_Douwe._ Wel wiif, ik moat dy sizze, detste dy fen dizze wike hwet
opskranderje moaste, en reagje en klinsgje it hele hûs út, fen ûnderen
ta boppe de nael út.
_Beik._ Wel, hwet komt my nou oer? Oars biste sa eang fen it
húshimmeljen, det ik dy net kom to hearren ef to sjen as dat wirk oer
de flier is.
_Douwe._ Siz net to folle, âlde! Forline jier haw ik al de goatten om
it hûs yette for dy útskrobbe; mar ja, as ik myn sin krige, den woe ik
mar om de saun jier ienris húshimmelje. De earste dei twa woe ik
boelgûd hâlde—dat binne plezierige dagen:—al it âld gûd scoe foart; en
den woe ik in ûre ef tsjien, toalf mei de brânspuit yn it hûs om
regemintsje, det ’er gjin stofke yn bleau, en gjin spin yn it libben.
_Beik._ Ja, ja, heite, praet dou mar foart; it bêste der fen is, det
gjin minske it leaut. Mar jimme manljue scoene al rare dingen wirde, as
wy frouljue net heisterje en laepje mochten. Jimme kamen skielik yn
jimme eigen ongemak om, en de iene lape sloech de oare. Men kin de
manljue der altyd út, dy sokke smoarge têsten fen frouljue hawwe. Mar
hwerom wolste nou sa mei alle geweld it hûs skjin hawwe?
_Douwe._ Dat haw ik nou sa mar bigrepen; en dou moaste dyn moaiste
pakje en dyn gnapste flodder mar klear hâlde.
_Beik._ Nuver, nuver is ’t; mar hwet scil dat nou bitsjutte, Douwe! Dou
koeste my wol for de gek hâlde, en sizze: altyd reageste for dyn eigen
pleizier yn it hûs om, dwaen it nou ris for myn plezier; der wierste
neat to goed ta; en den my yn ’t ein der yet in poas by útlaeitsje, dat
hie ik ’er yet op ta; siz my, hwet moat dat bitsjutte?
_Douwe._ Dat bitsjut, det as men út-fen-hûzers kriget, den moat de boel
ommers himmel en skjin wêze. Nou, honke! wy krije trije út-fen-hûzers,
en licht wol fjouwer, en foarname ljue der by!
_Beik._ Wel, sa kin ik ’t net oan! Ut-fen-hûzers! en greate ljue dêr
by? dêr haw ik it net grien op, Douwe! hwent it rint ek tsjin de
Ljouwerter merke, en dou noadeste mar bûten myn witten om; né, ik bin
gjin tel mear!
_Douwe._ Bidarje, wyfke! aste wiste hwet foarname ljue it wierne, den
scoeste sa net prate. Mar hark, dêr giet de doar, scoene se dêr al
wêze? O, it is Master!
_Master._ Joun jimme! Mei ik jimme wol hwette nijs forhelje?
_Beik._ As ’t hwet goeds is, ja, graech den, Master.
_Master._ Den moat ik jimme forhelje, det wy trije foarname
út-fen-hûzers hjir yn _Fryslân_ krije; hja sizze, det ús Keuning hjir
komt en de Keuninginne mei hjar dochter, en licht ek in soan yette, mar
dat witte se net klear.
_Douwe._ Sjoch, sjoch, Master! jy forbruije hjir de hele boel; ik woe
myn wiif ris narje en to fiter hawwe.
_Beik._ Dêr scoeste my wer ris moai bitrekke: mar, ja wol, Master
bringt it út. Binne dat nou dy trije foarname út-fen-hûzers? Dat giet
_ús_ ommers net oan? Douwe seit, det se by _ús_ út-fen-hûs komme
scille; dat is ommers net wier, wol Master?
_Master._ Ja wol, wy binne ommers Friezen! Wel nou, sy komme by jo, by
my en by alle Friezen út-fen-hûs, en wy moatte mar it bêste en skjinste
plakje fen ús hert for hjar rom hâlde, mar jins hûs mei dêrom ek wol
skjin en klear bliuwe: hwent jimme wenje oan de wei, en as de Keuning
hjir ris troch kaem to riden, en de man dy krige ris toarst, en frege
jo ris om in swolch kâld wetter ef swiete sûpe, en hy kaem ris by jo yn
hûs en foun hjir de boel ris heibeijich hinne lizzen, den wierne jy
ommers skjin forlegen, Beik! Dêrom pas op en hâld de boel klear.
_Beik._ Ja wol, sa’n great fornaem hear scoe fen _ús_ sûpe ef wetter
drinke! dat scoe him sa nij bikomme as fleanen.
_Master._ Hwerom net? Do de Keuning yette feint wier, do hat er wakker
yn dat hjitte _Spanjen_ omramaeid tsjin de Frânsken: do hat er wis wol
ris in heale rider for in friske dronk kâld wetter jaen wold, as se dêr
twisken dy hege bergen sieten; ek wol by _Waterloo_ en noch lêst by
_Leuven_, dêr se ’t krap hiene. En mien’ jy, det in âld soldaet ’er om
jowt _hwa_ him to drinken jowt, in gnappe Fryske boerinne ef in
prinsesse?
_Beik._ Fij, Master! in âld soldaet sizz’ je; jy bylde dy goede man al
nuver ôf.
_Master._ In goed man, ja wol; mar ik wol ljeaver tsjin him ite as
tsjin him fjochte. Do’r by _Waterloo_ de koegel troch it skouder krige,
do scoe er him de fingers-einen wol ôfbiten hawwe, sa heislike lilk
wier de man, det er de oare deis net wer mei syn folk ’er op los koe.
_Douwe._ En ik scoe bliid west hawwe, as ik ’er mei in feardige skamper
ôfkaem!
_Beik._ Ja, dou biste altyd in hird man west tsjin in weak tsjiis. Mar,
Master! is de Keuning oars in goed man?
_Master._ Krekt lyk as alle helden (krekt as ús greate _de Ruiter_ ek
wier). Dy binne, sa lang as hja mei hjar fyanden wedde binne, sa troch
alles hinne fûleindich, det ’er hâlden noch kearen oan is, en neijerhân
binne hja sa goed as se heech binne. En det de man goed is, sjocht men
oan syn wirk; hy wol it goede, en is it ’er yet net, hy siket ’er om,
en dat is to priisgjen yn de man, en dêrom scil er ek in plomke fen my
hawwe.
_Douwe._ Scil de Keuning in plomke fen jo hawwe! Wel man, hwer scil dat
yn bistean?
_Master._ Wel, ik scil him in rymke foarlêze.
_Douwe._ Nou, dat is jins minste wirk net; mar pas op, Master, en stek
de man net al to folle yn de hichte: hwent flaeid wirde dy ljue rju
genôch, en trochstrings to folle.
_Master._ Dat docht in goe’ Fries net; dêr scil ik op passe; hwent it
komt út it hert foart, en ik dwaen it net om hwette to freegjen. Hear
mar ris!