FOARWIRD.

_Ik hab my by it opstellen fen dit stik altyd sels de plicht oplein om

sa to skriuwen, det men der net fen sizze kin, men kin taeste en fiele

det it leugens binne. Jinwirch skriuwt men sa net, en men steurt yen

net oan onwierskynlikheden, en dat kin ik net lije. “Yn de fabel sels

moat de wierheit hearskje,” seit in Franskman. De twa forteltsjes fen

master_ _Tsjerk_ _binne by de wierheit troch, mar dat is mar om de bern

to formeitsjen: dy binne fen in âld Dútske beam plôke, dy by de Hearen_

_Grimm_ _yn it hôf stiet. Al it oare wirk is út myn eigen holle

foartkomd, en ik biëagje neat mei myn skriuwen, as om myn Fryske

lânsljue in noflike pear ûren to bisoargjen._

_Nim it for ljeaf: it is fen in griis man, dy de wrâld yn it koart

forlitte moat._

_Grou_, 28 Maeije 1856.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 219 / 279 题