DE FOARNAME UT-FEN-HUZERS YN FRYSLAN.[66]

_Lânsljue!_

_De ûtwrydskheit heart net by ús thús; dêrom krije wy de namme wol ris,

det wy lang gjin frjeonlike minsken binne. It poeihaei, dat ’er yn ús

dagen makke wirdt mei it oankommen fen in Keuning ef Prins, heart ek yn

ús dagen thús: by de iene, omdet er in fortoaning meitsje wol det er

folle jild hat; by de oare, omdet s’ er mei forlegen binne; mar by de

measte, omdet s’ er nei siikje, ef to minsten om de ginst. Mar

ongelokkich sjocht men ek, det dy greate roppers en razers de earste

binne, dy in oare flagge waeije litte, as it hjar Keuning tsjinrint. It

echte Fryske aerd is stadiger; fen dat aerd jow ik hjir in priuwke. Lêz

it; en dêr it it wirk is fen in liddich hjildei, sa siikje der neat yn

as de wille om jimme yn dizze freugdetiid op to fleurjen, en de Keuning

en syn hûsgesin op myn wize de eare oan to dwaen, dy sokke hege ljue

takomt._

Grou, July 1841.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 212 / 279 题