, en
ik bin earm en ik kin hjar altyd gjin flaeks riede om to spinnen.” Do
sei dy frou: “ik hear neat ljeaver as spinnen, en it is my noait
nofliker as dat de rêdden snûrje, det men mar heal lûd hearre kin; jaen
my jou dochter mei nei de Stins; ik haw flaeks genôch; den kin hja hjar
hert ophelje mei spinnen, sa folle as hjar lêst.” Dêr wier de mem wol
mei yn ’t skik en de faem gong mei nei de Stins. Do hja op ’e Stins
kamen, brocht de frou hjar yn in keamer, dy fen ûnderen ta boppe fol
fen it moaiste flaeks siet. Spin my dat flaeks nou, Houk, sei de frou,
en aste dat ôfspoun haste, den scilste myn âldste soan ta in man hawwe.
Al bistou earm, dêr jaen ik net om; dyn greate iver en oanhaldên yn it
wirk is my goeder-nôch for dyn útset; dou hoefste oars neat mei to
bringen. Dy faem roun de grize oer de grouwe do hjar dat oplein waerd,
hwent hja koe al dat flaeks net ôfspinne, al hie hja hûndert jier âld
wirden, en fen de moarns ier ta de jouns let spoun. Do moaije Houkje
dêr sa allinne siet, bigoun hja to skriemen trije dagen lang, sûnder
det se in hân oan de spinwiele sloech. Op ’e tredde dei kaem de frou by
hjar yn de keamer en forwond’re hjar, det de faem noch neat dien hie;
mar Houkje joech foar, det hja sa onwennich fen hjar âlders hûs wier,
det hja net bigjinne koe to spinnen. Dêr wier de frou mei tofreden, en
sei: nou it is alles goed, hear, mar moarn moaste dochs bigjinne, Houk.
Do dy faem wer allinne wier, do wier se hjar rie skjin to’n ein en gong
se mei in bidrukt gesicht foar it finster stean. Dêr seach hja trije
frouljue by hjar kommen: de iene hie in oeribel greate platte foet, de
twade hie sa’n greate ûnderste lippe, det hy hjar oer ’t kin hinge, en
de tredde hie sa’n greate tomme, det se ’er wol in dikketon ûnder
biflappe koe. Hja seagen by it finster op, hja seagen hjar oan en
fregen de faem, hwet ’er oan skilde mei hjar. Houk klage hjar need; do
beane hja hjar help oan, en seine: astou ús op ’e brilloft noadzje
woste en ús moeike neame, en ek mei oan dyn tafel komme litte woste,
astou trouste mei de Jonker, sa wolle wy dyn flaeks ôfspinne en dat yn
koarte tiid.—O sa graech, sei de faem, kom mar yn en bigjin foart mar,
hwent der is for my dochs gjin trochkommen oan.
Do liet se dy trije nuvere frouljue yn de keamer en makke in hoale yn
’t flaeks, hwer det se yn sieten to spinnen. De iene lûkte de tried oan
en trape it rêd, de twade makke him wiet mei de lippe en de tredde
draeide him om mei de tomme, en den sloech se mei de finger op tafel,
en sa faek as hja dat die, den foel in reaf fen it moaiste jern fen de
spinwiele. Foar de frou hâldde hja hjar trije spinsters biskûle, en as
dy by hjar kaem, den sloech hja de hânnen yn elkoarren fen dy greate
heap fen dat skoane jern, en priisge hjar danich. En sa wier dat flaeks
yn koarte dagen ôfspoun. En do namen dy trije frouljue ôfskied, en
seine: “Nou Houk, forjit net hwetste ús onthjitten haste, it scil dyn
gelok wêze, dat bilove wy dy, en oars wirdt it dyn ongelok.”
Do moaije Houkje de frou dy greate keamer sjen liet mei al dat moaije
jern oan de souder ta opheape, do wier de frou bliid, en sei: “nou
scilste myn âldste soan hawwe, en wy scille brilloft hâlde.” En de soan
as brêgeman wier ek bliid, det hy sa ’n moai en flitich wiif krige en
priisge hjar heech.
