_Douwe._ Mar, Master! Master! scille jy dat dy greate ljue sa mar
foarlêze yn ús boeretael? Hja scille miene, det wy hjar foar ’t
soaltsje hawwe wolle; ik frees it scil jo forkeard ôfgean.
_Master._ En ik leau it heel net. As de Keuning my dat kwealik ôfnaem,
den wier er net felle wiis; hwent wy sprekke in tael, dy sa âld is as
it lân dêr wy yn wenje, en licht wol âlder. En dêrby, ús foarâlders
sprieken hjar, en dêr lykje wy wol oan, mar wy binne der net mear by to
forgelykjen. Hird en sterk, rûch en onbiheind wierne hja; mar it wierne
kearels, dy stoene fêst as in peal boppe wetter; en fen sokke ljue
hâldt ús Keuning ommers. En scoe syn Majesteit it my nou kwealik
ôfnimme, as ik him yn de tael oanspriek, dy troch sokke ljue spritsen
is? Ik leau it net, Douwe!
_Beik._ Mar, Master! is dat wier, hwet jy der niis yn it rymke seinen
fen de Keuninginne?
_Master._ Ja, wol wier, Beik! Hja hat sels mei folle kosten for de
earme soldaten, dy yn de lêste kriich in earm ef in skonk ôfsketten
wier, in hûs ynromd, hwer det dy minsken holpen waerden; en dêr kaem
hja sels meast alle dagen yn, en forboun sels wol ris in inkelde mei.
En as dy minsken dêr den genêzen útgongen, den waerd hjar neijerhân in
gnap stik jild ôfsein, sa lang as hjar libben dûrret, dêr sy yet mei
wiif en bern in aerdich ynstruijinkje fen hawwe. Ik wit sokke wol, en
dy scoene dat bêste minske wol op hânnen drage, ja, yn de dea scoene se
derfor gean.
_Beik._ Och Heare! Master, hwet binne dat bêste minsken.
_Master._ Ja, út it kâlde Ruslân komme ek wol ’ris waerme christelike
herten.
_Beik._ Nou, it is der allike folle om, mar sokke bêste minsken scoe ik
dochs wol ’ris in dei mennich út-fen-hûs hawwe wolle.
_Douwe._ Dêr waerdste sa skjin mei forlegen, detste dy sels gjin rie
wiste; dou rekkeste der sa skjin yn wei, detste net mear wiste hwetste
dieste. Mienstou det dy ljue iten ite as wy; hwet scoeste hjar
foarsette?
_Beik._ Wel, ik scoe iel en ierdappels opdisse, den in skinke mei
eartepûllen en blomkoal, en ta in neigeset in fikse boffert, ripe
kersen en ierdbeijen; en den scoe ’k dy jongfaem, dy Princesse, dy scoe
ik rizenbrij mei sûker en bûter en pypkaniel jaen.
_Douwe._ Nou, ik hear wol oan dy, dy ljue scoene wol genôch krije; dou
pijste en perseste it de ljue ek genôch ta, en den wierste hjar ek gau
kwyt. Mar ien ding wier yette it slimste. Sokke greate, rike, machtige
ljue dy wolle ek rejeal wêze, en dy noadden ús ek wis yn den Haech
werom út-fen-hûs. Dat wier for my lang sa bryk net as for dy; ik koe
mei de Keuning oer de bêste rydhynzers prate, hwent dêr hâlde wy beide
fen; en wy koene ris út to riden gean; mar dou hast neat leard as
tsjernjen en bûterheinen en meltsjen, hwet scoeste bigjinne? Nou, siz
ik gjin wierheit, wiif?
_Beik._ O ja, dêr waerd ik mei forlegen; ik kin ek sa lang net fen it
hoarnleger. Mar ik woe hjar dochs wol in deugd dwaen.
_Douwe._ Nou, den wit ik rie; wy moatte hjar yn ’t forfolch elts in
presint dwaen; liket jy dat ek net goed ta, Master?
_Master._ Ja, mar ik kin net folle jaen; fen dat boekstaverjen mei de
jonges sjit net folle oer; mar ik wit rie: ik kin goed aei-siikje, ik
stjûr hûndert ljipaeyen nei den Haech.
_Douwe._ Fiks bitocht, Master. En dou makkeste in bêst kynsen bûter,
Beik! woste dat dwaen?
_Beik._ Jo wol in fjirder, as ik mar net nei den Haech hoef to
reisgjen. Mar hwet scilstou den jaen?
_Douwe._ Wel, ik haw forline jier in ongetider hawn, dy hie skutter yn
de kamp west, en dy hat my forhelle, det ús Keuning in earste
hynstepresser wier; hy siet op it hynzer, sei er, eft er der op floerre
wier; en hy fleach oer de heide op sa’n meageren igewige fen in guds,
det it sân yn de loft opstau; der wier net ien dy sa hird koe. Nou wol
ik him myn brúntsje jaen; in edel dier ûnder de man: dat moat er ha,
dêr kin er yet ris mei pronkje.
_Master._ Mar ho sit it, kin ik ek mei jo nei Ljouwert ride, as ús
Keuning dêr komt? hwent dat ding moat ik foarlêze.
_Douwe._ Heel wol; mar jy bigripe, den moat dy moaije lange
brêgemansrôk en de tripen broek oan; de greate kûtgaspen en de gouden
gasp op ’e hoed moatte net forgetten wirde; en it scil bêst wêze, det
Domenij ek mei rydt: mei ús beiden binne wy dochs mar just bitroud,
hwent myn wiif woe mei de lytste bern ride.
_Master._ Kom, it wirdt wer gekheit, joun jimme!
_Douwe_ en _Beik._ Ek joun, Master!