WOLKOM YN FRYSLAN.

Ho! Wolkom, trijris wolkom, Keuning!

Hjir op de âlde Fryske groun,

By ’t folk, troch alle ieuwen hinne,

As from forneamd de wrâld yn ’t roun.

Ald Fryslân is fen âlde tiden

’t Forskûl fen frije helden west,

Hwer se efter poelen en struwellen

Ofsloegen alle frjemde lêst.

It lân waerd troch de sé regearre,

En ’t folkje fluchtte op terp en wier;

It koaikjen en de fiskerije

Wier ’t earme folk hjar greatst fortier.

Mar dochs, ho faek de wylde weagen

Hjar bûken mei in iizren hân,

Koe need noch dea hjar oait fortokje

Fen de achting for dit âlde lân.

Sjen nou dit lân, hwer jy op geane,

Dat ophelle is út gulle sé;

Hwer binne brûzender lânsdouwen,

Oerspriede mei sok hearlik fé?

It noat dat rôllet oer de lânnen,

De beammen bûge fen hjar fracht,

De hynzers drave oer de wegen,

It blinkt jo tsjin yn folle pracht.

Dat hawwe de âlde Friezen makke

Troch taei gedild en iizren flyt;

In paradiis fen sompen makke,

’t Gebouns fen de oceäen ta spyt.

Yet rint dit âlde bloed troch de ieren

Fen ’t Fryske folk, dat jo sa eart,

En dat it hert opljept fen freugde,

Nou hjar in Held it lân regeart.

Wêz’ wolkom, bêste Keuninginne!

Fen deugd it foarbyld fen ús lân,

Dy sels de wounen fen de krigers

Forboun hat mei in sêfte hân.

Wêz’ wolkom, jonge faem, Princesse!

Sa roppe Fryske famkes nou;

Wy wolle graech jins fammen wirde,

Jy wirde wis in goede frou.

O Keuning! mocht jo God op ierde

In lang en sillich libben jaen,

It lân yn frede bloeije litte,

En noait mei swiere pleagen slaen!

Dat is de winsk fen de echte Friezen;

Den wirdt dit lân in lust for jo,

En ’t folk scil jo, oan ’t lette grêf ta,

Forearje en tsjinje froed en trou.

Dêrom, o Keuning en Princessen!

Tink nou mar: wy binne út-fen-hûs;

Formeitsje jimme hjir ris tige,

As bern yn de âlderlike klûs.

Wy hâlde net fen folle noadzjen;

Mar, hawwe jimme it hjir nei ’t sin,

Kom den ris op in oare tiid wer,

Mei ’t hele Keunings-húsgesin.

Rimen en Teltsjes · 第 214 / 279 题