“Ik haw trije moeikes, sei Houk do, en omdet dy my fen myn libben folle
goed dien hawwe, woe ik dy ek net forjitte, nou ik sa yn it gelok komd
bin. Nou woe ik dy greach mei to brilloft noadzje, en det hja mei ús
oan tafel sieten; it binne oars mar earme ljue.” En de frou en de
brêgeman wierne der mei tofreden. Do nou de brilloft oangean scoe,
kamen dy trije frjemde frouljue ek der ynstappen, nuver optakele, en de
breid sei: “wolkom hjir, bêste moeikes.”—“Och, sei de brêgeman, “ho
komstou oan sok akelik folk?” Do gong er nei de iene mei dy greate
platte foet en frege hjar: “hwer fen hawwe jy sa ’n breden foet
moeije?”—“Fen it traepjen fen de spinwiele, fen it traepjen, brêgeman.”
Do gong hy nei de oare en frege: “hwer fen hawwe jy sa ’n greate
lippe?” “Fen it slikjen oan de tried, fen ’t slikjen, brêgeman.” Do
frege de brêgeman de tredde en sei: “hwer fen hawwe jy dy greate tomme,
moeije?” “Fen it triieddraeijen, brêgeman, fen it draeijen.” Do skrikte
de jonge man en sei: “nou scil myn ljeave jonge breid noait fen hjar
libben wer in spinwiele oanroere.” En sa rekke dy fen dat lêstige
flaeksspinnen ôf.”—“Dy kaem ’er maklik ôf,” seine de fammen, en hja
lakene om it forteltsje.
Mar Douwe, de greatfeint, dy hie al mei de holle twisken de knibbels
sitten sa lang as dat forteltsje dûrre, en do it út wier, sprong er op,
en sei: “dy trije frouljue, dy spinsters, dat binne tsjoensters west,
lyk as jy binne, Afke-moi; reau det jimme binne! moatte jimme
âldjiersnacht ek wer mei elkoarren in diveldans hâlde? Den komt
koarthakke der wis by, net? Hwer scille jimme it hawwe? op it Speklân
dêr binne jimme weiband troch in wiis man. Nou, dat waerd ek tiid,
hwent dêr jimme komme, dêr wol nin gêrs mear waechse. Op de Roaspollen
moast it mar wêze, dêr is it frij, hwet tinkt jo moeije?”—“Myn ljeave
man,” sei Afke-moi, “jy meitsje my kel; ik wit krekt sa min fen
tsjoenen as fen de ûre fen myn dea.”
“Hâld dy stil mar, âlde tsjoenster! Ik scil dy mear oplêze. Forline
jier biste by de Kleasterboer to Poppinwier yn ’e hûs komd, en do
loekste it widzeklaed ôf en seiste mei dyn fliemske slangetonge: o
frou, hwet hawwe jy dêr in ljeaven blieren jonge yn de widze lizzen; hy
lake my glêd oan; hy appelt glêd en hat dobkes op ’e wangen; en dalik
wier it bern eft it forjown wier; en dat hat krekt sa lang sukkele, det
’er einlinge in goe man by komd is, dy mear wist as rjucht hinne. Dy
hat it bern bilêzen en in lyts pûdtsje mei krûden yn de widze lein, en
do is it bern wer opheldere; mar it lean kaem efternei: hwent tonei do
kaem der ’ris in great swart kat yn it hôf, en do naem de boer syn
roer, dêr skeat er dy kat in hânfol sâlt mei yn ’t gat en do roun dy
hird foart en âlle fen pine. Mar do hastou, âlde waerûl, yn gjin
fjouwer wiken op dyn âlde ears sitte kind; de matte moast út de stoel
snien wirde, oars wierste forlegen, dat wiste wol.”
“Myn ljeave man, kin yen den net hwet oars oankomme? Ik hoopje net
detstou mei dy pleage bisocht wirdste; dat gin ik myn slimste fyand
net; mar ik scil mar foartgean as ik dy yn ’e wei bin. Goenjoun jimme!”
sei it minske en gong bidrukt wei. Mar Douwe gong foar de bûthús doar
stean: “hjir net troch, sei hy; “jy moatte it gat út, dêr jy ynkomd
binne mei jou draeistjerre.”—“Goed heite”, sei it sloof.
“Dou falste dat minske hird!” sei de Jonker, mar de âldboer, en de frou
binammen, kaem it net to hird oan. “Forline jier, do hat se hjir ek
west, en do moat hjar de gave net greaternôch west hawwe, sa it like,
en do gong hja troch it bûthús wer foart, en de selde nacht hiene wy al
in kealforlizzer, en dat wier mar sa ’n stik ef fjouwer nei elkoarren.
Ik sei, dat hat dy âld tsjoenster dien, en ik gean daedlik nei Gerben
Slingermouwe ta, dat is in man fen it wird, dy hwet mear kin as in oar;
dy hat do in pûdtsje mei krûden ûnder de drompel fen de bûthús doar
bidobbe en in hoefizer oan de doarstile spikere, en do hawwe wy dat
keal foar it heafek bidobbe, en do wier it oer; dêrom wol ik hjar net
mear yn it bûthús hawwe.”
De Jonker glimke ’ris en sei: “kom, ik gean ’ris nei jimme hûrljue ta
to praten.”—“Goed, sei Douwe; den scil ik in krystblok helje, en it gûd
ôffoerje: it is sketjeftstiid.”
De Jonker kaem by ’t finster lâns en hearde moai sjongen, en dat wier
Clare hjar lûd. Mar omdet it to kâld wier om dêr to stean, sa gong hy
yn hûs en foun it hele húsgesin oan de hird, dêr in great krystblok al
laei to barnen. Clare berge hjar sang yn ’t skoalboerd en de jonges
skikten om: de Jonker kaem yn de iene hoeke en de boer yn de oare
hoeke. “De tiid scil jo dêr wol gau lang falle, Jonker, net?” “Och ja,
mar wy prate dêr mar sa hwet oer âlde dingen”, en do forhelle de Jonker
it gefal fen it wyfke mei de stjerre, en ho det de greatfeint dat âlde
sloof útreage hie. “Ja, sei Auke-boer, “it is oars in bêst feint for de
âlde ljue, mar tsjoenderij en foartsjirmerije dêr sit er fol fen. Hy
hat ek al ’ris gek west, mynhear; do hie er al to folle yn de Bibel
omlêzen en dêr rekke de man yn fortiisd; do waerd hy bisteld hjir
tichte by Poppinwier, yn de Marshoarne, by in omke en moeike fen him.
Dat wierne âlde ljue; hy woe neat dwaen, as inkel ’ris by ien fen de
boeren meltsje, dat koe er noch dwaen. Yn de tsjerke kaem hy earst yet
ek al, mar as Domenij stoe to preekjen, den siet Douwe to skodholjen.
Dêr misdie hy oars ek sa folle net oan, hwent dy Domenij koe it soms ek
sa nuver útstelle, det it iggen noch seamen roaide. Ienris op in
sneinneimiddei stie Douwe wer midden oer ’e tsjerke to skodholjen, en
do sei Domenij fen de stoel ôf: “Als het jou niet aanstaat, ga er dan
uit, Douwe.”—“It waerd ek al hege tiid,” sei Douwe lûd op, en hy is ’er
út gien, en hat noait wer yn tsjerke ef klûs west; en ik leau det it ek
goed for him is, sa lang as hy gjin mear forstân kriget en dêr wirdt hy
nou al to âld ta. Do er dêr sa hwet in jier twa op ’e Marshoarne wenne
hie, do roun er op in moarntiid om saun ûre nei Poppinwier ta, mei in
nij sarjes rokje oan, en in moai blau damasten ûnderbaitsje mei
silveren knopen oan, en alle man sei: sa, Douwe, jy forkomme derop; mar
Douwe sei altyd mar: sterven is myn gewin. Sa roun hy nei de smid en
nei de timmerman; by de bakker kocht hy in stik koeke, en hwer Douwe
kaem, altyd wier ’t: sterven is myn gewin. Douwe gong werom en de deis
do kaem it út, det syn âld omke dy nachts stoarn wier, en dêr hie hy dy
klean fen kocht, mar dy koe de âld man hâlde oan syn dea ta.
[Yllustraasje: DOUWE UNDER ’E KOER WEISONGEN.]
Ik wier do dyaken en ik tochte, do ’k dat hearde: dou biste dochs sa
gek net aste wol likeste; ik gong nei him ta en sei: Douwe nou is dyn
omke dea en âlders haste net, wier it net better detste dy wer oan ’t
arbeidzjen joechste? Dyn moeike is heal blyn en dou wirdste in
forskoveling.—Ja mar, Age-boer, sei Douwe, goede wirken kinne my dochs
net helpe.—Dy kinne dy sa folle helpe, detste dyn eigen brea ite
kinste; en oars moaste it gau fen de dyakens hawwe, en den wirdste
troch it marchhoarntsje foerre, dat siz ik dy. Douwe joech him oan ’t
arbeidzjen, en hy hat nearne oer praten as yn de earste ongetiid. Do
sei hy: yn de Marshoarne hie ik it better, boer; dêr laei ik ûnder de
appelbeam as ’t waerm wier. En nou is it in bêst feint, sadet de âlde
ljue nin better krije kinne. Mar hjir komt er net mear; myn âldste
jonge dy hat it mei him fordoarn; dat moeit my al hwet, hwent it is nou
oars in goed tsjinstich feint.”
“Ho wier dat, sei de Jonker; ho is dat komd?”
“Ja, jonge, fortel dou dat mar; ik scil wat bier helje.”
“Wel, Jonker, sei Auke, “de âld boer hie in nij hynzer kocht en dy knol
wier kolderich en damsteech, en as dy it mâl yn ’t hoarn krige, den woe
den donder foarút noch tobek; in igewige wier it, sa’n pismerrie! En do
waerd Gerben Slingermouwe helle, sa’n divelbander, en dy hat in foech
ûre mei de guds allinne yn ’t hok wêst; dy hat him bispritsen en do
hjitte it beest goed. Mar do rekke ik mei Douwe oan ’t praet oer dat
bisprekken. Bisprekke, sei ik do, kin ik net, mar bisjonge dat nim ik
oan. As jy, sei ’k tsjin Douwe, ûnder in turfkoer sitten geane, dêr
kinn’ jy wol ûnder bliuwe sa lang as ik stil bin, mar as ik bigjin to
sjongen, den moatte jy der ûnder wei, al woe de kweade jy keare. Hy
gong ûnder de koer en do rôp er: sjong nou mar. Ik song earst in bytsje
ut, re, mi, mar do bigoun ik Wilhelmus, en do smiet ús feint in great
boarnamer fol wetter op dy koer. Rimpen fleach er ûnder de koer wei;
razend wier de man, en hy woe my to liif, mar ik wier al op ’e flucht.
Sont is er skou fen ús hûs en ik mij him ek: hwent as er it mâl fel
oantsjocht, den ontsjocht er neat.”
Dêr kaem Age-boer oantôgjen mei in great kanne mei bier, en dy sette hy
tichte by it brânnende krystblok del. “Sie sa, Jonker, sei de boer, it
bier moat hwet bikomme; it is oars to kâld yn de tosken: hâld jy der
folle fen, Jonker?”—“Ik drink hast net oars: myn sisters op it Slot
bigjinne nou mei _koffy_, dat is Turksk drinken. Nou, hja kinne it om
my de Turken wol hâlde litte; en den prate hja ek fen _thé_, dat
bigjinne inkelde foarname ljue ek to drinken, mar dat haw ik yet net
preaun, boer. Dat moatte blêdden wêze, dêr hja siedend wetter op
jitte.”—“Ja, sei Age-boer, “der wirdt hwet úttocht om it jild. Né, bier
drinke wy as wy frjeonen hawwe ef op heechtiden, mar oars komt de
sûpmogge op de tafel, en winters set elts in kop fol by it hirdtsje: de
bern hawwe neat ljeaver as kâld wetter.”—“Ja, sei de Jonker, “der is ek
neat better as men toarst hat, en it wier to winskjen det folle ljue
dêryn mar bern bleaun wierne.”
“Mar hwer is Clare?” sei er yn ien azem wei.—“Dy is yn de oare keamer,
sei de boer; “wolle wy ’ris by hjar sjen?”—“Nou ja, heit, sei Clare,
“dêr moatte jimme my wer steure; it laeit er hjir ek al moai hinne om
nou de Jonker hjir to bringen.” Dêr stie dy moaije faem foar in hele
tafel fol krystwiggen en bindels flaeks en dêr boun hja briefkes oan.
“Kom, sei Clare, gean mar wer nei it krystblok ta; dêr is it better for
jimme as hjir.”—Wy scille om sizzen jaen, Jonker, sei Age-boer; “mar
dou moast hjir ek net lang bliuwe; it wirdt to kâld for dy,
frou.”—“Hwet docht se dêr mei al dy krystwiggen en dat flaeks en dy
klean?” frege de Jonker do. “Wel, dat binn’ krysttiidsgeskinken, dy hja
oan earme widdouwen jowt, en it flaeks dat spinne hja sa hwet for hjar;
dêr makket hja dy earme ljue bliid mei; dy sloven binne gek om dat
fanke; hja patsje hjar de hânnen as hja it hjar jowt, binammen hjar
oare mem yn Terherne.”
Nou, hja kamen wer by de hird en Clare ek; der sieten al twa fen de
jonkjes to knikkeboljen; it krystblok krige hjar yn de macht. “Ja, sei
de Jonker, “it mantsje mei sân hat der wêst.”—“In mantsje mei sân! sei
in jonkje fen saun jier; hwet is dat?” “Ik scil it dy forhelje,” wier
it antwird, en do waerd de jongste fen fiif jier ek wekker, en do
bigoun de Jonker dit forteltsje. “It is in rymstikje; jimme moatte goed
tahearre,” en de jonges lûkten de eagen op en harkene nei de Jonker mei
de mûlen iepen.
IT MANTSJE MEI SâN.
Der wier alear in âld Keuning,
Dat wier in stoefen faer,
En dy bispriek de geesten,
It wier in tovenaer.
En yn syn silveren widze,
Yn side en plomkes dêr lei
Syn ljeaf reawangich soantsje,
Dat kriet mar jimmerwei.
Dy batske Keuning forflokte
Dat harderke fen in soan,
Biswarde de kweade geesten
En spriek it sânmantsje oan.
“O sânmanke! kom ’ris harren,
Strui sân him yn ’t gesicht.
Toe, rôp dy âlde Keuning,
Slút him syn eagen ticht.”
It mantsje mei sân kaem riden
Mei mûskes foar de wein;
Yn ’t weintsje fen goud en side
Dêr siet hy sa edel, sa kein.
En oan syn moai rea rokje
Dêr hongen twa pûdtsjes oan:
It iene wier swarter as ierde,
It oare sa wyt en sa skoan.
Hy naem út it wite pûdtsje
Mar trije kerreltsjes sân,
En struide it yn syn eachjes,
Do gyng er wer nei syn lân.
En ’t berntsje wreau syn eagen,
Syn earmkes waerden slop:
De sliep bifong syn lidden,
En ’t kin foel yn it krop.
En yn sa’n sêften doeze
Laei hy de hele nacht.
Dêr laei dy lytse koeze:
Gods ingels hâldden de wacht.
Sa rôp hy nou alle jounen:
“O sânmanke, sânmanke kom!”
En as de berneklok lette,
Den rekke dat bern yn de slom.
Mar ’t boike waerd bâlstjûrich
En gûlde en tiere him sa;
Do gong dy wrede Keuning
Sels nei de sânman ta.
“Och, sânmanke, sei de Keuning,
“Witstou ek rie mei ’t bern?
Och, smyt him sân yn de eagen,
Al scil hy noait wer sjen.”
Do naem hy trije kerltsjes
Ut ’t swarte pûdtsje wei,
En smiet it him yn de eachjes,
Dy dêr to grinen lei.
En ’t boike slútte syn eachjes,
De eachslidden foelen yn.
Hy die se noait wer iepen:
It Keuningsbern wier blyn.
De lytse jonges krûpten omtrint yn elkoarren, do hja dit stikje
hearden, en gongen dalik nei bêd, hwer de sliep hjar gau oermastere.
“Mar ik haw dy niis sjongen heard,
Clare,” sei de Jonker; “meije wy dat yet ’ris hearre? Hwet sankje wier
dat?” “Och, sei Clare, “ús master bringt ús alle krystjounen in
gedicht, lyk as de bern oan hjar âlders dwaen, en den bliuwt hy sa’n
joun by ús to praten. Forline jier hat er ús brocht dat jy niis heard
hawwe, en dêr hawwe wy sa hwet in wize op úttocht. Hjir is it; ik scil
it jo wol foarlêze; it is oars mar in droevich lietsje: master hat
earnstich west; hy hat wis nin jild hawn om wyn to keapjen; dy mei er
razende graech, en den bigjint hy altiid to rimen en to sjongen. Nou,
hark den mar ’ris, Jonker.”
Clare bigjint to lêzen: